De bibelgurdle, ek wol bible belt of refobân, is in oantsjutting fan de geografyske bân dy't fan westlik Oerisel nei Seelân rint, yn Nederland. Hjir wenje relatyf in soad befynlik grifformearden, dy't ek wol 'swartehoazetsjerken' (zwartekousenkerken) neamd wurde. Ek yn de bibelgurdle hawwe sy lykwols yn gjinien gemeente in mearderheid.

SGP-stimmers de gemeente by de Twadde Keamerferkiezingen fan 2003: griis = 0-4,9%; ferskillende tinten read jouwe elts in stiging fan 5% oan oant de klasse 30-34,9% (op Urk)
SGP-stimmers de gemeente by de Twadde Keamerferkiezingen fan 2010
Dizze side giet oer de Nederlânske Bibelgurdle. Foar de Amerikaanske Bibelgurdle, sjoch: Bibelgurdle (Feriene Steaten).

Neist de SGP hat ek de KristenUny yn de bibelgurdle mear oanhingers dan yn oare kriten fan Nederlân.

De bibelgurdl rint rûchwei fan de Siuwske eilannen en it Súd-Hollânske Goeree-Overflakkee fia it rivieregebiei fan de provinsjes Súd-Hollân, Noard-Brabân, Utert, en Gelderlân, troch de Gelderske Fallei en de Feluwe nei Oerisel. Plakken sa as Staphorst, Genemuiden, IJsselmuiden, Elspeet, Ederfean, Ede, Opheusden, Nij Lekkerlân, Hardinksfjild, Wijk en Aalburg, Sprang-Capelle, Ouddorp, Sint-Filipslân, Skerpenisse, Stavenisse, Kruiningen, Krabbedyk, Yrseke, Arnemuiden, Meliskerke en Aagtetsjerke lizze yn dit gebiet. Inkelde plakken bûten it gebiet, mar dêr't wol in protte befynlik grifformearden wenje, binne: Urk, Rijssen, Hardenberg, Katwyk oan See en Skeveningen.

De namme 'Bibelgurdle' komt fan it Ingelske wurd Bible Belt, dêr't in grut gebiet yn it súdeasten fan de Feriene Steaten mei oantsjut wurdt, dêr't in grut part fan de befolking ortodoksk-kristlik is.