It Noarsk is in Noardgermaanske taal dy’t ûnderdiel útmakket fan de Yndo-Jeropeeske taalfamylje dy’t troch likernôch 4,5 miljoen sprutsen wurdt. It is in offisjele taal yn Noarwegen.

Noarsk
algemien
eigen namme norsk
lânseigen yn Noarwegen, Sweden, Denemark, Yslân, Feriene Steaten
tal sprekkers 5.000.000
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Noardgermaansk - Westskandinavysk - Noarsk
taalstatus
offisjele status Offisjeel yn Noarwegen
taalkoades
ISO 639-1 no (Noarsk), nb (Bokmål), nn (Nynorsk)
ISO 639-2 nor (Noarsk) nob (Bokmål), nno (Nynorsk)
ISO 639-3 nor (Noarsk) nob (Bokmål), nno (Nynorsk)

It Noarsk is nau besibbe oan de oare twa talen oan de Skandinavyske fêste wal, it Deensk en it Sweedsk. Dizze trije talen binne ûnder elkoar reedlik te ferstean. Twa oare Skandinavyske talen, it Iislânsk en it Faeröersk, binne net mear fersteanber mei it Noarsk, Sweedsk en Deensk.

Der binne twa offisjele skriuwtalen fan it Noarsk, it Bokmål en it Nynorsk. Ek binne der in soad dialekten. Alhoewol’t de measte dialekten it measte wei hawwe fan it Nynorsk as fan Bokmål, wurdt it Nynorsk troch mar 10-15 % fan de Noaren as skriuwtaal brûkt, it oare part brûkt it Bokmål.

Oars as yn de measte oare lannen is it yn Noarwegen sosjaal akseptearre om yn it dialekt te sprekken. Der is gjin “algemien beskaafd Noarsk” of soks sawat. Wol is der it Standard Østnorsk (Standert Eastnoarsk), mar dat wurdt mar troch in tige lyts part fan de befolking brûkt. Op telefyzje en op de radio wurdt faak gebrûk makke fan in foarm fan ien fan de skriuwtalen.

It Noarsk wurdt skreaun yn it Latynske alfabet, wêryn nei de z noch trije tekens komme, de æ, ø en å. Dizze letters wurde sjoen as aparte letters. De c, q, w, x en z wurde kwealik brûkt.

Skaaimerk fan it Noarsk is de prosody, it is in lûdtaal. Der besteane twa ferskate lûden, dizze kinne betsjuttingsûnderskiedend wêze. De selsstannige namwurden bønder en bønner (de útspraak is itselde, op it lûd of it aksint nei) betsjutte boeren en beanen (it twadde wurd kin ek gebed betsjut, ôfhinklik fan de kontekst).

Skiednis fan it Noarsk

bewurkje seksje
 
De fersprieding fan it Aldnoarsk om 900 hinne. Yn de reade gebieten waard it westlik dialekt sprutsen dat him letter feroare ta it Noarsk, Yslânsk en Faroëersk.

Oarspronklik waard der yn heul Skandinaavje deselde taal sprutsen, it Oernoarsk en letter, fan likernôch 700 ôf, it Aldnoarsk. Om 1350 hinne, nei dat in grut part fan de Noarske befolking oan in pestepidemy omkaam wie, ûntwikkele him in oar Noarske taal, it Middelnoarsk. Dizze taal gie om 1525 hinne oer yn it modernge Noarsk.

It runeskrift waard brûkt as skriuwtaal oant yn de Midsiuwen, doe’t it stadich oan ferfongen waard troch it Latynske alfabet.

Yn 1397 rekke Noarwegen syn status as selsstannich keninkryk kwyt, en yn 1536 waard Noarwegen in provinsje fan Denemark. It Deensk waard de skriuwtaal, de taal fan de middenklasse, de amtners, skoalle en tsjerke. De Noarske taal bleaun bestean yn de dialekten fan it plattelân. Benammen yn West-Noarwegen hâlde it Noarsk syn eigen skaaimerken.

Nei dat Noarwegen yn 1814 ûnôfhinklik waard, ûntwikkelen de twa ferskate skriuwtalen har yn de rin fan de 19e iuw. It Riksmål (rykstaal), letter Bokmål (boeketaal) neamd, wie basearre op de beskaafde, ferdeenske útspraak fan de elite. It Landsmål (lântaal), letter Nynorsk (Nijnoarsk) neamd, wie basearre op de dialekten fan West-Noarwegen.

Der ûntstie in beweging dy’t ien Noarske taal, it Samnorsk, neistribbe, mar dy beweging hat nea in soad oanhing hân. Wol ûndergienen beide skriuwtalen in soad staveringswizigingen om sa tichter byelkoar te kommen. De Noaren hawwe harren der op it stuit mar by dellein dat der twa Noarske standerttalen neist elkoar bestean.

 
De ferdieling fan it Bokmål en it Nynorsk yn Noarwegen.

It Noarsk hat in grut ferskaat oan dialekten. It is dan ek hast net te dwaan in rûzing te meitsjen fan it tal dialekten dy’t yn Noarwegen sprutsen wurde. Ferskillen yn grammatika, sinsbou, wurdskat en útspraak geane oer geografyske grinzen en kinne dialekten meitsje op it nivo fan in buorskip. Dialekten binne yn guon gefallen sa ferskillend dat se net te ferstean binne foar oare Noarske sprekkers. Guon taalkundigen merke op dat der op it stuit in soad dialekten ferdwine yn in lokale fariant. Wol moat sein wurde dat der in hieltyd gruttere ynteresse is foar it behâld fan bedrige dialekten.

It meastepart fan de moderne wurdskat fan it Noarsk komt út it Aldnoarsk. De grutste boarne fan lienwurden is it Middelleechdútsk, wat in grutte ynfloed op de Noarske wurdskat hie sûnt de lette Midsiuwen, oan sels de grammatika struktueren ta. Hjoed de dei komme de measte lienwurden, kreklyk as by de measte oare talen, fan it Ingelsk. Alhoewol’t it Noarsk sjoen wurdt as in taal dy’t minder ynfloeden hat fan it Ingelsk as bygelyks it Sweedsk en Deensk

Fan guon lienwurden is de stavering feroare om de Noarske útspraak sjen te litten, mar dizze wurden hawwe in lange tiid nedich foar’t se goed ynboargere sitte. Foarbylden fan wurden dy’t de Noaren in soad brûke en dy’t Fernoarske binne bygelyks sjåfør (fan it Frânske chauffeur) en revansj (fan it Frânske revanche). Mar oare wurde, bygelyks jus (fan it Ingelske juice) keitering (fan it Ingelske catering) en sørvis (fan it Ingelske catering) wurde noch net folle brûkt.

Taal Sin
Ik kom fan Noarwegen Hoe hiet hy? Dit is in hynder De reinbôge hat in soad kleuren Myn loftkessenfartúch sit fol iel
Bokmål Jeg kommer fra Norge Hva heter han? Dette er en hest Regnbuen har mange farger Luftputebåten min er full av ål
Min luftputebåt er full av ål
Riksmål Regnbuen har mange farver
Deensk Hvad hedder han? Min luftpudebåd er fuld af ål
Nynorsk Eg kjem frå Noreg Kva heiter han? Dette er ein hest Regnbogen har mange fargar
Regnbogen er mangleta
Luftputebåten min er full av ål
Svevebåten min er full av ål
Høgnorsk Regnbogen hev mange fargar
Regnbogen er manglìta
Dönsk tunga Ég kem frá Noregi Hvað heitir hann? Þetta er hross/hestur Regnboginn er marglitur Skýschiff mínn er fullur af álum
Yslânsk Ég kem frá Noregi Hvað heitir hann? Þetta er hross/hestur Regnboginn er marglitur Svifnökkvinn minn er fullur af álum
Sweedsk Jag kommer från Norge Vad heter han? Detta är en häst Regnbågen har många färger Min svävare är full med ålar
Faeröersk Eg komi frá Noreg/Norra Hvussu eitur hann? Hetta er eitt ross/ein hestur Ælabogin hevur nógvar litir Luftpútufar mítt er fult í álli!
Dútsk Ich komme aus Norwegen Wie heißt er? Dies ist ein Hengst/Roß/Pferd Der Regenbogen hat viele Farben Mein Luftkissenfahrzeug ist voller Aale
Nederlânsk Ik kom uit Noorwegen Hoe heet hij? Dit is een paard De regenboog heeft veel kleuren Mijn hovercraft zit vol paling
Afrikaansk Ek kom van Noorweë Hoe heet hy? Dit is 'n perd Die reënboog het baie kleure My skeertuig is vol palings


 
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Noarske ferzje.
 
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Noarske ferzje.