De Hoekske Waard (Nederlânsk: Hoeksche Waard) is in lânstreek yn it suden fan 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân, dy't ek wol beskôge wurdt as ien fan 'e Súdhollânske Eilannen. De namme is ôflaat fan 'e eardere ambachtshearlikheid Hoecke, it tsjintwurdige Puttershoek.

De lokaasje fan 'e Hoekske Waard.
De Wikipedy hat ek in side Hoekske Waard (gemeente).

Yn syn tsjintwurdige foarm ûntstie de Hoekske Waard doe't it gebiet der yn 1421 by de Sint-Elizabethsfloed ûnder strûpte. Foartiid hearde it eastlike part ta de Grutte of Hollânske Waard en it westlike diel ta it eilân Putten. Nei de wettersneedramp moast frijwol it hiele gebiet op 'e nij drûchmakke wurde, en dêrby krige it syn hjoeddeistige yndieling. Dy bediking krige foar it meastepart syn beslach tusken 1538 en 1653. Yn 'e oardel iuw dy't dêrop folge, waard noch wat lân by it Hjerringfliet en it Hollânsk Djip del bybedike. Sûnt 1800 is der oan 'e omtrek fan 'e Hoekske Waard net folle mear feroare.

 
De herfoarme tsjerke fan Ald-Beierlân.

Yn it noarden foarmet de Alde Maas de grins mei IJselmonde, wylst yn it westen it Spui de Hoekske Waard ôfsnijt fan Foarne-Putten. Oan 'e eastkant skiedt de Doardter Kil it gebiet fan it Eilân fan Doardt, en yn it súdeasten en suden grinzget de Hoekske Waard oan it Hollânsk Djip, dat yn it súdwesten oergiet yn it Hjerringfliet. It iennichste gruttere plak op 'e Hoekske Waard is Ald-Beierlân, dat yn it noarden oan 'e Alde Maas leit. De rest fan it gebiet bestiet fierhinne út frij tinbefolke, agrarysk gebiet.

De Hoekske Waard omfieme foarhinne 5 ûnderskate gemeenten:

Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 waarden al dy gemeenten gearfoege ta de nije fúzjegemeente Hoekske Waard

De Hoekske Waard hat in befolking fan likernôch 86.000 minsken, wat mei in oerflak fan 323,8 km² delkomt op in befolkingstichtens fan 266 minsken de km². It grutste part fan 'e ynwenners libbet lykwols by de noardlike râne fan it gebiet lâns, yn Ald-Beierlân en lytsere plakken as Nij-Beierlân en Puttershoek.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatuur en Externe links, op dizze side.