Epe is in gemeente op it noardeastlike diel fan 'e Feluwe yn 'e provinsje Gelderlân. It haadplak fan 'e gemeente is it doarp Epe. De gemeente hat 33.192 (1 jannewaris 2024) ynwenners.

Epe

Gemeentehûs
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Gelderlân
sifers en geografy
haadplak Epe
grutste plak Epe
ynwennertal 33.192 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 377 ynw./km²
oerflak 157,37 km²
● wêrfan lân 156,07 km²
● wêrfan wetter 1,3 km²
ferkearsieren A50 A28 N309 N794
skiednis
oprjochte
oar
netnûmer 0578
postkoade 8160-8162, 8166-8167, 8170-8172
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.epe.nl

It gemeentegebiet waard al foar de kristlike jiertelling bewenne. Der binne in soad prehistoaryske fynsten en grêfheuvels út de Nije Stientiid (4000-1700 foar Kristus). Bysûnder foar Nederlân binne de saneamde celtic fields, fan ierden wâltsjes omklamme prehistoaryske ikkers mei in fjouwerkante foarm. Dêrfan lizze der in grut tal fan meiïnoar 76 hektare by Vaassen ticheby de Gortelseweg. Se datearje út 'e Izertiid.

Neffens Van Berkel en Samplonius soe de namme Epe ôflaat wêze fan in ier-Germaansk of faaks sels it pre-Germaanske wurd apa, itjinge wetterrin betsjut. It âldste dokumint dêr't de namme fan it doarp Ape yn neamd wurdt, datearret út it jier 1176.

Op 1 jannewaris 1812 waarden Vaassen en Emst fan Epe ôfsplitst om as selsstannige gemeente fierder te gean, mar op 1 jannewaris 1818 waard dy nije gemeente wer opheft en waarden de doarpen op 'e nij by Epe yndield.

Gemeenteyndieling

bewurkje seksje
  • De gemeente Epe hat fjouwer doarpen: Epe, Vaassen , Emst en Oene.
  • Buorskippen: Boshoek, Dijkhuizen, Geerstraat, Gortel, Hanendorp, De Hegge, De Jonas, 't Laar, Laarstraat, Loobrink, Niersen, De Oosterhof, Schaveren, Tongeren, Vemde, Westendorp, Wijnbergen, Wissel en Zuuk.
 
Hooge Heide

De gemeente leit op 'e Feluwe en de natoer mei in soad bosk en heide lykas de Renderklippen bringt in soad toeristen nei Epe. Ek binne der ferskillende plakken dêr't efter skermen wyld sjoen wurde kin.

Yn 'e bosken en by paden of diken lâns is oeral it wurk fan wylde bargen fan omwrotten grûn te sjen. Alle jierren soargje de wylde bargen foar in soad oerlêst. De bewenners beskermje harren tunen mei hekken mei gaas. Ek wurde der in soad bargen oanriden, somtiden mei deadlike ôfrin. Yn 'e simmer fan 2008 wie it sa slim, dat Epe it lanlike nijs helle. De provinsje hat doe it beslút nommen om 60% fan 'e populaasje ôf te sjitten.

Tsjerklikens

bewurkje seksje

De gemeente Epe is troch it doarp Epe gjin typyske Bibelgurdle-gemeente. Ofgeande op it stimgedrach wykt it grutste doarp yn 'e gemeente sterk ôf fan de oan 'e gemeente grinzgjende gemeenten Oldebroek en Nunspeet. De doarpen Oene, Vaassen en Emst hawwe lykwols in folle tsjerkliker ynslach as it haadplak.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Epe (gemeente)