Kate More
Kate More, echte namme ûnbekend (Súd-Beierlân, 13 july 1978), is in rêstend Nederlânsk pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Kate Moore, Kate Moor, Rachel en Amanda.
Kate More | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Kate Moore, Kate Moor, Rachel, Amanda | |
echte namme | ? | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 13 july 1978 | |
berteplak | Súd-Beierlân (Súd-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1998 – 2006 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Karriêre
bewurkje seksjeMore waard berne yn it doarp Súd-Beierlân, yn 'e Hoekske Waard, mar groeide op yn Rotterdam. Hja makke yn 1998, doe't se tweintich jier wie, har debút yn in pornografyske film. Datselde jiers noch wûn se de Hot d'Or, de wichtichste Jeropeeske pornografypriis, yn 'e kategory bêste Jeropeeske nijynkommelinge, foar har rol yn 'e film La Marionnette. Yn 1999 sleat se in eksklusyf kontrakt ôf mei it Sweedske Private-label. Letter ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se oan in stikmannich Amerikaanske pornofilms meiwurke. Yn 2006 loek se har úteinlik werom út 'e pornoyndustry; se hie doe neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn totaal yn 51 films spile.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
1999 | Hot d'Or | wûn | bêste Jeropeeske nijynkommelinge | La Marionnette |
2000 | FICEB Ninfa Award | wûn | bêste lesbyske sêne (mei Nikki Anderson en Sylvia Saint) | Alexia and Cie |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Biografy en filmografy fan Kate More yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Kate More yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |