Reade Leger

1917-1946

It Reade Leger wie fan 1918 oant 1991 it leger fan de Sowjetuny. Under it Reade Leger foel sawol de lânmacht as de loftmacht. Febrewaris 1946 waard de namme feroare yn Sowjetleger.

Wapen fan it Reade leger.

De skiednis fan it Reade Leger begjint mei de Russyske Boargeroarloch, doe't de Bolsjewisten (letter bekend as kommunisten) yn opstân kamen tsjin de Russyske tsaren. It hichtepunt fan de Russyske Boargeroarloch wie de Russyske Revolúsje, wêryn't de Bolsjewisten oan 'e macht kamen. It folksleger fan de Bolsjewisten yn de tiid fan de boargeroarloch en revolúsje hie de namme Reade Garde. Leon Trotski foarme de Reade Garde om ta it Reade Leger, mei help fan militêre saakkundigen fan it tsaristyske rezjym.

Foar de oprjochting fan it Reade Leger kinne twa datums op de Gregoriaanske kalinder neamd wurde. Foarst, it formele beslút fan de Ried fan Folkskommissarissen op 28 jannewaris 1918 ta oprjochting fan it Reade Leger. Twads, de letter ynfierde feestdei 23 febrewaris, dy't weromgrypt nei 23 febrewaris 1918, de dei dat it Reade Leger foar it earst begûn mei it mobilisearjen op grutte skaal.

 
Lenin en Trotski mei soldaten fan it Reade leger yn Sint-Pitersboarch.

By de oprjochting wie it Reade Leger, yn it ramt fan de likense behanneling fan alle minsken, in frijwillich folksleger sûnder rangen. Ynstee fan rangen waarden funksjes beneamd. Dy funksjes wienen de basis foar de rangen dy't letter dochs wer ynfierd waarden. Nei de Oktoberrevolúsje waard de tsjinstplicht foar manlju tusken 18 en 40 jier ynfierd, as ferdigening tsjin in mooglike revolúsje fan de antybolsjewistyske beweging. Mei it ynfieren fan de tsjinstplicht groeide it ferlet fan hegere offisieren en generaals. Eardere offisieren fan it tsaristyske leger koenen op frijwillige basis foar it Reade Leger oan it wurk.

It tal soldaten groeide fan in heal miljoen yn de earste helte fan de tweintiger jierren, nei sa likernôch 700.000 oan 'e ein fan de tweintiger jierren, nei mear as ien miljoen soldaten yn 1933. Yn 1935 waard de beropsoffisier wer ynfierd yn it Reade Leger.

Yn 1937 joech Josef Stalin it befel om hast de hiele legertop te eksekutearjen. Stalin wie benaud foar in militêre steatsgreep, lykas Francisco Franco yn Spanje dat dien hie. Dat hie fan gefolgen dat de nije en minder betûfte offisieren by de Dútske oanfal op Ruslân yn 1941 de organisaasje fan it leger net goed yn 'e macht hienen. De Dútske opmars wie dêrtroch yn it earste jier net te kearen. Troch de saneamde 'suvering' fan Stalin wienen de nije offisieren wol trou oan it Reade Leger. By it begjin fan de Dútske oanfal yn Ruslân (1941) hie it Reade Leger krapoan 5 miljoen militêren.

Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

Yn 'e winter fan 1941 stienen Dútske troepen foar Moskou, mar kamen net fierder. Op 5 desimber 1941 folge in tsjinoanfal fan it Reade Leger, wêrtroch de Dútsers harren opmars yn 1942 yn súdlike rjochting fuortsetten. It kearpunt fan de oarloch wie de Slach om Stalingrad (winter 1942-1943), doe't it Dútske 6e leger troch it Reade Leger besingele waard.

Nei Stalingrad koe it Reade Leger it inisjatyf nimme tsjin de Dútsers. De Dútsers moasten lykwols tsjin elke priis harren stellingen ferdigenje, mei in heech deadetal oan de Russyske kant ta gefolch. Stadich mar beret, en boppedat mei grutte ferliezen, teach it Reade Leger op Berlyn oan. Yn de Slach om Berlyn ferlear it Reade Leger like goed noch mear as 300.000 man. De Dútsers kapitulearren op 8 maaie 1945. It krekte deadetal fan Russen yn de Twadde Wrâldkriich is net bekend, mar neffens ferskillende boarnen wurdt it deadetal tusken de 8,5 en 13 miljoen soldaten rûsd.

Kâlde kriich

bewurkje seksje

Yn febrewaris 1946 waard de namme feroare yn Sowjetleger. Yn it tiidrek 1945-1948 wie der in ferlytsing fan it tal soldaten, fan sa likernôch 11,3 miljoen nei 2,8 miljoen. Yn de jierren fan de Kâlde Kriich wurdt it tal soldaten troch westerske ynljochtingetsjinsten tusken de 2,8 miljoen en 5,3 miljoen rûsd. Nei de Twadde Wrâldkriich bleau it Sowjetleger yn it Eastblok fertsjinwurdige. Foarst, om de sowjet rezjyms yn de satellytsteaten fan de Sowjetuny by te stean. Twads, as ferdigening tsjin in oanfal út it westen. As militêre alliânsje waard yn 1955 it Warsjaupakt tekene. De grutste militêre operaasje fan it Sowjetleger nei de Twadde Wrâldkriich wie de Afgaanske Kriich fan 1979 oant 1989.

 
Betinking Oktoberrevolúsje (1983)

Mei it opheffen fan de Sowjetuny yn 1991 hold it Sowjetleger op te bestean. Yn augustus 1991 waard noch fergees besocht om mei help fan it Sowjetleger nei de macht te gripen. De uny foel definityf útinoar, wêrtroch ek it Sowjetleger definityf útinoar foel. It grutste part fan it Sowjetleger gong oer nei it Russyske leger. De militêren dy't stasjonearre wienen yn East-Europa waarden tusken 1992 en 1994 weromlutsen. It weardefolle materiaal waard meinommen troch de Russen. Ferâldere fleantugen en tanks bleaunen yn de eardere satellytsteaten.

Fierder lêze

bewurkje seksje
  • John Erickson: The Soviet High Command: A Military-Political History, 1918–1941. Routledge Chapman & Hall, London 2001, ISBN 0-7146-5178-8.
  • Basil Henry Liddell Hart: The Red Army: the Red Army, 1918 to 1945 : the Soviet Army, 1946 to the Present, NY: Peter Smith Pub Inc, 1968, ISBN 0-8446-0774-6

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Reade leger – foto, fideo en harktriemmen