Spui (rivier)
It Spui is in tijrivier yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân dy't de Alde Maas ferbynt mei it Hjerringfliet en is 16 km lang. It Spui foarmet ek de skieding tusken de eilannen Foarne-Putten en de Hoekske Waard. It Spui ûntstie troch de Allerheljenfloed fan 1532, dêr't troch in dyktrochbrek de ferbining fan it Spui mei de (Alde) Maas reekaam.
It Spui is as wetterwei nijsgjirrich, om't de streamrjochting omkeard is. Dat is it gefolch fan de Deltawurken om it sâltich wurden fan de Nije Wetterwei tefoaren te kommen. It wetter fan it Hjerringfliet (eartiids in see-earm) streamt net streekrjocht mear nei de see, mar streamt troch it Spui nei de Alde Maas, en dêrnei oer de Nije Wetterwei de see yn te streamen. Om't it Spui frij smel is en dochs in soad wetter ferfiert, is der in sterke streaming. Yn kombinaasje mei krêftige tijstreamen, dy't fan de Spui ôf de see berikke, is it Spui reedlik gefaarlik foar swimmers en wettersporters. By ebbe of in leger wurdende tij is de djipte fan it Spui likernôch 5,5 meter. Bij floed kin it oant trochsneed 11 meter oprinne. Weachslach, sûgen of streamen kinne gefaarlik foar swimmers wêze.
Yn sydrivier is de Bernisse op Foarne Putten, dy't by Simonshaven, foar Goudswaard oer, mei in ynlaatslûs op it Spui oanslút. It Spui leveret swiet wetter dat oer de Bernisse nei de Brylske Mar rint en dêr in buffer tsjin it sâlt wurden foarmet.
Oer it Spui lizze gjin brêgen. Der fart in fearboat tusken Nij-Beierlân en Hekelingen by Spijkenisse en der fart in fytsfear tusken Ald-Beierlân en Beereplaat, ek bij Spijkenisse en Rhoon.
Oan it Spui is der ek rekreaasje mooglik. Bygelyks de Oude Tol yn Ald-Beierlân, de sinnegreide oan it Spui by Piershil en "de Costa del Spui" yn Goudswaard.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Spui fan Wikimedia Commons. |