Gelderlân (Nederlânsk: Gelderland) is in provinsje fan Nederlân, en bestiet as sadanich sûnt 1814. It hat 2.133.708 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS), en in oerflak fan 5.136 km². De haadstêd is Arnhim. De grutste stêd is Nijmegen. De lytsere stêden fan betsjutting binne Apeldoarn, Sutfen, Hurderwyk, Tiel en Doetinchem.

Gelderlân
     
folksliet: Ons Gelderland
polityk
lân Nederlân
status provinsje
oprjochting 1814
offisjele taal Nederlânsk
haadstêd Arnhim
tal gemeenten 51
kommissaris fan
   de kening
John Berends
  (VVD)
geografy
geograf. koördinaten 51°58' NB 5°54' EL
oerflak 5.136,30 km² (2015)
  •  dêrfan lân 4.960,47 km²
  •  dêrfan wetter 175,84 km²
  rang provinsjes 1e fan 12
demografy
ynwennertal 2.133.7081
  teldatum 1 jannewaris 2023
  rang provinsjes 4e fan 12
befolkingstichtens 430 / km²
grutste plak Nimwegen
religy (2015) 46,3% ateïsten en agnosten
23,2% protestanten
21,6% roomsk-katoliken
3,6% moslims
5,3% oaren
oar
NUTS NL22
ISO 3166-2 NL-GE
tiidsône MET (UTC+1)
simmertiid MEST (UTC+2)
offisjele webside
www.gelderland.nl
1) boarne: CBS-StatLine
Gelderlân (2019)

Geografy bewurkje seksje

De provinsje leit tusken yn it suden Limburch en Noard-Brabân, yn it westen Súd-Hollân en Utert, yn it noarden Flevolân en Oerisel, en yn it easten leit de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen.

Gelderlân kin geakundich yn de neikommende regio's opdield wurde: de Feluwe, de Gelderske Fallei, de Betuwe, de Liemers it Ryk fan Nimwegen en de Achterhoeke. De grutste rivier is de Ryn. Yn Gelderlân ûntspringe fanút de Ryn de Waal en de Isel. De Maas is de grinsrivier mei Noard-Brabân. De heuvel Signaal Imbosch is mei 109,9 meter it heechste punt fan 'e provinsje.

Untwikkeling ynwennertal bewurkje seksje

  • 1850 – 365.000
  • 1900 – 567.000
  • 1960 – 1.267.000
  • 1980 – 1.694.000
  • 2000 – 1.919.000
  • 2020 – 2.086.000
  • 2023 – 2.134.000

Gemeenten bewurkje seksje

Gelderlân bestiet sûnt 2019 út 51 gemeenten.

  1. Aalten
  2. Apeldoarn
  3. Arnhim (haadstêd)
  4. Barneveld
  5. Berg en Dal
  6. Berkelland
  7. Beuningen
  8. Bronckhorst
  9. Brummen
  10. Buren
  11. Culemborg
  12. Doesburch
  13. Doetinchem
  14. Druten
  15. Duiven
  16. Ede
  17. Elburch
  1. Epe
  2. Ermelo
  3. Hattem
  4. Heerde
  5. Heumen
  6. Hurderwyk
  7. Lingewaard
  8. Lochem
  9. Maasdriel
  10. Montferland
  11. Neder-Betuwe
  12. Nijkerk
  13. Nijmegen
  14. Nunspeet
  15. Oldebroek
  16. Oost Gelre
  17. Oude IJsselstreek
  1. Overbetuwe
  2. Putten
  3. Renkum
  4. Rheden
  5. Rozendaal
  6. Saltbommel
  7. Skerpenseel
  8. Sutfen
  9. Tiel
  10. Voorst
  11. Wageningen
  12. West Betuwe
  13. West Maas en Waal
  14. Westervoort
  15. Wijchen
  16. Winterswyk
  17. Zevenaar

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Gelderlân
 
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar
 
Provinsjes fan Nederlân
 
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert