Warsjaupakt
It Warsjaupakt of Warsjau Ferdrach Organisaasje (offisjele namme: Ferdrach fan Freonlikens, Gearwurking en Assistinsje oan wjerssiden) wie in organisaasje fan Sintraal-Jeropeeske en East-Jeropeeske kommunistysk steaten. It waard stifte yn 1955 yn Warsjau, Poalen as reaksje tsjin de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. It pakt duorre oant de ein fan de Kâlde Kriich doe't guon lannen lid ôf wiene, mei gefolch it ynstoarten fan it Eastblok en politike feroarings yn de Sowjetuny. It ferdrach waard tekene yn Warsjau, op 14 maaie1955 mei offisjele kopyen yn it Russysk, Poalsk, Tsjechysk en Dútsk.
De NAFO en it Warsjaupakt hawwe nea streekrjocht in militêr konflikt hân, mar bestriden elkoar mear as 35 jier yn de Kâlde Kriich. Yn desimber 1988 skafte Michail Gorbatsjov lykwols de Brezjnev-doktrine ôf en ferkleare dat de East-Jeropeeske lannen harren eigen koers farre mochten. Yn 1989 sette in protte feroarings útein yn East-Jeropa. De nije regearingen stienen net langer mear efter it Warsjaupakt en yn jannewaris 1991 kundigen Tsjecho-Slowakije, Poalen en Hongarije oan dat sy fan 1 july ôf it folgjende jier de organisaasje net mear stypje sille. Bulgarije folge yn febrewaris en al gau waard dúdlik dat it pakt syn langste tiid hân hie. Op 1 july 1991 waard it pakt offisjeel ûntbûn yn Praach.
Lidsteaten
bewurkje seksje- Sowjetuny
- East-Dútslân
- Tsjecho-Slowakije
- Bulgarije
- Hongarije
- Poalen
- Roemeenje
- Albaanje (hat him yn 1968 weromlutsen)
Útsein Joegoslaavje hawwe alle Jeropeeske kommunistyske lannen it ferdrach tekene.