Michaïl Gorbatsjov

(Trochferwiisd fan Michail Gorbatsjov)

Michaïl Sergejevitsj Gorbatsjov (Russysk: Михаил Сергеевич Горбачёв, Privolnoje, 2 maart 1931Moskou, 30 augustus 2022) wie de lêste lieder fan de Sovjet-Uny. Hy wie de lêste sekretaris-generaal fan it Sintraal Komitee fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny (1985-1991), de lêste foarsitter fan it Presidium fan de Heechste Sovjet fan de USSR (1988-1989), dêrnei de earste foarsitter fan de Heechste Sovjet fan de USSR (1989-1990) en de iennige presidint fan de USSR ea (1990-1991).

Michaïl Gorbatsjov
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Mikhail Gorbatsjov 1989
Mikhail Gorbatsjov 1989
echte namme Michaïl Sergejevitsj Gorbatsjov
bertedatum 2 maart 1931
berteplak Privolnoje by Stavropol
stjerdatum 30 augustus 2022
stjerplak Moskou
etnisiteit Russysk
partij Kommunistyske Partij
prizen Nobelpriis foar de Frede
Sekretaris-generaal
amtsperioade 1985-1991
foargonger Konstantin Tsjernenko
opfolger gjin
Foarsitter fan it Presidium fan de Heechste Sovjet fan de USSR
amtsperioade 1988-1990
foargonger Andrei Gromyko
opfolger gjin
President fan de Sovjet-Uny
amtsperioade 1990-1991
opfolger gjin
offisjele webside
www.gorby.ru

Yn de tiid fan it regear ûnder Gorbatsjov fûnen der yngreven feroarings plak, dy't de hiele wrâld beynfloeden en in rige fan histoaryske barrens feroarsaken: de 'perestrojka' (in massive herfoarming fan it Sovjet-systeem), de yntroduksje yn de USSR fan it belied fan 'glasnost', it nije politike tinken, frijheid fan parse en mieningsutering, de yntroduksje fan demokrasy, de herfoarming fan de planekonomy yn 'e rjochting fan de merkekonomy, de ein fan de Kâlde Kriich, it weromlûken fan de Sovjet-troepen út Afganistan (1989), de Fal fan it Izeren Gerdyn en it ynstoarten fan de USSR en it Warsjaupakt.

Njonken in grut tal oare ûnderskiedings en earetitels krige Gorbatsjov yn 1990 foar syn rol yn it beëinigjen fan de Kâlde Kriich de Nobelpriis foar de Frede.

LibbenBewurkje

 
Michail Gorbatsjov mei syn heit en mem

Gorbatsjov waard yn 1931 as soan fan Kolchoze-boeren yn Privolnoje berne, in doarpke by Stavropol yn it noarden fan de Kaukasus. Syn heit wie Sergei Andrejevitsj Gorbatsjov (1909-1976) en fan Russyske komôf, wylst syn mem Maria Pantaleevna Gorbatsjov (berne Gopkalo, 1911-1995) fan Oekraynske komôf wie.

Alle twa pake's fan Michaïl Gorbatsjov hiene yn de jierren 1930 te meitsjen mei de ûnderdrukking ûnder Stalin. Syn pake fan syn heite kant, Andrei Moisejevitsj Gorbatsjov (1890-1962), waard as boer nei Irkûtsk ferballe, mar nei twa jier wer frijlitten. Yn syn bertestreek wurke dy oant syn dea yn in kollektive buorkerij. De pake fan syn memme kant, Pantelei Efimovitsj Gopkalo (1894-1953) stamde oarspronklik út in boerelaach út de kontrijen fan Tsjernihiv en waard yn 1937 arrestearre op fertinking fan trotskisme en foar 14 moannen opsletten.

Doe't Michaïl 10 wie waard syn heit nei it front stjoerd. Wylst syn heit tsjin de Dútsers focht waard Privolnoje troch de Wehrmacht beset. De besetting duorre fiif moanne en op 21 en 22 jannewaris 1943 folge de befrijing troch it Reade Leger. Fuort nei de befrijing krigen de famylje in berjocht dat Sergei Gorbatsjov ferstoarn wie. In pear dagen letter folge der noch in berjocht dat er libbe, it rouberjocht wie mei fersin ferstjoerd.

Al ier wurke de jonge Michaïl mei oan it binnenheljen fan de rispinge. Foar syn wurk op de buorkerij waard Michaïl yn 1949 ûnderskieden mei de Oarder fan de Reade Flagge fan Arbeid. Hy joech him by de jongereinbeweging Komsomol en krige yn 1950 permisje om yn Moskou rjochten te studearjen oan de Steatsuniversiteit fan Moskou.

Yn syn studintetiid learde er ek syn takomstige frou Raisa kennen, dy't yn Moskou op de Fakulteit fan de Wiisbegearte studearre. Dat wie op in dûnsjûn fan de studinteklub yn it studinteteäter fan de Steatsuniversiteit fan Moskou, de sûnt 1922 ûntwijde universiteitstsjerke (tsjintwurdich wer yn gebrûk as de Tsjerke fan de Martler Tatiana). Hja trouden op 25 septimber 1953 en krigen yn 1957 harren dochter en iennichst bern Irina. Op 20 september 1999 ferlear Gorbatsjov syn frou Raisa, dy't doe yn de âldens fan 67 jier oan leukemy ferstoar.

Politike karriêreBewurkje

Yn 1952 waard Michaïl Gorbatsjov lid fan de Kommunistyske Partij en nei't er syn stúdzje yn 1955 cum laude foltôge waard er werom stjoerd nei Stavropol, dêr't er opgong makke yn de partij en yn 1970 earste sikretaris waard fan de Kommunistyske Partij. In jier letter waard Gorbatsjov lid fan it Sintraal Komitee fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny. Yn 1978 folge de beneaming ta partijsekretaris fan lânbou, wylst er in jier letter kandidaat-lid waard fan it Politburo en wer in jier letter dêr in folweardich lid fan waard.

Under de koarte amtstermyn fan Jûri Andropov (1982-1984) ûnderskiede de jonge Gorbatsjov him fan oare leden troch syn leeftyd en enerzjike ynset en doe't de al âlde Konstantin Tsjernenko (1984-1985) yn febrewaris 1984 Andropov opfolge waard Gorbatsjov as mooglike opfolger sjoen. De deis nei it ferstjerren fan Tsjernenko keas it Politburo Gorbatsjov ta sekretaris-generaal fan it Politburo.

PerestrojkaBewurkje

Under Andropov wie al in earste oanset dien ta glasnost (iepenheid). It wie in tiid dat in net goed gyng mei de planekonomy, de yndustry wie ferâldere, der wiene tekoarten, de technology bleau efter en de kosten fan de wapenwedrin waarden te djoer. Sa ferlear de Kommunistyske Partij jimmeroan mear oansjen. Dêrnjonken eine it net mei de oarloch yn Afganistan. It wie Gorbatsjov wol dúdlik dat der herfoarmings nedich wiene. Hy woe mear frijheid foar de minsken en yn de ekonomy. Dat brocht Gorbatsjov ta de 'perstrojka', dat wol sizze de ferbouwing fan de Sovjet-Uny.

 
De Gorbatsjov's en de Reagan's yn 1987

Ek tegearre mei syn frou joech er him, hiel oars as syn foargongers, in soad ûnder de minsken. Raisa beselsippe har man as in 'first lady' ek yn it bûtenlân en ek dat wie in brek mei it nochal âlderwetske .

Gorbatsjov helle de bannen mei it Westen oan en yn desimber 1987 ûndertekene Gorbatsjov in ûntwapeningsoerienkomst mei Ronald Reagan foar de ferneating fan kearnraketten foar de middellange ôfstân. Yn 1989 liet er nei njoggen jier striid de lêste troepen út Afanistan werom helje.

Troch de nije iepenheid ûntstiene der lykwols ek nasjonale bewegings yn de lannen dy't by it Eastblok hearden. Gorbatsjov hie militêr yngripe kind, mar hy wegere dat en joech dêrmei swijend syn tastimming dat de kommunistyske regearings ôfset en ferfongen waarden troch demokratyske regearings. Njonken de Eastbloklannen ûntstie der ek jimmeroan mear ûnrêst yn de Sovjet-republiken.

Feriening fan East- en West-DútslânBewurkje

 
Gorbatsjov yn 1986 by de Berlynske Muorre

Yn de simmer fan 1990 waard yn Moskou de hantekening setten ûnder it Twa Plus Fjouwer Ferdrach. De DDR en de Bûnsrepyblyk en de fjouwer alliearde lannen makken dêrmei de wei frij foar de ienwurding fan de sûnt de Twadde Wrâldkriich fan inoar skieden Dútslannen. Op 4 maart 1991 ratifisearre de Sovjet-Uny it ferdrach, dat alve dagen letter yn wurking gyng. De Russyske goedkarring foar it ferienjen fan de DDR en de Bûnsrepublyk soe ûnder it mûnlinge betingst jûn wêze, dat de NAFO sûnder tastimming fan Moskou mei gjin sintimeter nei it easten útwreidzje soe. De diplomaat Vladimir Polenov, dy't yn 1990 by de ûnderhannelings wie, sei dat it in grut fersin west hat om dat betingst net skriftlik fêst te lizzen[1].

SteatsgreepBewurkje

 
Barrikades by it Wite Hûs

Wylst de Sovjet-Uny mei faasje útinoar begûn te fallen en guon lannen de unôfhinklikens útrôpen, besochten kommunisten fan it âlde stimpel de yn gong sette fernijings werom te draaien. Yn augustus 1991 slagge in organisearre groep der yn om Michaïl Gorbatsjov yn syn eigen datsja op de Krim te isolearjen fan it lânsbestsjoer, mei it doel him ta ôftreden te twingen en de needtastân ôf te kundigjen. Wylst kranten ferbean waarden en in diel fan it leger yn de strjitten fan Moskou ferskynde, mislearre de arrestaasje fan de krekt keazen president fan de Russyske Federaasje, Boris Jeltsin, dy't op 19 augustus bekend makke wat de sitewaasje wie en it folk ta ferset oprôp. In diel fan it leger foege him by Jelsin en de Moskoviten, dy't barrikades by it Wite hûs opsmiten hiene. Vladimir Krjûtsjkov (haad KGB) en Boris Pûgo (Minister fan Ynlânske Saken) joegen de oare deis opdracht om it parlemintsgebou te bestoarmjen, mar dêr kaam neat fan telâne en dy jûns loeken de troepen harren út Moskou werom.

Doe't dúdlik woarn wie dat de steatsgreep op in mislearring útrûn, fleach Gorbatsjov werom nei Moskou. Alle meiplichtigen waarden oppakt mar krigen gjin swiere straffen.

De rêst kearde werom yn it lân, mar Gorbatsjov soe dêrnei tenei yn it skaad fan Boris Jeltsin stean. Op 24 augustus stapte Gorbatsjov op as sekretaris-generaal fan de Kommunistyske Partij. De Sovjet-Uny foel doe yn rap tempo útinoar en doe't de Sovjet-Uny yn desimber 1991 offisjeel opheft waard wie it dien mei de politike rol fan Gorbatsjov.

Politike erfenisBewurkje

 
Gorbatsjov yn 2009 mei Barack Obama en Joe Biden

Gorbatsjov wie yn it bûtenlân populêrder dan yn eigen lân. In soad Russen ferwieten him dat hy Ruslân as wrâldmacht ferkwânsele en it folk earmoede brocht hie. Doe't er yn 1996 besocht om president fan Ruslân te wurden, krige er mar 0,52% fan de stimmen.

Oanhingers fan de merkekonomy joegen krityk op Gorbatsjov fanwegen syn amateurisme, de tsjinstridigens yn de herfoarmings en it besykjen fan Gorbatsjov om de planekonomy en it sosjalisme te behâlden. De kommunisten joegen krityk op de ekonomyske delgong, it ynstoarten fan de Sovjet-Uny en oare negative gefolgen fan de perestrojka. Hja ferwieten Gorbatsjov ek dat hy as haad fan de steat tefolle ûnder ynfloed fan syn frou Raisa stie.

Neffens Nikolai Rûsjkov, de lêste foarsitter fan de Ried fan Ministers fan de USSR, wie de grutste fout fan Gorbatsjov dat er de ekonomyske herfoarming mei de herfoarming fan it politike systeem mei mear frijheden gearfalle liet, wylst pynlike herfoarmings allinne súksesfol wêze kinne as der in sterk regear is, lykas yn Sina.

De Krim en de OekraïneBewurkje

Op 17 maart 2014 ferwolkomme Gorbatsjov de resultaten fan it referindum op de Krim oer de oansluting by de Russyske Federaasje. Sûnder it folk te freegjen wie de Krim neffens âlde Sovjet-wetten oerdroegen oan de Oekraïne en neffens Gorbatsjov hie it folk mei it referendum dy histoaryske fout sels korrizjearre. Soks soe neffens Gorbatsjov tajubele wurde en hy feroardiele de sanksjes fan de Feriene Steaten en de Europeeske Uny tsjin Ruslân. Gorbatsjov sei dêroer: 'Foar sanksjes binne tige earnstige redenen nedich en de Feriene Naasjes moatte dêr efter stean. De wil fan it folk fan de Krim foarmet gjin basis foar it ôfkundigjen fan sanksjes.[2]

Gorbatsjov warskoge yn 2015 yn Der Spiegel dat de minne relaasjes tusken Ruslân en it Westen oer de Oekraïne liede koene ta in grut konflikt. Hy stelde fêst dat de útwreiding fan de NAFO nei it easten de Europeeske feilichheidsarsjitektuer, lykas dy yn de Helsinki-akkoarden (1975) binne fêstlein, ferneatige hie. Neffens Gorbatsjov wie de 'útwreiding nei it easten in ommekear fan 180 graden, dy't ôfwykte fan it Hânfêst fan Parys foar in nij Europa dat yn 1990 troch alle Europeeske steaten ûndertekene waard om de Kâlde Kriich foar ivich efter ús te litten'. Yn it fraachpetear joech Gorbatsjov krityk op de 'arrogante wegering fan it Westen om yn te gean op Russyske útstellen fan bygelyks Dmitri Medvedev om meiïnoar te oerlizzen oer in nije feilichheidsarsjitektuer yn Europa'.[3] Neffens Gorbatsjov moasten Westerske lannen harren ôfsidich hâlde fan wat der yn de Oekraïne barde, om't it dúdlik wie dat in soad minsken yn it lân der nei stribben in nije skieding yn Europa te kreëarjen.

 
Gorbatsjov yn 2019

Fanwegen syn stipe foar de Russyske anneksaasje fan de Krim krige Gorbatsjov op 26 maaie 2016 in ferbod fan de Oekraïne fan fiif jier om it lân yn te reizgjen. 'Ik ha altiten de frije miening en de wil fan it folk stipe en it grutste diel fan de Krim woe in feriening mei Ruslân' sei Gorbatsjov.[4] Ek sei er dat er al lang net mear yn de Oekraïne west hie en ek net fan doel wie om it lân in besite te bringen.

Gorbatsjov hat him yn it iepenbier net utere oer de yn 2022 útein sette kriich fan Ruslân tsjin de Oekraïne, mar neffens de sjoernalist Aleksei Venediktov wie Gorbatsjov poer op it beslút fan Ruslân tsjin om in grutskalige militêre operaasje te begjinnen. Gorbatsjov wie tige fan slach doe't er hearde fan de ynfal en neffens de sjoernalist soe Gorbatsjov sein ha dat Pûtin syn libbenswurk ferneatige.

Vladimir Pûtin en it WestenBewurkje

Sûnt 2008 wie Gorbatsjov ien fan de lieders fan de Unôfhinklike Demokratyske Partij fan Ruslân, in sintrumpartij dy't wetlike en ekonomyske herfoarmings neistribbet. Ek wie Gorbatsjov ien fan de eigners fan de krityske krante 'Novaja Gazeta'. In soad súkses yn de opposysje tsjin Pûtin hie Gorbatsjov lykwols net.

Gorbatsjov priizge Vladimir Pûtin fanwegen syn bydrage oan de stabilaasje fan it lân nei de rûzige jierren nei de fal fan de Sovjet-Uny. Tagelyk hied er ek regelmjittich krityk en yn desimber 2011 advisearre Gorbatsjov, doe't der protesten plakfûnen tsjin de útslach fan de Russyske ferkiezings dy moanne, yn in fideoboadskip Pûtin om net mear diel te nimmen oan de folgjende presidentsferkiezingen. Twa terminen as president en ien as premier wie neffens Gorbatsjov foar Pûtin wol genôch.

Mar Gorbatsjov joech ek krityk op it Westen. By de betinking fan it 25-jierrich jubileum fan de Berlynske Muorre ferwiet Gorbatsjov de Feriene Steaten en Europa it net neikommen fan ôfspraken, dy't nei de omkearings fan 1989 makke wiene. Ek beskuldige er it Westen fan triomfantalisme en it profitearjen fan it op dat momint tige ferswakke Ruslân.[5]

FerstjerrenBewurkje

Michaïl Gorbatsjov ferstoar yn de jûn fan 30 augustus 2022 nei in langduorjende sykte yn 'e âldens fan 91 jier yn it Sintraal Klinysk Sikehûs yn Moskou. Gorbatsjov hie earnstige klachten mei de nieren op de dei foardat er nei it sikehûs moast foar hemodialise.[6]

Op 3 septimber 2022 fûn de begraffenis fan Gorbatsjov plak. Tûzenen minsken namen ôfskie fan Gorbatsov. Vladimir Pûtin wie net op de begraffenis, offisjeel om't er him tariede moast foar in reis nei Aazje. It is bekend dat Pûtin net goed mei Gorbatsjov koe. Wol lei Pûtin earder blommen by de kiste fan Gorbatsjov yn it sikehûs. De begraffenis waard bywenne troch âld-president Dmitri Medvedev en premier Viktor Orbán fan Hongarije. Oare lieders fan 'e wrâld feskynden net op de begraffenis. Guon lannen hiene wol in ôffurdige stjoerd. Yn de haadstêd fan Dútslân hongen de flaggen op offisjele gebouwen healstok.[7]

Gorbatsjov waard by syn frou Raisa op it Novodevitsji-begraafplak yn Moskou te rêste lein.

OarsBewurkje

 
Väter der Einheit, Berlyn

As âld-president waard Gorbatsjov in soad útnoege yn it westen en hy iepene bygelyks op 13 desimber 2003 in útstalling oer Russyske skilderkeunst yn it Grinslânsk Museum.

It tiidskrift Time sette Gorbatsjov yn de top 100 fan de kategory lieders yn de meast foaroansteande minsken fan de 20e iuw. The Guardian neamde Gorbatsjov de belangrykste persoan út it lêste fearn fan de 20e iuw.

Op 29 septimber 2010 waard yn it ramt fan it 20-jierrich jubileum fan de Dútske ienwurding yn Berlyn tichteby de grins fan east en west de byldegroep 'Väter der Einheit' ûntbleate. De bylden stelle de brûnzen bustes fan Helmut Kohl, Michaïl Gorbatsjov en George W. Bush foar.

Op 3 oktober 2020 yn it ramt fan it 30-jierrich jubileum fan de Dútske ienwurding waard foar Gorbatsjov in monumint ûnthulle fan de byldhouwer Bernd Goebel op it stêdhûsplein fan Dessau-Roslau yn Sasken-Anhalt.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Горбачёв, Михаил Сергеевич