Epe is in plak yn it noarden fan 'e provinsje Gelderlân. It plak leit yn it noardeastlike diel fan 'e Feluwe en is it haadplak fan 'e gemeente mei deselde namme. Under it doarp falle ek de buorskippen Dijkhuizen, Tongeren, Vemde, Wissel en Zuuk.

Epe
Keunstwurk oan 'e Haadstrjitte
Keunstwurk oan 'e Haadstrjitte
Polityk
Provinsje Gelderlân
Gemeente Epe
Sifers
Ynwennertal 15.680 (2022)[1]
Oerflak 59,17 km², wêrfan:
- lân: 59,02
- wetter: 0,15
Befolkingsticht. 266 ynw./km²
Oar
Koördinaten 52° 20'N 5° 59' E
Kaart
Epe (Gelderlân)
Epe

Sûnt it begjin fan 'e jiertelling wurdt de krite fan 'e hjoeddeiske gemeente bewenne. Yn 'e doarpshimrik lizze ferskillende grêfheuvels út de Nije Stientiid (4000 oant 1700 f.Kr.). Ek binne út dy tiid in soad fynsten bekend.

Neffens û.o. Van Berkel en Samplonius is de namme Epe fan it ier-Germaanske of faaks sels pre-Germaanske wurd apa ôflaat, dat wetterrin betsjut. It âldste dokumint weryn de namme fan it doarp de Apa stiet, stamt út it jier 1176.

Fan 2 septimber 1887 oant 8 oktober 1950 hie Epe in stasjon oan 'e Baronnespoar tusken Apeldoarn en Swol.

Sûnt 1966 waarden yn Epe ek Tomos-brommers boud. Tomos wie de lêste bromfytsefabryk fan Nederlân en waard yn desimber 2009 sletten.

Op 20 augustus 2024 gie de Regenboogkerk in grifformearde tsjerke oan de Beekstraat troch brân ferlern.[2][3]

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Grutte- of Sint-Martenstsjerke
  • Yn it doarpssintrum stiet de Grutte Tsjerke, in pseudobasilyk út de 12e iuw.
  • It doarp telt noch ferskillende pleatskes út de 18e en 19e iuw.
  • De kopermûne oan 'e Kopermolenweg 5 datearret út 1750.
  • Yn 'e himrik fan Epe lizze in grut tal argeologyske monuminten
 
Renderklippen

Om Epe hinne lizze in soad bosk- en heidegebieten, dy't hjir en dêr ôfwiksele wurde troch agrarysk grûngebrûk. Op de grins mei Heerde leit it natoergebiet De Renderklippen. Om wyld te sjen binne der yn 'e himrik fan Epe in pear wyldskerms set.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: