Rijssen (Nedersaksysk: Riesn) is in stêd en eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Oerisel, yn de gemeente Rijssen-Holten dêr't de stêd it haadplak fan is. Rijssen hat 28.885 ynwenners (2023).

Rijssen
Herfoarme tsjerke yn Rijssen (2024)
Herfoarme tsjerke yn Rijssen (2024)
Emblemen
                 
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Rijssen-Holten
Sifers
Ynwennertal 28.885 (2023) [1]
Oerflak 28,07 km²
dêrfan lân: 27,96 km²
dêrfan wetter: 0,11 km²
Befolkingsticht. 1.029 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren Spoar fan Dimter nei Almelo,
N347, N350
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 18' NB, 6° 31' EL
Kaart
Rijssen (Oerisel)
Rijssen

De âldste fermelding fan Rijssen is yn list fan lânguod fan de greve fan Dale (1188), dêr't de parrochia Risnen yn neamd wurdt. De hjoeddeiske protestantske Skildtsjerke, de Sint-Dionysiustsjerke, foarme it sintrum fan it kerspel Risnen. De biskop Otto fan Hollân ferliende oan it doarp Rijssen al op 5 maaie 1243 stedsrjochten. Dy rjochten holden yn dat de stêd Rijssen twa jiermerken hâlde mocht en twa wykmerken. De stêd krige ek it rjocht om him te ferdigenjen, wat Rijssen die troch it oanlizzen fan wâlen en grêften.

Yn de nacht fan 25 op 26 maart 1945 stoarte in V1 raket del op Rijssen wêrby't 9 minsken om it libben kamen. In út Dútslân weromkommend Ingelsk fleantúch smiet in bom op it plak fan de flammesee, wêrtroch 't noch mear slachtoffers foelen. Yn totaal kamen der 23 minsken om it libben.[2]

Ferkear en ferfier

bewurkje seksje

Rijssen is berikber fia de provinsjale diken 347 en 350 en fierder is der in treinstasjon, stasjon Rijssen oan it Spoar fan Dimter nei Almelo.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Rijssen-Holten  
stêd:
Rijssen
Doarp:
Holten
Buorskippen:
BeusebergDe BorkeldDijkerhoekEspeloHolterbroekLichtenbergLookNeerdorp
Wetter:
Regge
  ·   ·