Namme
In namme is in oantsjutting dy't brûkt wurdt foar identifikaasje. Der kin mei ferwiist wurde nei in beskate kategory fan dingen (soartnamme) of nei ien inkeld ding. Yn dat lêste gefal kin it gean om in unike namme foar dat iene spesifike ding, of om in ferwizing dy't inkeld jildich is binnen in beskate kontekst. As men it wurd 'namme' heart, tinkt men meastal it earst oan in persoansnamme, de spesifike oantsjutting fan in minske, dy't yn 'e Westerske kultuer opboud is út ien of mear foarnammen, eventueel in middelnamme of patronym en ien of mear efternammen. Yn 'e taalkunde wurde persoansnammen en oare spesifike nammen fan dingen (lykas fan bedriuwen, skippen, boeken of geografyske plakken) oantsjut as eigennammen. De tûke fan wittenskip dy't him dwaande hâldt mei de stúdzje fan nammen is de nammekunde.
Soarten nammen
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|