Berkelland is in gemeente yn it easten fan de Nederlânske provinsje Gelderlân yn de krite Achterhoeke tsjin de grinzen fan Oerisel en Dútsklân oan. De gemeente hat 43.918 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 260,21 km². De gemeente is neamd nei de rivier de Berkel.

Lizzing fan de gemeente Berkelland

De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2005 nei in fúzje fan de gemeenten Borculo, Eibergen, Neede en Ruurlo. It haadplak fan de gemeente is Borculo.

De gemeente bestiet út 11 offisjele kearnen:

Plak Ynwenners (2021)[1]
Beltrum 2.830
Borculo 7.775
Eibergen 11.210
Geesteren 1.335
Gelselaar 650
Haarlo 709
Neede 9.380
Noordijk 740 (2007)
Rekken 1.330
Rietmolen 1.020
Ruurlo 7.730

Oare kearnen en buorskippen binne: Avest, Brammelerbroek, Brinkmanshoek, Broeke, De Bruil, Dijkhoek, De Haar, Heure, Heurne (foar in part), Holterhoek, Hoonte, De Horst, Hupsel, Kisveld, Kulsdom, Leo-Stichting, Lintvelde, Lochuizen, Loo, Mallem, Nederbiel, Noordijkerveld, Olden Eibergen, Oosterveld, Overbiel, Respelhoek, Ruwenhof, Schependom, Spilbroek, Veldhoek (foar in part), Waterhoek en Zwilbroek.

 
Gemeentekaart fan Berkelland

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Gelderlân
 
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar
  ·   ·