Joe Biden

46e President fan 'e Feriene Steaten

Joe Biden (folút: Joseph Robinette Biden jr.; Scranton (Pennsylvania), 20 novimber 1942), is in Amerikaansk jurist en politikus fan 'e Demokratyske Partij, dy't fan 2021 de 46e presidint fan 'e Feriene Steaten wie. Foartiid wied er fan 2009 oant 2017 ûnder Barack Obama de 47ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten wie. Yn 2020 wied er de Demokratyske kandidaat by de presidintsferkiezings fan dat jier. Earder wie Biden ûnder mear gemeenteriedslid en senator. Hy stiet derom bekend dat er wat in rûchhouwer is, dy't geregeldwei aparte útspraken docht.

Joe Biden
politikus
echte namme Joseph Robinette Biden jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 20 novimber 1942
berteplak Scranton (Pennsylvania)
etnisiteit Frânsk
Iersk
Ingelsk
partij Demokratyske Partij
presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 2021 – ...
foargonger Donald Trump
opfolger noch ûnbekend
Fise-presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 20092017
foargonger Dick Cheney
opfolger Mike Pence
Amerikaansk senator foar Delaware
amtsperioade 19732009
foargonger J. Caleb Boggs
opfolger Ted Kaufman

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Biden waard yn 1942 berne yn Scranton, yn 'e steat Pennsylvania, as de soan fan Joseph Robinette Biden sr. (1915-2000), in sakeman fan mingd Ingelsk-Frânsk etnysk komôf, en dy syn frou Catherine Eugenia Finnegan (1917-2010), dy't fan Jean neamd waard en út in Ierske famylje kaam. Biden wie de âldste fan fjouwer bern yn in roomsk gesin, dat earst in stikmannich jierren by syn pake en beppe oan memmekant ynwenje moast om't syn heit finansjeel yn 'e ûnderwâl rekke wie. Yn 1953, doe't Biden alve jier wie, ferhuzen se nei Claymont, yn 'e steat Delaware, dêr't Joe Biden sr. in hannel yn twaddehâns auto's opsette. Dêrnei hiene se it wat rommer.

 
Joe Biden mei presidint Jimmy Carter.

Biden folge de middelbere skoalle te Claymont, dêr't er yn it Amerikaansk footballtiim spile, en yn 1961 eksamen die. Oanslutend studearre er oan 'e Universiteit fan Delaware, yn Newark, dêr't er op 'e nij Amerikaansk football spile, no foar it universiteitstiim, de Delaware Fightin' Blue Hens. Yn 1965 studearre er ôf mei in bachelorstitel yn twa haadfakken, skiednis en politikology. Dêrnei skreau er him yn oan 'e rjochteskoalle fan 'e Universiteit fan Syracuse, te Syracuse, yn 'e steat New York, dy't er útkeas om't syn faam dêr ek studinte wie. Syn masterskip yn de rjochten behelle er yn 1968, al fûn er nei eigen sizzen syn rjochtestúdzje it saaiste ding dat er ea by de ein hân hie.

Hoewol't de Feriene Steaten yn dy tiid de tsjinstplicht ynfierd hiene, tsjinne Biden nea yn 'e Fjetnamoarloch, mei't er earst ferskate kearen útstel krige om syn stúdzje ôf te meitsjen, en letter ôfkard waard op grûn fan in astmatyske oandwaning dy't er as tiner hân hie. Om't sawol syn heite as syn memme famylje tige negatyf tsjin it ynnimmen fan alkohol oanseach, waard Biden gehielûnthâlder. Hy stammere oant er yn 'e tweintich wie, mar wist dat te oerwinnen troch oerenlang foar de spegel poëzij foar te dragen.

Trouwen en húshâlding

bewurkje seksje

Wylst er yn 1964 in spring break (krookjefakânsje) op 'e Bahama's trochbrocht, kaam er dêr yn 'e kunde mei Neilia Hunter, dy't út in begoedige fermidden yn Skaneateles, yn 'e steat New York, kaam, en studearre oan 'e Universiteit fan Syracuse. Op 27 augustus 1966 trouden se te Skaneateles, tsjin 'e beswieren fan har famylje tsjin syn roomske eftergrûn yn. Se krigen trije bern, Joseph Robinette Biden III (1969), dy't Beau neamd wurdt, Robert Hunter Biden (1970), dy't Hunter neamd wurdt, en Naomi Christina Biden (1971-1972).

 
Joe Biden as senator.

Op 18 desimber 1972, doe't se oan it winkeljen wiene foar de kryst, rekken Biden syn frou en bern belutsen by in slim ûngemak, wêrby't har auto op in krusing fansiden raamd waard troch in frachtwein. Sawol Neilia Hunter Biden as har ienjierrige dochterke kamen dêrby om it libben, wylst Beau Biden in brutsen skonk hie en Hunter Biden in skedelbasisfraktuer en lichtere ferwûnings. Nei't Joe Biden fiif jier lang in allinnichsteand heit west hie, wertroude er op 17 juny 1977 mei Jill Tracy Jacobs, in skoaljuffer út Willow Grove, yn Pennsylvania, mei wa't er yn 1975 yn 'e kunde kommen wie op in blind date dy't bewurkmastere wie troch ien fan syn bruorren. Mei syn twadde frou krige Biden ien bern, Ashley Blazer Biden (1981), dy't sosjaal wurkster waard. Syn soan Beau waard de steatsminister fan Justysje fan Delaware en tsjinne as auditeur-militêr by it Amerikaanske Leger yn Irak, foar't er op 30 maaie 2015 mei 46 jier oan in harsenstumor kaam te ferstjerren. Biden syn oare soan Hunter is abbekaat en polityk lobbyist te Washington, D.C.

Politike karriêre

bewurkje seksje

Yn 1968 rûn Biden in healjier lang staazje by in abbekatekantoar, wêrnei't er in hoartsje as pro deo-abbekaat wurke en doe in baan fûn by in abbekatekantoar yn Wilmington. Yn dy tiid fielde er him mear oanlutsen ta de pleatslike Republikeinen as ta de Demokraten, mar doe't se him besochten partijlid te meitsjen, hold er de boat ôf fanwegen syn ôfwearze fan 'e lanlike Republikeinske lieder Richard Nixon. Yn 1969 rjochte er mei in partner in eigen abbekatekantoar op, Biden and Walsh. Yn it neijier fan 1969 stelde er him as Demokraat kandidaat foar de gemeenterie fan New Castle County, en wûn dêrby mei in romme marzje ien fan 'e sitten. Dêrnei siet er fan 1970 oant 1972 yn 'e gemeenterie.

Yn 1972 died er mei oan 'e ferkiezings foar ien fan 'e beide sitten fan Delaware yn 'e Amerikaanske Senaat, en wûn op 'e nij. Doe't oan 'e ein fan dat jier syn frou en dochter omkamen by it auto-ûngemak, liet er it yn him omgean om syn politike karriêre op te jaan, mar dat waard him troch partijgenoaten ûntpraat. It ferlies hie him lykwols ferfolle fan lulkens en twifels op it mêd fan syn leauwe. Letter fertelde er dat er yn dy snuorje graach jûns let yn efterbuerten omkuierje mocht, op 'e siik nei slaanderij. "Ik hie net witten dat ik by steat wie ta it fielen fan sa'n razernij [...] Ik hie it gefoel dat God my freeslik bedondere hie."

 
Joe Biden hâldt ûnder de presidinsjele kampanje fan 2008, op 23 augustus in taspraak te Springfield, yn Illinois, fuort nei't Barack Obama (rj.) him presintearre hat as syn running mate.

Begjin 1973 waard Biden mei de minimumâldens fan tritich jier de op seis nei jongste senator yn 'e Amerikaanske skiednis. Hy fertsjintwurdige 36 jier lang Delaware yn 'e Senaat, fan 3 jannewaris 1973 oant 15 jannewaris 2009. Yn dy perioade waard er seis kear werkeazen, en hy einige as de op trije nei langst sittende senator. Hy siet ferskate senaatskomitees foar, wêrûnder it Komitee foar Bûtenlânske Betrekkings, it Komitee oangeande de Rjochterlike Macht en de Ynternasjonale Gearkomste foar de Behearsking fan Narkoatika. Hy wie in tsjinstanner fan 'e Earste Golfoarloch, yn 1991. Mids njoggentiger jierren spile er as fûleindich foarstanner fan Amerikaansk yngripen yn 'e Bosnyske Oarloch in wichtige rol by it ta stân bringen fan 'e Amerikaanske yntervinsje yn dat konflikt. Yn 2002 stimde er foar de resolúsje dy't de Twadde Golfoarloch mooglik makke, mar neitiid fersette er him tsjin it belied fan 'e regearing-Bush oangeande Irak. Fierders hied er in liedende rol by it reälisearjen fan 'e Violence Against Women Act, in wet dy't frouljusmishanneling yn 'e Feriene Steaten oanpakt. Njonken syn politike karriêre wie Biden fan 1991 ôf fierders wurksum as adjunkt-heechlearaar oan 'e rjochteskoalle fan 'e Widener Universiteit yn Wilmington.

Fise-presidintskip

bewurkje seksje

Twa kear die Biden mei oan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings, yn 1988 en yn 2008, mar beide kearen waard er by de Demokratyske foarferkiezings ferslein. Yn 2008 waard er lykwols neitiid troch de winner fan 'e foarferkiezings, senator Barack Obama fan Illinois, frege om dy syn running mate (fise-presidintskandidaat) te wurden. Biden gie dêrop yn, en tegearre mei Obama fersloech er dat jiers by de eigentlike ferkiezings it Republikeinske kandidaatspear John McCain en Sarah Palin. Sadwaande waard er op 20 jannewaris 2009 ynsward as de 47ste (en de earste roomske) fise-presidint fan 'e Feriene Steaten. Yn 2012 wûnen Obama en hy in twadde termyn, troch de Republikeinen Mitt Romney en Paul Ryan te ferslaan.

 
Joe Biden as fise-presidint, mei presidint Barack Obama, yn 2012.

As fise-presidint en foarsitter fan 'e Senaat (in funksje dy't keppele is oan it fise-presidintskip) wie Biden djip behelle yn it beslútfoarmingsproses fan 'e regearing-Obama op alle mêd. Hy hie it tafersjoch oer de ynvestearrings yn 'e Amerikaanske ynfrastruktuer dy't resultearren út it stimulearringspaket dêr't Obama yn 2009 de Amerikaanske ekonomy wer mei op gong en út 'e resesje helpe woe. Biden syn fermogen om mei Republikeinen yn it Amerikaanske Kongres te ûnderhanneljen (in fermogen dêr't Obama sels net of amper mear oer beskikte), wie krúsjaal foar de gearwurking fan 'e beide partijen op it mêd fan belestingen, ekonomyske stimulâns, de fêststelling fan 'e jierlikse begrutting, de krises oangeande it skuldeplafon en it fuortstjoeren fan 'e Amerikaanske ekonomy by it "fiskale klif" wei.

Hoewol't er in yn 'e wol ferve politikus is dy't bepaald net dom is, stiet Biden derom bekend dat er geregeldwei taktleaze en ûnhandige útspraken docht, wêrmei't er himsels polityk sjoen gauris yn 'e pine set. Sa seid er begjin 2007 oer Obama: "Ik bedoel, dat is de earste gewoane Afro-Amerikaan dy't mûlryp en yntelligint en skjin en in aardich útsjende keardel is, ik bedoel, moaier kinne je 't net krije." Mei dizze ûnbedoeld rasistyske útspraak ûndermine er syn eigen presidintskampanje fan 2008. Earder hied er al in soartgelikense flater makke doe't er it oer de grutte Yndiaaske ymmigrantemienskip yn Delaware hie. Yn april 2009 beäntwurde er in fraach oer de hearskjende bargegryp mei te sizzen dat er syn famylje ôfriede soe om it fleantúch of de metro te nimmen. Soks wurke fansels de ûngerêstens ûnder de befolking yn 'e hân, en it Wite Hûs kaam dan ek daliks mei it boadskip dat Biden it sa net bedoeld hie en dat dit net de miening fan it regear wie. Dat ynsidint late derta dat Biden yn in hiele rige komyske tillefyzjeprogramma's op 'e hak nommen waard as in healewizenien dy't der mar wat op los eamele, in yndruk dy't noch fuortsterke waard troch in ynsidint út 2008, doe't er by in kampanjegearkomste Chuck Graham, in steatssenator fan Missouri, eefkes yn it sintsje sette woe, en him troch de mikrofoan frege om stean te gean, wat de man lykwols net oprêde mei't er yn 'e rolstoel siet. Ditoangeande ropt Biden oantinkens op oan in oare Amerikaanske fise-presidint dy't him oates en toates ferprate, Dan Quayle, mar it ferskil is dat Quayle it oansjen fan in arrogante omkoal hie, wylst Biden nettsjinsteande syn nuvere opstigings dochs rûnom as in ynnimlik persoan beskôge wurdt. Sa't syn eardere kollega-senator Lindsey Graham sei: "As der gjin flaters wiene, soe der gjin Joe wêze. Hy is ien dy't jo wol lije meie moatte."

Oan 'e ein fan syn fise-presidintskip ûntfong Biden op 12 jannewaris 2017 út 'e hannen fan Barack Obama de Presidinsjele Frijheidsmedalje, de heechste Amerikaanske boargerlike ûnderskieding.

Ferkiezingskampanje fan 2020

bewurkje seksje

Op 25 april 2019 stelde Biden him ferkiesber foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020. Yn 't earstoan liek er de favoryt foar de oerwinning, mar in skandaal om syn soan Hunter hinne, dy't belutsen west hawwe soe by korrupsje yn 'e Oekraïne, smiet in skaad oer syn kampanje. Presidint Donald Trump hold út dat Joe Biden syn ynfloed yn it bûtenlân brûkt hawwe soe om syn soan de hân boppe de holle te hâlden. Biden sels ûntstried dat yn alle toanaarden. Yn septimber 2019 die bliken dat Trump syn Oekraynske amtsgenoat Volodomyr Zelenski ûnder druk set hie om in formeel ûndersyk nei de Bidens te iepenjen. Dat late ta it Oekraïneskandaal yn 'e Amerikaanske polityk en ta Trump syn impeachment yn it Hûs fan Offurdigen yn desimber 2019.

By de earste foarferkiezings fan 'e Demokratyske Partij, dy't yn febrewaris holden waarden, sloech Biden noch gjin dûk yn in pakje bûter en lieken syn kânsen op 'e oerwinning fersjoen. Yn maart oppenearre er him lykwols frij hommels as de favoryt. Hy fersloech by de foarferkiezings û.o. Pete Buttigieg, Amy Klobuchar en Elizabeth Warren. Syn lêste rivaal, de âlde sosjalist Bernie Sanders, joech (mei omreden fan 'e oangeande koroanapandemy) op 8 april 2020 de striid op, wêrnei't de Demokratyske nominaasje Biden net mear ûntgean koe. Hy keas Kamala Harris, in heal swarte, heal-Yndiaaske froulike senator út Kalifornje as syn running mate.

 
Joe Biden wurdt op 20 jannewaris 2021 ynsward as de 46e presidint fan 'e Feriene Steaten.

Yn 'e kampanje foar de eigentlike presidintsferkiezings, dy't op 3 novimber 2020 holden waarden, stelde Biden him op as in fermoedsoener. Hy woe de Feriene Steaten, dy't ûnder it presidintskip fan Donald Trump slim polarisearre rekke wiene, wer ta ien naasje ferienje. Dy opstelling stie yn skril kontrast ta it moddergoaien en de oanhâldende fertochtmakkings oan syn adres dêr't Trump him skuldich oan makke. De koroanapandemy drukte in swier stimpel op 'e ferkiezings, wêrby't foar in grut part oer de post stimd waard. Biden rôp syn efterban op om dat safolle mooglik te dwaan, mar Trump besocht de yntegriteit fan it stimmen oer de post mei bewearings fan fraude te ûndergraven, ek al levere er dêrfoar gjin inkeld stekhâldend bewiis. Fan gefolgen stimden fral Demokraten oer de post, wylst Republikeinen op ferkiezingsdei opkamen. Om't yn in protte steaten earst de stimmen teld waarden dy't op ferkiezingsdei útbrocht wiene, liek it op 'e jûn nei de ferkiezings dat Trump wûn hie. Mar doe't yn 'e folgjende dagen de poststimmen teld waarden, helle Biden him yn krúsjale steaten as Wiskonsin en Michigan fluch yn, en nei in neiltsjebitend spannende ekstra pear dagen ek yn 'e swingsteaten Pennsylvania, Nevada en Arizona, en sels Georgia, dat foartiid sûnt de 1990-er jierren fêst yn Republikeinske hannen west hie. Uteinlik waard Biden pas op 7 novimber troch de grutte Amerikaanske tillefyzjenetwurken as winner fan 'e ferkiezings útroppen.

Yn 'e moannen nei de ferkiezings wegere de sittende presidint Donald Trump syn ferlies ta te jaan. Hy die der alles oan om 'e ferkiezingsútslach te feroarjen. Mar wertellings yn ferskate steaten joegen gjin oare resultaten en de mear as fyftich rjochtsaken dy't er oanspande, waarden troch rjochters nei de foddekoer ferwiisd. Mei syn praat oer stimbusfraude ûndergroef Trump moedwillich it fertrouwen fan it Amerikaanske elektoraat yn it ferkiezingssysteem; dat kaam de Republikeinen djoer te stean doe't it mei late ta de Demokratyske oerwinning yn 'e ferkiezings foar de Amerikaanske Senaat dy't op 5 jannewaris 2021 yn 'e steat Georgia holden waarden. De Demokraten krigen dêrtroch in nipte mearderheid yn 'e Senaat yn 'e hannen. Op 20 jannewaris waarden Biden en Harris ynaugurearre as presidint en fise-presidint fan 'e Feriene Steaten by in seremoanje dy't plakfûn yn it skaad fan 'e Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal. Dêrby wie op 6 jannewaris in breinroere kliber Trump-oanhingers dy't troch de presidint sels opstokele wie, it Amerikaanske Kapitoal binnenkrongen op 'e siik nei "ferrieders", yn wat neitiid algemien omskreaun waard as in gefal fan terrorisme. Trump sels keas derfoar om net by de ynauguraasje fan syn opfolger te wêzen, eat dat sûnt 1869 net foarkommen wie en dêr't alle media skande fan sprieken. Biden, dy't by syn ynauguraasje in leeftyd fan 78 jier hie, wie de âldste nije presidint út 'e Amerikaanske skiednis.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.