Stedsregio Arnhim-Nimwegen

Stedsregio Arnhim-Nimwegen (Nederlânsk: Stadsregio Arnhem-Nijmegen (SAN)), earder Knooppunt Arnhim-Nimwegen (Knooppunt Arnhem-Nijmegen (KAN)) wie sûnt 1988 in gearwurkingsferbân en fan 2006 oant en mei 2014 in plusregio fan tweintich gemeenten yn de omkriten fan Arnhim en Nimwegen. It gebiet hat 736.107 ynwenners (01.01.2011) en leit yn in wichtige ferkearsstream tusken it Roergebiet yn Dútslân nei de Hollânske Rânestêd, benammen de Rotterdamske haven. De regio-rie fan hie ta doel belied te ûntwikkeljen foar wenjen, wurkjen en ynfrastruktuer om sa ynwenners oan de regio te binen. De stedsregio rjochte him benammen op it ûntwikkeljen fan belied oangeande ferkear en ferfier, ekonomyske ûntjouwing, wenjen, romtlike oardering en miljeu. De regio, mei in grutte fan likernôch 1000 km² wie mei Twinte, Súd-Limburch en de regio Eindhoven ien fan de fjouwer grutstêdlike agglomeraasjes bûten de Rânestêd. Mei yngong fan 1 jannewaris 2015 waarden de ferkears- en ferfierstaken en mei yngong fan 1 jannewaris 2016 de organisaasje fan de stedsregio oerdroegen oan de provinsje Gelderlân. Mei yngong fan 1 jannewaris 2021 giene de gemeenten lykwols in nij gearwurkjen oan ûnder de namme Griene Metropoalregio Arnhim-Nimwegen (Groene Metropoolregio Arnhem-Nijmegen).[1]

Nymwegen


Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: