Beek (Berg en Dal)

Beek yn 'e gemeente Berg en Dal is in doarp yn 'e provinsje Gelderlân. It doarp leit tusken de driuwwâl de Nederrynske Heuvelrêch fan it Ryk fan Nimwegen en de Ooijpolder. Troch it skjinne wetter út de boarnen fan 'e driuwwâl wie Beek fan 'e 19e oant fier yn 'e 20e iuw in doarp fan waskerijen foar de boppelaach fan Nimwegen. Dêrfan tsjûgje noch wat wite waskpleatskes en in pear spielputten.

Beek
De midsiuwske Bartoloméustsjerke.
De midsiuwske Bartoloméustsjerke.
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Berg en Dal
Sifers
Ynwennertal 3.655
Oerflak 4,41 km², wêrfan
- lân: 4,14 km²
- wetter 0,26 km²
Befolkingsticht. 829 ynw./km²
Oar
Koördinaten 51° 49' N 5° 55' E
Kaart
Beek (Gelderlân)
Beek

It doarp leit east fan Nimwegen en foarmet ûnderdiel fan 'e Nederrynske Heuvelrêch, in driuwwâl dy't troch opdriuwingen fan 'e út it noardeasten kommende gletsjers en gletsjertongen ûntstie yn 'e op ien nei lêste iistiid, it Saale-glasiaal.

Yn 'e 15e iuw stiften de hearen fan Groesbeek in kastiel yn 'e buert fan 'e tsjerke. Dat kastiel waard ferneatige en dêrnei waard der in lânhûs ynrjochte foar de famylje Van Randwijck.

Oant 1 jannewaris 1818 bleau Beek in selsstannige gemeente, dy't bestie út Beek, Ubbergen en Nederrijkswald. Doe waard de gemeente mei de gemeente Ooij en Persingen gearfoege ta de nije gemeente Ubbergen.

 
Monumint foar de 82nd Airborne Division.

Yn it ramt fan 'e Operaasje Market Garden waard der op 18 septimber 1944 bot fochten yn Beek. Op 21 septimber 1944 waard it doarp befrijd, mar Beek bleau oant 8 febrewaris 1945 yn it frontgebiet lizzen. Yn it sintrum steane oan 'e Ferbiningswei twa ienfâldige monuminten: ien foar de 82nd Airborne Division en ien mei de nammen fan 'e yn 'e Twadde Wrâldkriich ferstoarne ynwenners fan Beek.

Yn 2007 waard Beek-Ubbergen keazen ta it grienste doarp fan Nederlân.

Oantemei 31 desimber 2014 wie Beek ûnderdiel fan 'e gemeente Ubbergen en waard it doarp troch de PTT as Beek (Ubbergen) oantsjut. Op 1 jannewaris 2015 ûntstie in nije gemeente troch de fúzje mei de gemeente Groesbeek. Sûnt 1 jannewaris 2016 krige dy nije gemeente de namme Berg en Dal.

 
Ryksstrjtwei.

Oan 'e Ryksstrjitwei steane in grut tal filla's mei monumintale wearde. Dêrnjonken telt it doarp in tal wite pleatskes.

Yn it sintrum fan it doarp stiet de âlde, diels fan dowestien boude protestantske Bartoloméustsjerke. Tichteby stiet de yn 'e 19e iuw boude grutte roomske Bartoloméustsjerke, dy't sûnt 2020 sletten is.

Tichteby de tsjerken stiet oan 'e Van Randwijckwei in foarbyld fan 'e Nije Keunst, in oarspronklik elektrysk ûnderstasjon foar it berchspoar fan 'e tram út 1912.

Oan 'e Nieuwe Holleweg by 53 stiet noch in âlde spielput.

  • Yn 'e karnalvalstiid krige it doarp de namme "Heksenketel".
  • By Beek leit de 52 ha grutte hearlikheid Beek, in natoergebiet fan it Geldersk gea en kastielen.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Beek (Berg en Dal) (ferzje 25 juny 2024