1942
jier
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1937 | 1938 | 1939 | 1940 | 1941 | 1942 | 1943 | 1944 | 1945 | 1946 | 1947 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1942 MCMXLII |
Ab urbe condita | 2695 |
Armeenske kalinder | 1391 ԹՎ ՌՅՂԱ |
Etiopyske kalinder | 1934 – 1935 |
Hebriuwske kalinder | 5702 – 5703 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1997 – 1998 |
- Shaka Samvat | 1864 – 1865 |
- Kali Yuga | 5043 – 5044 |
Iraanske kalinder | 1320 – 1321 |
Islamityske kalinder | 1361 – 1361 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4638 – 4639 戊巳 – 己午 |
1942 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1942.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren.
Foarfallen
bewurkje seksje- jannewaris
- 1 - Troch 26 Alliëarde lannen wurdt it Pakt fan Washington sletten, wêrby't de lidsteaten ûnthjitte gjin ôfsûnderlike frede slute te sillen mei de As-grutmachten.
- 7 - Begjin fan 'e Slach om Bataan, wêrby't Amerikaanske en Filipynske troepen op it skiereilân Bataan, yn 'e Filipinen, belegere wurde troch de Japanners.
- 10 - Mei de lâning fan Japanske troepen op Selebes begjint de ynvaazje fan Nederlânsk-Ynje.
- 20 - Op 'e Wannsee-konferinsje beslist de lieding fan 'e Nasjonaal-Sosjalistyske Dútske Arbeiderspartij (NSDAP) ta de totale genoside op 'e Joaden, dy't omskreaun wurdt as de Endlösung der Judenfrage.
- 22 - De Achtste Alvestêdetocht wurdt wûn troch Sietze de Groot yn in tiid fan 8 oeren en 44 minuten. De winterkjeld is tige strang; der komme trije dielnimmers om troch ûnderkuolling en befriezingsferskynsels.
- 22 - It lidmaatskip fan de Nederlânske Kultuerkeamer wurdt feplichte foar keunstners, akteurs, útjouwers, ensfh.
- febrewaris
- 12 - Perû ferklearret nazy-Dútslân, Itaalje en Japan de oarloch.
- 15 - By de ynname troch de Japanners fan 'e Britske koloanje Singapoer wurde 138.000 Britske en Australyske soldaten kriichsfinzen nommen.
- 20 - De Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt autorisearret de ynternearring fan de Japanske Amerikanen yn kampen yn Utah en Kolorado.
- 27 - By de Slach yn de Javasee weeft de Japanske Keizerlike Marine handich ôf mei in Nederlânsk-Britsk-Amerikaansk-Australyske float ûnder de Nederlânske skout-by-nacht Karel Doorman.
- 28 - De earste Japanske troepen lânje op Java.
- maart
- 5 - Batavia wurdt troch Japanners ynommen.
- 8 - It Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger (KNIL) kapitulearret foar de Japanners. Begjin fan 'e Japanske besetting fan Nederlânsk-Ynje.
- 9 - De Japanners feroverje Rangoon, de haadstêd fan 'e Britske koloanje Birma.
- 21 - Elemint nûmer 94 kriget de namme plutoanium.
- april
- 9 - De Amerikaanske en Filipynske troepen op it skiereilân Bataan, yn 'e Filipinen, jouwe har oer. Ein fan 'e Slach om Bataan, mar it begjin fan 'e Deademars fan Bataan, wêrby't de Japanners 60.000 oant 80.000 Filipynske en Amerikaanske kriichsfinzenen op ûnminsklike wize 112 km opdriuwe nei it plak dêr't se op 'e trein set wurde kinne nei kriichsfinzenekampen. Skattings oer it tal deadlike slachtoffers rinne útinoar fan 5.650 oant 18.000.
- 18 - De Amerikaanske Loftmacht fiert it earste bombardemint op 'e Japanske haadstêd Tokio út, dat bekend komt te stean as de Doolittle Raid, nei de befelfierder, luitenant-kolonel James H. Doolittle.
- 5-6 - By de Slach om Corregidor feroverje de Japanners it eilân Corregidor, yn 'e Baai fan Manilla. Dêrmei komt in ein oan alle Amerikaanske wjerstân yn de Filipinen.
- 7-8 - By de Slach yn de Koraalsee bringe de Feriene Steaten de Japanske opmars yn 'e Stille Súdsee ta stilstân.
- 22 - Meksiko ferklearret nazy-Dútslân, Itaalje en Japan de oarloch.
- 27 - It Tsjechyske ferset docht in moardoanslach op 'e foaroansteande SS-ofsier Reinhard Heydrich, dy't swierferwûne rekket (en op 4 juny stjert).
- juny
- 4-7 juny - De Amerikaanske Pasifyske Float behellet in klinkende oerwinning op 'e Keizerlike Japanske Marine yn 'e Slach by Midway. Dit is it kearpunt fan 'e striid yn 'e Stille Oseaan.
- 5 - De Feriene Steaten ferklearje de oarloch oan Bulgarije, Roemeenje en Hongarije.
- 9-10 - As repressaille foar de moard op Reinhard Heydrich meitsje de Dútsers it Tsjechyske doarp Lidice mei de grûn lyk. De ynwenners wurde foar in diel daliks fermoarde en foar in oar diel ôffierd nei de konsintraasjekampen om dêr letter fermoarde te wurden.
- 12 - Adolf Hitler kart it troch de SS opstelde Generalplan-Ost goed, dat delkomt op 'e ynfiering fan 'e slavernij foar de Slavyske befolking fan 'e ferovere gebieten yn East-Jeropa.
- 14 - Yn Nederlânsk-Ynje begjinne de Japanners mei de ynternearring fan manlike Jeropeänen yn 'e jappekampen.
- 30 - In Ingelske bommesmiter stoart del yn Noardwâlde.
- 1-27 - Yn Egypte einiget de Earste Slach by El Alamein tusken de Dútsers en de Alliëarden yn in ympasse.
- 8 - Anne Frank en har famylje dûke ûnder yn it 'achterhûs' oan 'e Amsterdamske Prinsengracht.
- 27 - De bemanning fan in Ingelske bommesmiter fynt de dea by De Rottefalle.
- augustus
- 7 - Yn 'e Stille Súdsee begjint de Slach om Guadalcanal mei Amerikaanske lânings op it eilân Guadalcanal, yn 'e Salomonseilannen.
- 19 - De troch de Alliëarden útfierde Wraam op Dieppe, oan 'e kust fan noardlik Frankryk, mislearret folslein. Se moatte har mei swiere ferliezen weromlûke.
- 22 - Brazylje ferklearret nazy-Dútslân, Itaalje en Japan de oarloch nei oanhâldende oanfallen op Brazyljaanske keapfardijskippen.
- 23 - Oan it Eastfront begjint oan 'e Wolga de bloedige en slepende Slach om Stalingrad.
- 27 - Kuba ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Itaalje.
- 30 - Nazy-Dútslân anneksearret it Gruthartochdom Lúksemboarch.
- septimber
- 9 - De Noardeastpolder falt drûch.
- 10 - Britske troepen lânje op 'e kust fan 'e Frânske koloanje Madagaskar, dy't yn 'e hannen is fan Vichy-Frankryk.
- 23 - De Britten besette Antananarivo, de haadstêd fan 'e Frânske koloanje Madagaskar.
- oktober
- 1 - Súd-Karinsje en Súd-Stiermarken (dielen fan Sloveenje) wurde anneksearre troch nazy-Dútslân.
- 3 - Yn Dútslân wurdt in A4-raket as earste ding makke troch de minkse de romte yn sketten.
- 23-11 novimber - Yn 'e Twadde Slach by El Alamein makket de Britske generaal Bernard Law Montgomery foargoed in ein oan 'e opmars yn Noard-Afrika fan it Dútske Afrikakorps fan fjildmaarskalk Erwin Rommel.
- novimber
- 8 - By Operaasje Torch jout de Amerikaanske generaal Dwight Eisenhower leiding oan 'e lânings fan Alliëarde troepen yn 'e Vichy-Frânske koloanjes Marokko en Algerije. Dêrmei komme de Alliëarden Vichy-Frankryk folslein oer it mad, en sadwaande wurdt der amper ferset bean.
- 11 - Dútske troepen besette de saneamde Frânske 'frije sône': ein oan 'e behyplike autonomy fan Vichy-Frankryk.
- 27 - Om in ynbeslachname troch nazy-Dútslân foar te kommen bringt de float fan Vichy-Frankryk himsels yn 'e marinehaven fan Toulon ta sinken.
- 27 - Yn Nederlân fynt de Treinramp by Sliedrecht plak, yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân, wêrby't 18 minsken omkomme.
- desimber
- 14 - Abessynje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan.
Berne
bewurkje seksje- jannewaris
- 1 - Klaas Dankert, Frysk politikus († 2024)
- 3 - John Thaw, Ingelsk akteur († 2002)
- 4 - Ypke Gietema, Frysk politikus († 2013)
- 8 - Stephen Hawking, Ingelsk natuerkundige en astronoom († 2018)
- 14 - Gerben Karstens, Nederlânsk hurdfytser († 2022)
- 17 - Muhammad Ali, Amerikaansk bokser († 2016)
- 23 - Salim Ahmed Salim, Tanzaniaansk steatsman en diplomaat
- 25 - Eusébio da Silva Ferreira, Portegeesk fuotballer († 2014)
- 25 - Jens Nygaard Knudsen, Deensk boartersguodûntwerper († 2020)
- 28 - Sjoukje Dijkstra, Frysk keunstrydster
- 30 - Arie van der Veer, Nederlânsk predikant en âld-omropfoarsitter (EO) († 2024)
- febrewaris
- 1 - Sikke Doele, Frysk skriuwer en dichter († 2002)
- maart
- 2 - Heinze Bakker, Frysk sportferslachjouwer († 2021)
- 22 - Fred Vaassen, Nederlânsk akteur († 2018)
- 16 - Gauke Bootsma, Frysk keunstsamler en konservator
- 25 - Aretha Franklin, Amerikaansk sjongster († 2018)
- 28 - Conrad Schumann, Eastdútsk oerrinner († 1998)
- april
- 6 - Cees den Heyer, Nederlânsk teoloog († 2021)
- 11 - Bonne Broersma, Frysk keunstskilder
- 16 - Frank Williams, Ingelsk Formule 1 teambaas († 2021)
- 18 - Jochen Rindt, Eastenryks autokoereur († 1970)
- 21 - Bart Schuil, Frysk krúswurdpuzel- en programmamakker
- maaie
- 17 - Johan van der Zee, Frysk sjoernalist († 2018)
- juny
- 18 - Roger Ebert, Amerikaansk filmkritikus († 2013)
- 18 - Paul McCartney, Ingelsk muzikant, sjonger en lietsjeskriuwer
- 19 - Aage Meinesz (Aage M.), Nederlânsk bankrôver († 1985)
- 19 - Moammar al-Kadaffi, presidint fan Lybje († 2011)
- 20 - Brian Wilson, Amerikaanske muzikant, sjonger en lietsjeskriuwer
- 29 - Bas van der Vlies, Nederlânsk politikus út namme fan de SGP († 2021)
- july
- 2 - Hein van Nievelt, Nederlânske omropper, presintator, redakteur en regisseur († 2022)
- 10 - Ronnie James Dio, Amerikaansk sjonger († 2010)
- 12 - G. Willem Abma, Frysk skriuwer en dichter († 2024)
- 13 - Harrison Ford, Amerikaansk akteur
- 29 - Tony Sirico, Amerikaansk akteur († 2022)
- 30 - Pé Miedema, Frysk bestjoerder († 2016)
- augustus
- 3 - Jan des Bouvrie, Nederlânsk ynterieurûntwerper († 2020)
- 10 - Suze Broks, Nederlânsk balletdûnseres en aktrise († 2017)
- septimber
- 1 - C.J. Cherryh, Amerikaansk skriuwster
- 4 - Jan Pol, Nederlânsk-Amerikaansk bistedokter en realitypersoanlikheid
- 6 - Meike de Vlas, Frysk roeister († 2022)
- 5 - Wil de Beer, Nederlânsk reedrydster
- 29 - Felice Gimondi, Italjaansk hurdfytser († 2019)
- oktober
- 6 - Britt Ekland, Sweedsk aktrise
- 28 - Kees Verkerk, Nederlânsk hurdrider
- 31 - David Ogden Stiers, Amerikaansk akteur († 2018)
- novimber
- 1 - Larry Flynt, Amerikaansk produsint en útjouwer fan pornografy († 2021)
- 12 - Zoltin Peeter, byldzjend keunstner út Hallum († 2019)
- 20 - Joe Biden, fise-presidint fan 'e Feriene Steaten
- desimber
- 14 - Juan Diego, Spaansk akteur († 2022)
- 22 - Adriaan van der Velde, Frysk ûndernimmer en boekhannelsman († 2010)
- 30 - Anne Charleston, Australysk aktrise
- 30 - Michael Nesmith, Amerikaansk muzykant
Ferstoarn
bewurkje seksje- jannewaris
- 29 - Gauke Boelens, Frysk ûndernimmer en politikus (* 1886)
- febrewaris
- 12 - Fokke Bleeker, Frysk fersetsstrider (* 1899)
- maart
- 8 - Hein Doedes Postma, Frysk keatser (* 1858)
- 19 - C. Hart Merriam, Amerikaansk biolooch (* 1855)
- 23 - Jan Olieslagers, Flaamsk loftfeartpionier (* 1883)
- april
- 24 - L.M. Montgomery, Kanadeesk skriuwster (* 1874)
- maaie
- 1 - Hobbe Smith, Frysk keunstskilder (* 1862)
- 3 - Thorvald Stauning, premier fan Denemark (* 1873)
- juny
- 4 - Reinhard Heydrich, Dútsk militêr en oarlochsmisdiediger (* 1904)
- july
- 26 - Titus Brandsma, Frysk preester en fersetsman (* 1881)
- novimber
- 13 - Tjeerd Kuipers, Frysk arsjitekt (* 1857)
Films
bewurkje seksje
Jierren: | 1937 | 1938 | 1939 | 1940 | 1941 | 1942 | 1943 | 1944 | 1945 | 1946 | 1947 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|