Ald-Beierlân
Ald-Beierlân (Nederlânsk en offisjeel: Oud-Beijerland) is in plak en eardere gemeente yn de Nederlânske gemeente Súd-Hollân. It doarp is kwa ynwennertal in grutste plak yn de Hoeksche Waard. It oantal ynwenners yn 2018 wie 24.300.
Ald-Beierlân | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Súd-Hollân |
Gemeente | Hoekske Waard |
Sifers | |
Ynwennertal | 24.355 (2019) |
Oar | |
Stifting | Midsiuwen |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 51°49″ N 4°24′ E |
Ald-Beierlân wie in agraryske gemeente, mar is ek in forinzeplak. It hat boppedat in regionale sintrumfunksje. It doarp leit oan it Spui en oan de Alde Maas en hat in jachthaven.
Sûnt 1 januari 2019 is Ald-Beierlân mei de gemeenten Korendijk, Strijen, Cromstrijen en Binnenmaas ûnderdiel fan de gemeente Hoekske Waard.
Ald-Beierlân is yn 1559 troch de greve Lamoraal fan Egmont stifte as 'Beierland', nei syn frou Sabina fan Beieren. Egmont krige nei it ferstjerren fan syn broer Karel yn 1541 de rjochten fan it gebiet, en liet it yn 1557 bedykje. Yn 1582 waard de âlde namme Beijerland feroare yn Oud-Beijerland, ta ûnderskieding fan it nije doarp Nij-Beierlân dat inkele kilometers fierder nei it westen stifte waard.
Berne
bewurkje seksje- Vivienne van den Assem (1983), aktrise en presentatrise
- Philip van Dijk (1683), skilder, tekener, keunsthanneler
- Abraham Frank (1838-1917), rabbyn
- Benno de Goeij (1975), producer
- Simon Philip Goudsmit (1844-1889), ûndernimmer
- Renée Jones-Bos (1951), topamtner en diplomate
- Wim Kooiman (1960), fuotballer
- Carla de Liefde (1950-2006), basketbalster en gymnastyklearares
- Rogier Molhoek (1981), fuotballer
- Barbara Sloesen (1988), aktrise
- Adri van Tiggelen (1957), fuotballer
- Ria Visser (1961), reedrydster en telefyzjekommentatrise
Ofbylden
bewurkje seksje-
Herfoarme Tsjerke
-
it âlde Riedhûs
-
Gemeentehûs
-
ferboude âlde HBS
-
Havendaam