Internet Adult Film Database

De Internet Adult Film Database, almeast ôfkoarte ta IAFD, is in fergees te rieplachtsjen Amerikaanske kennisbank (database) op it ynternet, dêr't gegevens yn byholden wurde oer de Amerikaanske pornoyndustry. De namme betsjut: "Ynternetpornofilmkennisbank". Men kin der ynformaasje fine oer pornografyske films, pornoaktrises, pornoakteurs en pornoregisseurs. Pornofilms fan bûten de Feriene Steaten binne ek yn 'e database opnommen as sa'n film yn 'e Feriene Steaten útbrocht is. (Yn sokke gefallen giet de opnommen ynformaasje trouwens inkeld oer de Amerikaanske release, en net oer de oarspronklike film.) Mids 2016 wiene der yn 'e IAFD mear as 180.000 films en mear as 140.000 persoanen opnommen. De Internet Adult Film Database (IAFD) moat net betize wurde mei de Adult Film Database (AFD).

Internet Adult Film Database
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor ynternet / pornografy
oprjochte 1995
oprjochter Peter van Aarle
offisjele webside
www.iafd.com

De direkte foarrinner fan 'e IAFD wie in database fan pornoaktrises mei de namme Abserver, yn 1993 oprjochte troch Dan Abend, dy't tagonklik wie fia e-mail en FTP. De IAFD sels begûn as in idee fan 'e Nederlanner Peter van Aarle, dy't yn 'e jierren njoggentich behearder wie fan 'e nijsgroep rec.arts.movies.erotica (RAME). Hy sammele al fan 1981 ôf ynformaasje dy't er byhold op yndekskaartsjes oer pornofilms dy't er sels sjoen hie of wêrfan't er de resinsje lêzen hie yn Adam Film World. Yn 1993 begûn er by te dragen oan 'e Usenet-nijsgroep alt.sex.movies, dêr't er yn 'e kunde kaam mei Dan Abend. Hja wikselen harren databases út en begûnen te risselwearjen om in ynternetdatabase op te rjochtsjen.

Van Aarle wurke op dat mêd letter gear mei Ron Wilhelm, dy't gebrûk makke fan 'e skûlnamme Heretic ("Ketter"). De earste ferzje fan 'e IAFD kaam yn 1995 online troch de programmearkennis fan Wilhelm, dy't it as in projekt brûkte om himsels te bekwamen yn it omgean mei de markeartaal SGML, dêr't er doe krekt in oplieding foar folge. Nei't Wilhelm him weromloek om yn militêre tsjinst te gean, waard de database stadichoan it slachtoffer fan linkrot.

Yn it neijier fan 1998 kaam Van Aarle op in fakbeurs yn 'e kunde mei Jeff Vanzetti, dy't him frege oft er de IAFD net op 'e nij oprjochtsje woe, diskear ûnder de eigen domeinnamme. Vanzetti socht nammentlik in projekt om himsels it programmearjen fan in online-database mei de markeartaal SQL oan te learen, en dit liek him in moaie kâns ta, temear om't hy en Van Aarle allebeide behearders fan RAME wiene en om't leden fan dy nijsgroep geregeldwei klagen oer it yn it neigean reitsjen fan 'e âlde IAFD. Van Aarle stimde yn mei it plan en begjin 1999 waarde de earste stappen set om 'e database nij libben yn te blazen.

De nije IAFD wie foar eltsenien fergees tagonklik, en bestie fan reklame dy't op 'e webside pleatst waard. Yn 't earstoan wiene inkeld froulike akteurs opnommen, en wie de database beheind ta films dy't nei 1989 útbrocht wiene. Van Aarle hie nammentlik opmurken dat frijwol nimmen ynformaasje oer eardere films hie, en woe dêrom syn weardefolle gegevens oer films út 'e jierren tachtich net fergees tagonklik meitsje, foar it gefal dat er dy nochris ferkeapje koe. De grinsdatum fan 1989 waard keazen sadat alle titels fan 'e tige populêre Buttman-rige wol yn 'e database stean soene. Van Aarle stoar op 18 septimber 2005 oan in hertoanfal doe't er noch mar 42 jier wie. Yn 2011 waard er opnommen yn 'e XRCO Hall of Fame.

Neitiid waarden ek manlike pornoakteurs en pornoregisseurs tafoege, en op 1 maart 2007 waarden yn ien kear 18.000 homoseksuële pornofilms en 39.000 homoseksuële pornoakteurs tafoege. Mids 2016 wiene der yn 'e IAFD mear as 180.000 films en mear as 140.000 persoanen opnommen. Neffens Vanzetti wurde der eltse moanne likernôch 500 nije siden (films en persoanen) oan 'e database tafoege. Lêzers kinne korreksjes opjaan, dy't dan beoardiele wurde en, as men it der mei iens is, nei ferrin fan tiid trochfierd wurde. De IAFD wurdt tsjintwurdich algemien beskôge as gesachhawwend op it mêd fan ynformaasje oer de pornoyndustry, en is yn ferskate sjoernalistike en wittenskiplike atikels iepentlik as boarne brûkt.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.