De SS of Schutzstaffel der NSDAP waard yn 1925 oprjochte as liifwacht fan Adolf Hitler. De earste SS-lieder mei de titel Reichsführer-SS wie Joseph Berchtold, syn opfolger wie Erhard Heiden mei Heinrich Himmler as plakferfanger. Op 6 jannewaris 1929 wurdt Himmler Reichsführer-SS.

SS logo

Foar de Twadde Wrâldkriich wie de SS in paramilitêre organisaasje fan de NSDAP. De SS hie syn eigen unifoarmen en militêre rangen. Dêrneist is de SS bekend wurden om syn nuvere ideologyen oer rasseskieding en om syn eigensinnige rituelen.

Yn de Twadde Wrâldkriich wie de Waffen-SS it elitekorps fan it Dútske leger, de SS-Totenkopfverbände wie ferantwurdlik foar de útfiering fan de Holocaust, de Sicherheitsdienst mei dêrûnder de Gestapo moasten de ynljochtingen sammelje en in geheime plysjetaak útfiere.

De Allgemeine SS wie in sivyl ûnderdiel fan de SS, dat ferantwurdlik wie foar de administraasje. Nederlân hie yn it tiidrek 1940-1945, lykas in protte oare Europeeske lannen, syn eigen Nederlânske SS.

By de Neurenberger prosessen waard de SS formeel ta kriminele organisaasje ferklearre.[1]

Bekende SS'ers bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hoser, Paul, Historisches Lexikon Bayerns