Grutte Tsjerke (Epe)

De Grutte of Sint-Martenstsjerke is in goatysk tsjerkegebou mei in romaanske toer yn it Gelderlânske plak Epe.

Grutte Tsjerke
Lokaasje
Provinsje Gelderlân
plak Epe
adres Haadstrjitte 76
koördinaten 52° 20'N 5° 59' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Martinus fan Tours
Arsjitektuer
boustyl Romaanske en goatyske styl
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15328
Webside
Hiemside Grutte Tsjerke
Kaart
Grutte Tsjerke (Gelderlân)
Grutte Tsjerke

De pseudobasilyk waard yn 'e earste helte fan 'e 12e iuw boud. Nei alle gedachten barde dat op it plak fan in houten foargonger. Ut de boutiid binne de ûnderste lidden fan 'e toer bewarre bleaun. Yn 'e 13e iuw waard de toer heger makke en yn 'e 15e iuw nochris, nei't de tsjerke in nij koer en in nij skip krige hie en doe de hjoeddeiske pseudobasilikale foarm krige. De toer is 52,5 meter heech.

 
Oargel

De tsjerke fan Epe tsjinne ynearsten as de memmetsjerke fan Hattem, Heerde en Vorchten, dy't yn 1176 troch de Utertske biskop Godfryd fan Epe losmakke waarden. Vaassen en Oene bleaune ek dêrnei ûnder Epe fallen. Yn 1598 gie Epe oer op de grifformearde lear. Hjoed-de-dei wurdt de Grutte Tsjerke brûkt troch de Herfoarme Gemeente Grutte Tsjerke, dy't by de PKN oansletten is.

De tsjerke waard yn 'e jierren 1951-1962 en 2010-2012 restaurearre. De restauraasje fan 'e toer folge yn 2017.

De tsjerke hat in oargel út 1809, dat boud is troch Abraham Meere. Ut de tiid fan foar de reformaasje datearje de ferwulftbeskilderings yn it noardlike skip en it 15e-iuwske doopfont. It ikehouten koerhek is flak nei de reformaasje delset en stiet sûnt de lêste restauraasje wer op it oarspronklike plak.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Grutte Tsjerke, Epe fan Wikimedia Commons.