Berg en Dal
Berg en Dal is in gemeente yn it suden fan de Nederlânske provinsje Gelderlân oan de Dútske grins. De gemeente hat 35.497 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 93,28 km².
De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2015 nei in fúzje fan de gemeenten Groesbeek, Millingen oan de Ryn en Tubbergen. It haadplak en grutste plak fan de gemeente is Groesbeek. De gemeente heart by de Stedsregio Arnhim-Nimwegen.
Geografy
bewurkje seksjeIn part fan de gemeente leit op it heger part fan de Nederrynske Heuvelrêch dêr't de doarpen Berg en Dal, Groesbeek en Beek lizze, wylst it leger lizzende gebiet by de rivier de Wal leit dêr't de doarpen Ooij, Leuth en Millingen lizze. It heechste punt fan de gemeente leit op goed 100 meter boppe seenivo.
Plakken
bewurkje seksjeDe gemeente bestiet út 11 doarpen:
Plak | Ynwenners (2021)[1] |
---|---|
Beek | 3.665 |
Berg en Dal | 2.430 |
Erlecom | 150 |
Groesbeek | 16.755 |
Heilig Landstichting | 830 |
Kekerdom | 485 |
Leuth | 1.730 |
Millingen oan de Ryn | 5.890 |
Ooij | 2.520 |
Persingen | 105 |
Ubbergen | 475 |
Stêdebannen
bewurkje seksje- Körmend, Hongarije (1999-2016)
- Kranenburg, Dútsklân
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Gelderlân | |
---|---|
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar | |
· · |