Operaasje Market Garden

Gealliearde militêre operaasje wilens WO2
Operaasje Market Garden
Part fan de Twadde Wrâldkriich
Dakota C-47
Parasjutisten
datum: 17 septimber 194425 septimber 1944
plak: Tusken Eindhoven en Arnhim
útkomst: Dútske oerwinning, weromlûken fan Alliearden
konfliktpartijen
Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
Poalen
Kanada
Nederlânsk ferset
Dútslân
befelhawwers
Bernard Montgomery
Brian Horrocks
Roy Urquhart
Lewis Brereton
Frederick Browning
James Gavin
Maxwell D. Taylor
Stanisław Sosabowski
Gerd von Rundstedt
Walter Model
Wilhelm Bittrich
Hans von Tettau
Hans von Obstfelder
Hans Reinhard
Eugen Mendl
Kurt von Gottberg
Kurt Feldt
Kurt Student
sterkte
30.000 20.000
ferliezen
Britten: 13.785
Amerikanen: 4000
Poalen: 378 dea
2000-3000 dea, 7.000 ynkl. ferwûnen en fermisten

Operaasje Market Garden wie de koadenamme foar in allieard offensyf yn de Twadde Wrâldkriich. De operaasje spile him yn it tiidrek tusken 17 en 27 septimber 1944 ôf yn de Nederlânske provinsjes Noard-Brabân en Gelderlân (en foar in lyts part yn Dútslân). Doel fan it offensyf wie in flugge opmars yn it Tredde Ryk en de wichtichste wetterwegen en it Ruhrgebiet te befrijden fan de nazi's. It plan wie om mei parasjutisten yn it fijanlik gebiet de stêden en fral brêgen te feroverjen, wêrnei't de grûntroepen mei in snelle opmars troch de Dútske ferdigening nei Arnhim komme koenen. Dútslân soe dan foar de kryst fan 1944 ferslein wêze. Nei de operaasje analisearre Eisenhower dat de operaasje „foar 50 persint slagge wie“: De alliearden ferskoden de frontliny wol fan Belgje nei Nijmegen, mar it doel, om om de ferdigeningsliny's fan de Dútsers hinne te kommen nei Arnhim ta, slagge net. It ûnferwachte ferset fan de Dútsers yn Arnhim makke it net mooglik om de Rynbrêge te feroverjen. De alliearden moasten troch grutte materiële ferliezen, ferwûne en deade soldaten weromlûke.

Operaasje Market Garden begûn op 17 septimber 1944. De 101 UAirborne difyzje fleach de súdlike rûte, de 82 Airborne difyzje en de Earste Britske loftlâningsdifyzje fleagen de noardlike rûte. As begelieding fleagen 371 Spitfires, Tempest en Mosquitos mei. Op de súdlike rûte fleagen 548 P-47 Thunderbolts, Lightnings en Mustangs mei de transportfleantugen mei. Foar de wissichheid waard it Dútske loftdoelgeskut oanfallen troch 212 Thunderbolts. Tagelyk bombardearren 48 B-25 Mitchells en 24 Bostons militêre ynstallaasjes by Nijmegen, Deelen, Ede en Kleve. Op de earste dei wie der hast gjin Dútsk ferset, allinnich by Eindhoven kaam de Luftwaffe yn aksje.

 
Plan fan oanfal.

Op 18 septimber waard Einhoven troch de 101 Airborne difyzje befrijd. It Dútske tsjinoffensyf begûn ek op dizze dei. By Son begjinne de alliearden mei it bouwen fan in Baileybrêge en op 19 septimber is de brêge klear. Oant en mei Grave wienen alle brêgen beset mar yn Nijmegen stûke de alliearde opmars. Yn Arnhim slagge it de Britten net op by de brêge te kommen troch heftich Dútsk ferset. De jûns bombardearje de Dútsers Eindhoven.

Op 20 septimber feroverje de alliearden de brêge by Nijmegen. Nei de ferovering fan de brêge wie der te min mankracht foar in troepeferpleatsing nei Arnhim. Yn Nijmegen waard doe ek noch fûl fochten. Yn Arnhim hienen de Britten by de brêge gjin munysje en wetter en fiedsel, dat sy koenen de brêge net lang hâlde. By Oosterbeek wienen noch mar 3000 man oer fan de yn totaal 10.000 parasjutisten, by de brêge fochten likernôch 500 man. Op 21 septimber wie it dien mei it lêste Britske ferset by de brêge en fuort dêrnei kamen Dútske fersterkingen om de twadde Britske oanfal op Arnhim te kearen. De Dútsers kamen lykwols net fierder as Elst, 5km súdlik fan de brêge by Arnhim. By Driel lâne it grutste part fan de Poalske parasjutisten, net minder as 41 fleantugen fleagen nei Ingelân werom sûnder de parasjutisten te droppen. Dit wie net om it minne waar, mar om de 100 Dútske fjochtfleantugen dy't de Poalske parasjutisten by it droppingspunt opwachten. Yn Oosterbook besochten de Dútsers om oarekant de Ryn lân te feroverjen mar dat slagge net. Dat hie te krijen mei de swiere artillery fan de Britske grûntroepen.

Op 22 septimber waard de grutte Dútske oanfal op de Britske Airbornes útsteld. Fuort foelen de Dútsers mei 2500 man de Poalen oan dy't dêr in dei earder dropt wienen. In Britsk ferkenningsûnderdiel fan it Britske 30e Legerkorps wist oer in omwei by Driel te kommen, wêrmei't de lêste ferbining lein wie. Der waard in plan makke om Oosterbeek te fersterkjen mei Poalske parasjutisten. Mar dy wienen drok yn 't gefjocht mei de Dútsers en hienen hast gjin boaten. Boppedat leinen de Dútsers op in hege igge wêrtroch se maklik op de Poalen sjitte koenen. Likernôch 50 stutsen mei rubberboaten de Ryn oer.

 
Waalbrêge by Nijmegen.

Neffens de boarnen soenen de Dútsers út Schijndel wei Veghel oanfalle, dêrop besletten de Amerikanen om de Dútsers yn Schijndel te ferslaan. De ferovering fan Schijndel rûn oer Heeswijk en Eerde en it doarp waard sûnder lijen beset. Wilens wienen de Dútsers mei in offensyf begûn út it easten wei nei Veghel. Wylst de Amerikanen Schijndel ynnamen heinen Dútske troepen de korridor by Eerde wer iepen en it doarp ferovere. Noardlik fan Veghel waard op 'e nij de Dútske korridor iepenbrutsen, pas nei 24 oer slagget it de alliearden om de alliearde korridor wer te iepenjen.

De jûn fan 24 septimber besochten de alliearden op 'e nij om de perimeter by Oosterbeek te fersterkjen mei in oanfal fan de 4th Dorsets, mar der wienen net folle dy't de perimeter hellen. By Veghel waard de alliearde korridor wer trochbrutsen. Dêrnei kaam it beslút fan de alliearden om harren troepen werom te lûken.

Op 25 septimber begûnen de tariedings om de parasjutisten út Oosterbeek te evakuearjen. Yn de nacht fan 25 op 26 septimber waarden sawat 2000 soldaten evakuearre. It Poalske 3e Parabataljon jout dekking oan de ôftocht mar foar in oantal Poalen binne der gjin boaten mear. De operaasje komt hjirmei ta in ein.

Nei it mislearjen fan Market Garden moast de oerstek fan de Ryn útsteld wurde. Yn oktober foelen de alliearden oan by de Skelde-mûning, sadat frachtskippen de haven fan Antwerpen berikke koenen. Lykop mei dizze operaasje waard Operaasje Aintree útfierd om in brêge oer de Maas te feroverjen dy't noch yn hannen fan de Dútsers wie. De alliearden pasten nei Market Garden de plenning oan omdat de kriich net foar de kryst fan 1944 einigje soe. Troch Market Garden wie it front nei fierder nei it noarden ta opskood. Dêrmei waard de Ardennenregio ek in swak gebiet fan de alliearden, sa late dizze tebeksetter foar de alliearden direkt ta it Ardennenoffensyf. Troch de transportstaking koe it westen fan Nederlân net mear fan guod foarsjen wurde troch de Dútsers, sa koe it wêze dat de winter 1944/45 bekend waard as de hongerwinter wêrby 18.000 minsken stoaren troch de honger.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Operaasje Market-Garden – foto, fideo en harktriemmen