Gemeente Korendijk
Flagge fan de gemeente Korendijk        Wapen fan de gemeente Korendijk
(Flagge fan Korendijk) (Wapen fan Korendijk)
Lokaasje fan de gemeente Korendijk
Provinsje Súd-Hollân
Boargemaster Servaas Stoop (SGP) (lêste boargemaster)
Haadplak Piershil
Oerflak km²
Ynwenners
Ferkearsieren
Netnûmer 0186
Postkoades 3264-5, 3267, 3284
Offisjeel webstee www.korendijk.nl

Korendijk wie ien fan de fiif gemeenten op it eilân Hoekske Waard yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Sûnt 1 jannewaris 2019 is de eardere gemeente Korendijk tegearre mei de gemeenten Binnenmaas, Strijen, Cromstrijen en Ald-Beierlân part fan de nije gemeente Hoekske Waard. It eilân Tiengemeten hearde ek by de gemeente.

It gemeentehûs stie yn Piershil. Lânbou en beamhôven nimme it measte romte yn it gebiet fan de eardere gemeente. De diken wurde begerske troch skiep en kij. Op Tiengemeten rinne ek in tal Skotske Heechlanners. It gebiet skaaimerket him troch it griene en stille karakter en lûkt in soad deitoeristen.

Skiednis bewurkje seksje

De gemeente Korendijk ûntstie op 1 jannewaris 1984 út it gearfoegjen fan de gemeenten Goudswaard, Nij-Beierlân, Piershil en Súd-Beierlân. It eilân Tiengemeten hearde ek by Korendijk. Besuden lizze it Hjerringfliet en it Vuile Gat. Bewesten rint it Spui dy't it Hjerringfliet mei de Alde Maas ferbynt.

De namme fan de gemeente by de gemeentlike weryndieling waard ynearsten foarsteld as Coorndijck. Dy namme komt fan it âldste part fan de gemeente: de polder de Oude Korendijk yn de eardere gemeente Goudswaard. De ruwaart fan Putten joech yn it begjin fan de fyftjinde iuw opdracht in nij coornland ("nôtlân" fan it wurd coorn dat nôt betsjut). De provinsje Súd-Hollân en de Twadde Keamer namen it foarstel oan mei betingst dat de namme op de moderne manier skreaun wurde soe.

Korendijk waard mei yngong fan 1 jannewaris 2019 opheft nei't alle gemeenten yn de Hoekske Waard gearfoege waarden ûnder de nije gemeente Hoekske Waard.

 
Topografyske kaart fan de gemeente Korendijk