13 july
datum
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 july | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 |
<< | July | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 |
8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 |
15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 |
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 |
29 | 30 | 31 | ||||
2024 |
13 july is de 194e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 195e). Der folgje noch 171 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
bewurkje seksje- 1573 - It Belis fan Haarlim, in ûnderdiel fan it Spaanske besykjen om 'e Opstân yn 'e Nederlannen te ûnderdrukken, einiget mei de oerjefte fan 'e stêd Haarlim oan 'e Spaanske fjildhear don Freark. Nei de oerjefte wurde it meastepart fan 'e soldaten fan it út geuzen en hierlingen besteande garnizoen fan 'e stêd, mei dêropta in grutte groep foaroansteande oranjesinnige boargers (yn totaal sa'n 2.000 minsken) troch de Spanjerts fermoarde.
- 1868 - Alabama wurdt as 7e fan 'e yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch fersleine Konfederearre steaten wer talitten ta de Amerikaanske Uny.
- 1908 - Op de Olympyske Simmerspullen fan Londen dogge froulju foar it earst mei oan 'e moderne Olympyske Spullen.
- 1928 - By in myngasûntploffing yn 'e Steatsmyn Hendrik yn Limburch falle trettjin deaden.
- 1938 - Op de Feluwe wurdt it Kröller-Müller Museum iepene.
- 1944 - Yn de Snitser Bloednacht wurde fjouwer ynwenners fermoarde troch de Dútske besetter.
- 1967 - De Britske hurdfytser Tom Simpson ferstjert ûnder de Tour de France by de beklimming fan 'e Mont Ventoux.
Berne
bewurkje seksje- 1900 - Johan Scheps, Nederlânsk politikus en aktivist foar it Frysk († 1993)
- 1905 - Bosley Crowther, Amerikaansk filmkritikus († 1981)
- 1917 - Henk de Wilde, Frysk politikus († 2004)
- 1923 - Jouke Klazes Bakker, Frysk konsintraasjekampoerlibbene († 2011)
- 1933 - David Storey, Ingelsk toanielskriuwer († 2017)
- 1937 - Kitty Courbois, Nederlânsk aktrise
- 1941 - Robert Forster, Amerikaansk akteur († 2019)
- 1942 - Harrison Ford, Amerikaansk akteur
- 1953 - Gil Birmingham, Amerikaansk akteur
- 1957 - Thierry Boutsen, Belgysk formule 1-koereur
- 1966 - Herbert Dijkstra, Nederlânsk sportferslachjouwer
- 1974 - Jarno Trulli, Italjaansk autokoereur
- 1976 - Sipke Hoekstra, Frysk komponist
- 1978 - Eva Jinek, Amerikaansk-Nederlânsk sjoernaliste en nijslêzeresse
- 1978 - Kate More, Nederlânsk pornoaktrise
- 1982 - Aya Cash, Amerikaansk aktrise
Ferstoarn
bewurkje seksje- 1234 - greve Floaris IV fan Hollân (* 1210)
- 1584 - Balthasar Gerards, Frank-Komteesk moardner fan Willem fan Oranje (* 1557)
- 1919 - Jacob Hepkema, Frysk útjouwer en sjoernalist (* 1845)
- 1919 - Henry E. Noyes, Amerikaansk militêr (* 1839)
- 1920 - Jimke van Loon, Frysksinnich ûnderwizer (* 1855)
- 1921 - Emil Pfeiffer, Dútsk ynternist en bernedokter (* 1846)
- 1985 - Dirk de Zee, Frysk politikus (* 1904)
- 1988 - Tetman de Vries, Frysk kabaretier en revuskriuwer (* 1915)
- 1994 - Feyo Schelto Sixma van Heemstra (Homme Eerntsma), Frysk keunsthistoarikus en skriuwer (* 1916)
- 2005 - Ger Vaders, Nederlânsk sjoernalist (* 1925)
- 2010 - Pieter Tjeerdsma, Frysk boargemaster (* 1916)
- 2024 - Shannen Doherty, Amerikaansk aktrise (* 1971)
6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 july | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|