Slach om Berlyn
Part fan de Twadde Wrâldkriich
datum: 16 april 1945 - 2 maaie 1945
plak: Berlyn, Dútslân
útkomst: Sowjet-oerwinning
konfliktpartijen
Sowjetuny
Poalen
Dútslân
befelhawwers
Georgi Zjoekov
Konstantin Rokossovski
Ivan Konev
Gotthard Heinrici
Kurt von Tippelskirch
Ferdinand Schörner
Hellmuth Reymann
Helmuth Weidling
sterkte
2 500 000 soldaten
6250 tanks
7500 fleantugen
766 750 soldaten
1519 tanks
2224 fleantugen
ferliezen
81 116 dea
280 281 ferwûne
458 080 dea
479 298 finzen

De Slach om Berlyn wie yn 'e maitiid fan 1945 ien fan de lêste grutte militêre ûndernimmens fan de Twadde Wrâldkriich. Mear as 300.000 soldaten en sivilisten binne yn de slach dearekke. Adolf Hitler die himsels tekoart op 30 april 1945. De film Der Untergang giet oer it libben yn de Führerbunker yn de Slach om Berlyn.

It Sowjetoffensyf hie twa doelen:

  1. It feroverjen fan de haadstêd fan Nazi-Dútslân.
  2. Stalin woe sa snel mooglik gebiet feroverje omdat er wist dat de alliearden harren gebieten net oan de Sowjets jaan soenen.

De twa doelstellings wienen nau oan elkoar besibbe omdat de Sowjets sûnder Berlyn gjin macht yn de regio hienen. Dêrneist woenen de Sowjets it lichem fan Adolf Hitler en safolle mooglik strategysk materiaal en Dútske wittenskippers. Op 6 maart beneamde Hitler Luitenant Generaal Helmuth Reymann ta befelhawwer fan it ferdigeningsgebiet Berlyn. Reymann kaam yn it stee fan Bruno Ritter von Hauenschild. Op 20 maart waard Generaal Gotthard Heinrici beneamd ta befelhawwer fan de Weichsel-ferdigeningsgroep. Hy kaam yn it stee fan Heinrich Himmler. Heinrici wie bekend om syn goede definsive plannnen. Nei syn beneaming sette er fuort útein om ferdigeningsplannen foar Berlyn te meitsjen. Heinrici sei al foar it Sowjet offensyf dat hja oer rivier de Oder komme soenen, en dan oer de east-west-autobahn fan Breslau nei Berlyn op de stêd oan tôgje soenen. In tinne ferdigeningsliny sette hy del by de oeren fan de Oder. Ynstee fan in sterke ferdigeningsliny oan de Oder brûkte Heinrice de Seelowhichten, dêr't se sicht hienen op de Oder en de autobahn dêroerhinne. Dy posysje lei 17 km westlik fan de Oder en 90 km eastlik fan Berlyn. Heinrici helle ek soldaten fan oare liny's om de troepen op de hichten te fersterkjen. De Dútske yngenieurs makken fan de Oder in sompegebiet. Tusken de sompen fan Oder en Berlyn kamen trije ferdigeningslinys.

 
Alliearde offensiven (read) tsjin Dútslân (blau) yn it tiidrek 1943-1945.

Foar de Slach om Berlyn hienen de Russen likernôch 2,5 miljoen soldaten (mei stypjende ienheden), 6.000 pânsers, 7.500 fleanmasinen en it stiks artillery wurdt oer de 10.000 hinne rûsd. De Dútsers hienen slim skansearre ienheden fan de Wehrmacht, de Waffen-SS en de algemiene SS. De Volkssturm waard ek ynset om Berlyn te ferdigenjen, mar dat wienen jonge militêren sûnder erfaring tusken de 14 en 16 jier mei wat âlderein. Meiïnoar hienen de Dútsers in miljoen soldaten en 800 pânsers, se hienen net folle fleanmasinen. Stypjende ienheden hienen de Dútsers hast net en brânstof en munysje wie hast op. De sivile befolking fan Berlyn waard yn 1939 op 4,3 miljoen minsken rûsd, it ynwennertal fan 2,7 miljoen minsken yn 1945 wie suver de helte minder. Twa-tredde part fan de ynwenners yn 1945 wie froulik, yn ferskate leeftydskategoryen. It tredde part fan de befolking wie manlik, mar dat wienen bern en jongerein oant 16 en âlde mannen fan oer de sechtich. Yn de alve wiken foar de slacht wienen sa'n 200.000 Berliners flechte of stoarn troch bombardeminten fan de westlike alliearden.

Slach by de Oder-Neisse

bewurkje seksje
 
Sowjet artillery bûten Berlyn

De Slach om de Oder-Neisse spile him foar it grutste diel ôf op de Seelowhichten, de lêste grutte ferdigening foar Berlyn. De Slach om de Seelowhichten begûn op 16 april en duorre fjouwer dagen, 100.000 Dútsers moasten in miljoen Russen en 20.000 pânsers keare mar dat besykjen wie fergees. Foar de Dútsers wie de Slach om de Oder-Neisse wol in lyts súkses, de Dútsers hienen 12.000 deaden oerholden oan de slach wylst der 30.000 Russen stoaren. Op 19 april bruts it Wyt-Russyske front troch de Dútske liny's fan de Seelowhichten. Tusken de Oder en Berlyn hienen de Sowjets neat gjin drokte mei de heale Dútske formaasjes. It grutste diel fan it Reade Leger teach op Berlyn oan, in lyts part gong om de stêd hinne fierder nei rivier de Elbe om de Amerikanen temjitte te kommen. It njoggende Dútske leger waard ynsletten by Frankfurt oan de Oder. It Dútske njoggende leger besocht nei it westen ta te kommen om wer by de oare Dútske troepen oan te sluten, dêrmei begûn de Slach om Halbe.

Besingeling fan Berlyn

bewurkje seksje

Op 20 april begûn de Sowjet artillery fan it Earste Wyt-Russyske Front mei it sjitten op de Dútske haadstêd. Hitler hie dy dei syn jierdei, en waard wekker mei it leven fan de Sowjet artillery. De Wyt-Russen soenen om 'e noardkant fan de stêd hinne en it Earste Oekraïnske Front gong fia it suden. Op 22 krige Hitler in briefing oer hoe't de sitewaasje der hinne lei foar de Dútsers, hy waard dûm fan lilkens en skreaude dat de kriich foar Dútslân ferlern wie. Alfred Jodl besocht Hitler del te bêdzjen troch te sizzen dat it Dútske tolfde leger him fan it westfront weromlûke koe om nei Berlyn. Hitler sei dat it mar oangean moast, en in pear oeren letter ferpleatste it tolfde leger him nei Berlyn. Op 24 april kamen it Wyt-Russyske front en it Oekraïnske front mekoar tsjin. It njoggende en tolfde Dútske leger koenen de stêd net mear yn. Op 25 april wienen de Sowjets binnen de ferdigeningsliny fan de stêd Berlyn.

Striid yn Berlyn

bewurkje seksje

Nei de besingeling fan Berlyn fersetten de 45.000 fan de Wehrmacht en de Waffen-SS har fûl tsjin de Sowjets. De Volkssturm moast mei panzerfausten en simpele gewearen tsjin de Sowjets fjochtsje. Op 30 april slagge it de Sowjets om de jûns yn de Reichstag te kommen, se moasten fan keamer ta keamer fjochtsje. De Dútsers hienen perfekte dekking yn de Reichstag omdat de rotsoai fan de brân fan 1934 der noch altyd lei. Twa dagen letter joegen de Dútsers belies en kaam de flagge fan de Sowjetuny op de Reichstag te stean. 30 april moarnsier kaam Weidling nei de Führerbunker om persoanlik oan Hitler te fertellen dat de ferdigening net genôch ammunysje hie foar de nacht. Hitler joech him permisje om út te brekken troch de linys fan it Reade Leger. De middeis dienen Adolf Hitler en syn oarehelte Eva Braun harsels tekoart en de liken waard krekt bûten de bunker ferbaarnd. Alhiel neffens it politike testamint fan Hitler waard Karl Dönitz nei syn dea Reichspräsident mei it Flensburch regear. Joseph Goebbels waard Reichskanzler. De ferdigeningsliny waard hieltyd tinner en de lêste 10.000 Dútske soldaten fochten op 30 april noch yn in lyts gebiet yn de binnenstêd. De oaredeis, 1 maaie, stjoerden de Dútsers in delegaasje om mei Generaal Chuikov te praten. Sy fertelden him dat Hitler dea wie en dat se ree wienen om te ûnderhanneljen oer in kapitulaasje, lykwols koenen se it net iens wurde oer de betingsten, de Sowjets woenen in folsleine kapitulaasje. Goebbels die himsels, syn oarehelte en bern tekoart. Troch de dea fan Goebbels koe Weidling de folsleine kapitulaasje dy't de Sowjets ha woenen net mear tekenje, hy soe him in dei letter oerjaan sadat it garnisoen fan Berlyn tiid hie om út te brekken.

Yn de nacht fan 1/2 maaie besochten de soldaten fan it garnisoen fan Berlyn om út te brekken yn trije ferksate rjochtingen. Allinnich de groep dy't nei it westen gong, troch Tiergarten oer de Charlottenbrücke nei Spandau, kaam troch de Sowjet liny om de binnenstêd. In lytse kloft Dútske soldaten dy't oant it lêst yn Berlyn fochten hien rêde it op om nei de westlike alliearden, de oaren waarden allegear deasketten troch de Sowjets yn de bûtenwiken fan Berlyn. Generaal Weidling joech him foarfêst oer op 2 maaie om 06:00 oere. Guon SS troepen fochten troch mar de gebouwen dêr't sy har taholden waarden hielendal ferneatige troch de Sowjets.

Nazi-Dútslân hie foar de slach al gjin kâns mear om it Reade Leger tsjin te hâlden. Hitler hie it befel jûn om troch te gean oant de lêste soldaat dea wêze soe. Tûzenen jonge minsken en âlde mannen ferlearen yn de lêste wiken fan de kriich harren libben as soldaten fan de Volkssturm. Ferrieders en pessismistyske sivilisten waarden yn de lêste dagen noch deamakke troch de SS. Stalin stjoerde likegoed tûzenen soldaten de dea yn omdat hy earder yn Berlyn wêze woe as de westlike Alliearden. Nazi-Dútslân koe yn de lêste dagen fan harren bestean net langer mear fan Berlyn út bestjoerd wurde. De opfolger fan Hitler, Karl Dönitz, wie yn de lêste pear dagen rykspresidint fan it oerbliuwsel fan Hitler syn ryk, it saneamde Flensburchregear. Dat de Dútske befolking benaud wie foar it Reade Leger docht bliken út it tal selsdeadingen ûnder de befolking. Allinnich yn it stedsdiel Pankow dienen 215 minsken harsels tekoart.

Krekte sifers oer deadetallen en ferwûnen binne net bekend. Neffens sifers fan de Russyske histoarikus Grigoriy Krivosheev binne der 81.116 soldaten fan it Reade Leger dearekke by de slach. 280.251 soldaten wienen siik of ferwûne. Sifers fan de Sowjets litte 458.080 deaden en 479.298 ferwûnen by it Dútske leger sjen. Neffens Dútske sifers wienen der sa’n 92.000 deaden en 100.000 ferwûnen. It deadetal ûnder de sivilisten is ûnbekend, mar der binne wierskynlik sa’n 125.000 weirekke yn ‘e slach.

Yn de gebieten dy’t troch it Reade Leger beset wienen waarden de belangrykste foarsjennings wer funksjoneel makke, wylst der noch fochten waard yn it sintrum fan de stêd. Transport koe de stêd yn noch út, en de stikken bombardearre riolen fersmoargen it drinkwetter. De Sowjets wiisden lokale Dútsers oan om regaad te meitsjen. Fierders makke it Reade Leger in goed punt mei it ferpartsjen fan iten. De measte Dútsers, sawol soldaten as sivilisten, wienen tankber foar it iten dat se krigen út de fjildkeukens. Generaal Berzarin joech dêr it befel ta. Nei de folsleine kaputilaasje fan Nazi-Dútslân gongen de Sowjets by alle doarren del om minsken yn unifoarm fêst te nimmen.

Dagen nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich kaam de wrake fan de soldaten fan it Reade Leger. De lieding hie wol tarieding dien om in eufory fan de oerwinning net troch alkohol yn aggressiviteit tsjin de sivile befolking einigje te litten. De Sowjets joegen it befel om plonderjende en ferkrêftsjende soldaten daliks foar it stekje komme te litten of fuortdaliks dea te sjitten. Ferskate soldaten ferkrêften froulju en der waarden ek minsken deamakke. It tal froulju dat ferkrêfte waard hinget tusken de 20.000 en 100.000. De befolking krige wol iten fan de Sowjets, mar dat wie yn maaie en juny 1945 noch te min. Fierders wienen sa likernôch ien miljoen minsken dakleas wurden.

  • Karl Bahm: Berlin 1945. DIe letzte Schlacht des Dritten Reichs, Kaiser Verlag, Klagenfurt 2002, ISBN 3-7043-5032-X Dútsk
  • Antony Beevor: Berlin 1945. Das Ende, Goldmann, 2005, ISBN 3-442-15313-1 Dútsk
  • Joachim Fest: Der Untergang. Hitler und des Ende des Dritten Reiches, Berlin 2003, ISBN 3-8286-0172-3 Dútsk
  • Cornelius Ryan: The Last Battle, Simon & Schuster Ltd 1995 ISBN 978-0-684-80329-6 Ingelsk
  • Helke Sander und Barbara Johr (Hrsg.): BeFreier und Befreite, Fischer, Frankfurt a.M. 2005, ISBN 3-596-16305-6 Dútsk
  • Der Untergang - Dútske spylfim oer de lêste dagen yn de Führerbunker

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Slach om Berlyn – foto, fideo en harktriemmen