Ernst Julius Röhm (München, 28 novimber 1887 - dêre, 30 juny 1934) wie lieder fan de Sturmabteilung fan de NSDAP fan 1921 oant 1934. Ek wie hy hiel koart in minister ûnder it bewâld fan Adolf Hitler.

Ernst Röhm yn 1929

Röhm hat tidens de Earste Wrâldkriich fochten yn it Dútske leger en klom op ta Hauptmann. Yn de kriich waard in stik fan syn noas weislein troch in granaatskerf. Fan 1919 ôf tsjinne hy yn it Frijkorps Ritter von Epp, dat belutsen wie by de ûnderdrukking fan de Beierske revolúsje yn it foarjier fan 1919. Yn 1921 waard hy de sjef fan de troch Adolf Hitler oprjochte Sturmabteilung (SA). Under syn lieding groeide de SA út ta in terreurorganisaasje dy’t foarnamelik kommunisten lestich foel. By de Bierkellerputsch fan 1923 wie Röhm degene dy’t soarge hie foar de wapens en de SA spile in grutte rôl yn de opstân. Yn 1926 waard der yn de SA in privee ferdigeningsgroep oprjochten om Adolf Hitler te beskermjen (ek tsjin de SA), de SS. Dizze groep kaam letter ûnder it bewâld fan Reichsfuhrer-SS Heinrich Himmler.

Röhm hie de NSDAP sjoen as in middel om it leger en de Freikorpsen ynfloed krije te litten yn de polityk. Hy seach himsels net as ûndergeskikte oan Hitler, mar mear as in mentor. Hitler hie altyd al beswieren tsjin de grutte rol fan de SA yn de partij, mar hy hie de beweging ek nedich. As oarde hanthaveners en útsmiters wie de SA nuttich, mar se foarmen fan it begjin ôf in machtsbolwurk wat lojaal wie oan Röhm. Hitler wist Röhm en syn SA ta hearigenss te twingen wêrop Röhm teloarsteld wie en syn ûntslach oanbea. Dêrop gie hy nei Súd-Amearika. Fan 1928 oant 1930 tsjinne hy as offisier, ferantwurdlik foar de oplieding fan it Boliviaanske leger yn Bolivia. Nei syn weromkomst yn Dútslân waard hy troch Hitler beneamd ta stafsjef fan de SA. Yn 1933 kearde Röhm werom nei syn SA. Nei 1933 groeide de SA sterk troch de tastream fan opportunisten dy’t karriêre meitsje woenen.

Neidat Hitler de macht oernaam yn jannewaris 1933 waard Röhm ryksminister sûnder portefeuille. Hitler woe Röhm derfan oertsjûgje dat de SA in ûnderdiel wurde moast fan it Dútske leger, mar dit wegere hy. De SA wie nedich neffens Röhm om de ‘sosjale revolúsje’ yn Dútslân te begjinnen en it kapitalisme te ferdriuwen. Hitler dy’t just de stipe nedich hie fan de grutte bedriuwen en it Leger sette Röhm ûnder druk. Mar it holp neat. Doe hat Hitler in idee smeid om him út de wei te romjen. Hy sei dat Röhm him fermoardzje woe en ek brûkte hy it feit dat Röhm homoseksueel wie, wat him earst neat skille koe.

Ein juny liet Hitler, yn 'e Nacht fan de Lange Messen Röhm yn 'e finzenis goaie. De SS-manlju dy’t him yn it tichthûs setten, joegen him in pistoal sadat er him sels om hals bringe koe. Mar doe't se werom kamen, hied er dat net dien. Röhm wegere om mei nei de eksekúsjeplak, en is doe deasketten yn syn sel.