In pseudobasilyk (pseudo-basilica) is in tsjerkegebou mei in middenskip en twa legere sydskippen. By in pseudobasilyk oerbrêget in muorre sûnder ruten it hichteferskil tusken it hegere middenskip en it legere sydskip. By in pseudobasilyk rinne yn it ekstreemste gefal de dakken fan 'e sydskippen oer yn dat fan it middenskip, mar dat hoecht dus net perfoarst.

Konstruksje pseudobasilyk.

Hawwe de muorren tusken it middenskip en de sydskippen wol ramen om it middenskip te ferljochtsjen, dan wurdt dat in ljochtbeuk neamd. In mearskippich tsjerkegebou mei in ljochtbeuk wurdt in basilyk neamd.

In pseudobasilyk kin oarspronklik in basilyk west ha as sydskippen neitiid ferhege wurde. Wurde de sydskippen ferhege oant deselde hichte as it middenskip en krije dy allegear in eigen dak, dan wurdt der fan in halletsjerke praat.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: