Nijkerk
Nijkerk (Nedersaksysk: Niekark) is in stêd en gemeente yn de provinsje Gelderlân. De gemeente hat 45.400 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en in oerflakte fan 72,05 km², wêrfan 2,53 km² wetter. De stêd stiet by guon noch bekend as doarp, mar hat al sûnt 1413 stedsrjochten. De gemeente bestiet út de kearnen Nijkerk, Nijkerkerveen en Hoevelaken, mei de buorskippen Holkerveen en Driedorp. Nijkerk leit sintraal tusken de Feluwe en de Rânestêd.
Nijkerk | |
---|---|
Sintrum fan Nijkerk | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Gelderlân |
boargemaster | Gerard Renkema (CDA) |
sifers en geografy | |
haadplak | Nijkerk |
grutste plak | Nijkerk |
ynwennertal | 45.400 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 640 / km² |
oerflak | 72,04 km² |
● wêrfan lân | 69,34 km² |
● wêrfan wetter | 2,7 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 2 |
ferkearsieren | A1 A28 N301 Spoar fan Utert nei Kampen |
skiednis | |
oprjochte | 1413 |
oar | |
netnûmer | 033 |
postkoade | 3860-3864, 3870-3871 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.nijkerk.eu |
Sûnt 2010 is de gemeente Nijkerk oansletten op it gearwurkingsferbân Regio Foodvalley yn 'e mande mei de gemeenten Barneveld, Skerpenseel, Ede, Wageningen, Rhenen, Veenendaal en Renswoude.
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme komt fan de Nije tsjerke, dy't boud waard neidat de âlde kapel yn 1221 troch in feanbrân ferwoaste wie. Nijkerk hat yn de skiednis in oantal kearen te krijen hân mei rampen. Yn 1421 baarnde de tsjerke ôf. Ek barden der oerstreamings fanút de Sudersee; ûnder oare op 13 - en 14 jannewaris 1916. Omdat Nijkerk sintraal lei tusken it aartsbisdom Utert en it hartochdom Gelre, wie de stêd geregeld wei striidtoaniel, en yn 1412 waard it doarp finaal ferwoaste. Op 27 maart 1413 krige Nijkerk as fergoeding stedsrjochten en frijstelling fan toljild yn Gelre. Yn 1540 baarnde de stêd wer foar it grutste part ôf.
Nijkerk bloeide yn de 18e iuw. De stêd libbe fan tabakstylt, handel, en glêsblazerijen, en wie yn 1795 de grutste stêd fan de Feluwe. Dit is goed te fernimmen oan de arsjitektuer. Yn dy tiid binne in soad hearehuzen boud yn it hjoeddeiske sintrum. Yn Gelderlân wie allinnich Arnhim grutter.
In oantal wyk- en strjitnammen ferwize nei wichtige persoanen yn de skiednis. Foarbylden hjirfan binne Corlaer, de Van Rensselaerstrjitte en de Slichtenhorsterwei dy't neamd binne nei pioniers dy't út Nijkerk wei nei Nij Nederlân lutsen (it hjoeddeiske New York). Fierders de Ds Kuypersstrjitte (neamd nei Gerardus Kuypers (1749-1750), bekend fan de Nijkerkse beroeringen) en de Boargemaster Stamstrjitte, neamd nei boargemaster Stam dy't bekend is fan it fersetwurk yn de Twadde Wrâldoarloch en dy't ek boargemaster fan Dinxperlo west hat. En dan noch de Kardinaal Alfrinkleane, ferneamd nei Kardinaal Alfrink.
Arent fan Corlaer út Nijkerk stifte yn 1662 de Hollânske Koloanje Schenectady yn Nij-Nederlân, no de steat New York yn de Feriene Steaten. Nijkerk ûnderhâldt noch altyd freonskiplike betrekkingen mei de stêd Schenectady.
Sintrum
bewurkje seksjeIt sintrum bestiet út in tal winkelstrjitten mei it Grutte Plein. Neist in soad terraskes sit hjir ek de âlde waach fan Nijkerk by it stedsgrêftsje. Der binne in soad winkels en op it Plein is benammen simmerdeis in soad te rêden. Net allinnich toeristen fan de Feluwe komme hjir op ôf mar ek boatsjeminsken dy't yn de jachthaven fan Nijkerk lizze. Krekt bûten it sintrum stiet by de frachthaven oan de Arkerfeart it gemeentehûs fan Nijkerk. De âlde sûkelarjefabryk fan 'De Baronie' is omboud ta in grut meubel- en ynterieursintrum De Havenaer mei as blikfanger de âlde wettertoer. Hjir steane ek de mânske silo's fan Nijkerk dy't fan fierren te sjen binne.
Perioade nei de Twadde Wrâldoarloch
bewurkje seksjeWenningbou
bewurkje seksjeNei de Twadde Wrâldoarloch groeide Nijkerk tige, benammen nei de oanlis fan de A28. It stik lân tusken dizze rykswei en de stêd waard brûkt foar bedriuwsterreinen, lykas de Arkerfeart en Watergoor, wat in soad wurkgelegenheid oplevere. Dat late ta fierdere ekspânsje fan de wenningbou. De earste neioarlochske wenwiken ferriisden: Schulpkamp, de Bruins Slotleane en ienige bebouwing om it sintrum hinne (benammen by de Kommissaris van Heemstrastrjitte en de Havenstrjitte).
Ein jierren fyftich waard begûn oan de eastside fan de stêd. Ut dizze perioade, oant ± 1975 stamme de wiken Beulekamp, Paasbos en Renselaer; yn de lêste wyk waarden foar it earst flats oplevere (van Oldenbarneveltstrjitte). Ein jierren santich begûn mei de wyk Strijland in grut projekt, oanslutend op de wiken Beulekamp en Paasbos. Hjir boude men oant ûngefear 1986, dêrnei waard oan de westkant útwreide.
Ek waarden yn de jierren santich om ferpleechhûs Zilverschoon twa wiken oanlein. As earste in wyk tusken de Bruins Slotleane en de Berecamperwei (in soad strjitten hawwe it wurd "camp" yn de namme). As twadde waard der ek efter fersoargingstehûs Zilverschoon de wyk Hazeveld boud.
Om 1989 begûn de gemeente ten westen fan de rûnwei oan de wyk Corlaer. In grut projekt. Om 1997 starte men it twadde gedielte, Grut-Corlaer, mei de dielplannen Boerderijakkers (1997-2000), De Bogen (2000-2006) en as lêste it dielplan De Terrassen. Sûnt 2007 wurde yn dizze wyk 800 wenten boud. Sûnt dyselde tiid wurde in tal ynwreidingslokaasjes beboud, ûnder oare oan de Oranjeleane en it Molenplein/van Reenenpark. Ek de foarsjenningen binne útwreide. Sa binne der ferskate sportferienings en sûnt inkele jierren alle foarmen fan fuortset ûnderwiis yn it Corlaer Kolleezje.
Takomstfyzje romtlike oardering
bewurkje seksjeOp basis fan de ûntwikkelingsfyzje soe Nijkerk yn 2030 trochgroeie kinne nei maksimaal 51.000 ynwenners.
De kommende perioade bout Nijkerk yn de wenwiken De Terrassen en Middellaar (Hoevelaken) en op ferskate ynwreidingslokaasjes. Takomstige wenningbou is mooglik op fjouwer lokaasjes, direkt grinzend oan stêdlik gebiet: Doornsteeg, Luxol, Middelaar East en Plankenburch. It doarp Nijkerkerfean sil ôfboud wurde. De mooglikheden foar nijbou by it doarp sille ûndersocht wurde. Op langere termyn soenen der eastlik fan Nijkerkerfean twa nije doarpen by komme kinne.
Underwiis
bewurkje seksjeNijkerk hat twa middelbere skoallen:
- Corlaer College (protestantsk-kristlik)
- Groenhorst College (agrarysk opliedingssintrum)
- Het Accent (praktyk ûnderwiis)
Ryksmonuminten
bewurkje seksje-
Plein Nijkerk
-
Winkelstrjitte Nijkerk
-
Winkelstrjitte Nijkerk
-
Stasjon NS
-
Stasjon NS
-
Fontein Nijkerk
-
Grêft Nijkerk
-
De Havenaer Nijkerk
-
Wettertoer Nijkerk
-
Silo oan de Arkerfeart Nijkerk
-
Nijbouwyk De Terrassen
-
Nijbouwyk De Terrassen
-
Buorren
-
Den Hoek (1913)
-
Spoorzicht
-
NS-stasjon-westside
-
NS-statsjon eastside
-
Nutsgebou
-
Museum Ald Nijkerk
-
rotonde mei fontein
-
troch de stêd rint ek wetter
Bekende ynwenners
bewurkje seksjeBerne
bewurkje seksje- Kiliaen fan Rensselaer (1585-1643), diamanthanneler en stifter fan de koloanje Rensselaerswijck yn Nij-Nederlân
- Wouter van Twiller (1606-±1646), gûverneur fan Nij Nederlân
- Arent van Corlaer (1619-1667), ûntdekkingsreizger
- Christiaan Eijkman (1858-1931), arts en patolooch (winner Nobelpriis foar de Fysiology of Genêskunde 1929)
- Jacob van Domselaer (1890-1960), komponist
- Bernardus Alfrink (1900-1987), kardinaal-aartsbiskop fan Utert
- Henri Nouwen (1932-1996), preester, misjonaris, psycholooch en kristlik skriuwer
- Paul Nouwen (1934-2009), topfunksjonaris en bestjoerder (âld-haaddirekteur fan de ANWB, broer fan Henri Nouwen)
- Pieter Bouw (1941), topman
- Harm Bruins Slot (1948), amtner, politikus en bestjoerder (Publike Omrop)
- Tijs van den Brink (1970), sjoernalist, radio- en tv-presintator en kristlik skriuwer
- Vincent van Essen (1979), (tv-)kok
- Theo Brack (1985), fuotbalkeeper
Bekende ynwenners
bewurkje seksje- Lex Harding (1945), ûndernimmer en earder Veronica-diskjockey
- Gerard Renkema (1959), boargemaster sûn 2007
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nijkerk fan Wikimedia Commons. |
Gelderlân | |
---|---|
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar | |
· · |