Ferstienne patronym
In ferstienne patronym is in fêste efternamme dy't basearre is op in foarnamme. Sokke nammen wiene fan oarsprong wiere patronimen wêrby't se oanjoegen hoe't de heit fan 'e drager hiet en dus mei eltse generaasje feroaren. Yn Fryslân wurde sokke wiere patronimen noch wol offisjeus brûkt, lykas yn 'Piter Jelles Troelstra'.
Jeropa
bewurkje seksjeNederlân
bewurkje seksjeDe meast foarkommende ferstienne patronimen yn Nederlân binne dy op -sen (Jansen, Pietersen) en op -s (Willems, Peters). Yn Noard-Nederlân jouwe in soad útgongen as -ma of -sma dit oan (bygelyks Jansma, Broersma en Gjaltema). Dat binne ferstienne patronimen, dy't oarspronklik in ferkoarting fan it wurd man wêze kinne.
Yn Grinslân, Drinte, Oerisel en Gelderlân komme efternammen op -ing of -ink foar: Wiebing (ôfstammeling fan Wiebe); Wesselink (ôfstammeling fan Wessel). Mar omdat dy efterheaksels yn de Nedersaksyske dialekten de rommere betsjutting "hearrende by" hat, wurdt it yn efternammen ek wol oan oare wurden plakt: Banning, Veltink, Waterink. It algemien Germaansk efterheaksel -ing is trouwens tige âld. De ôfstammelingen fan Karel Martel wurde de Karolingen neamd; sjoch ek de oantsjutting Wytsing (fan oarsprong Viking), foar lju dy't mei harren boaten ynhammen fan 'e see (vík) opsylden.
Skandinaavje
bewurkje seksjeYn Noardgermaanske talen komt it ferstienne patronym foar as it efterheaksel -son of ek wol -sen yn it Deensk en Noarsk. It Iislânsk is de iennichste Jeropeeske taal dêr't it patronym noch funksjoneel is (en dus net ferstienne), en dêr't eltse 'efternamme' yn prinsipe einiget op -son ("-soan") of -dóttir ("-dochter").
Grikelân
bewurkje seksjeYn it Gryksk ferfolje it efterheaksels -ides of -idis (Koutoufides, Stavridis) en it foarheaksel papa- (Papakostas) de funksje fan ferstienne patronym. Yn de 17e en 18e iuw waard de útgong -ides ek wol troch Nederlanners brûkt (bgl. Harmanus Oneïdes), dy't sjen litte woenen dat se harren klassiken koene, en dus studearje kind hiene en dêrmei ta de hegere sosjale klassen hearden.
Roemeenje
bewurkje seksjeYn it Roemeensk komme de ferstienne patronimen -escu en -eanu foar, lykas yn Petrescu (soan fan Petre).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |