Antwerpen

(Trochferwiisd fan Antwerpen (stêd))

Antwerpen is in stêd en gemeente yn Flaanderen, Belgje oan de Skelde. Antwerpen is de haadstêd fan de Belgyske provinsje Antwerpen en it arrondissemint Antwerpen.

Antwerpen
Polityk
Lân België
Provinsje Antwerp
Boargemaster Bart De Wever
N-VA
Sifers
Ynwennertal 507.911 (2013)
Oerflak 204,51 km²
Befolkingsticht. 2483,50 / km²
Hichte 14 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Offisjele webside
hiemside fan de stêd
Dizze side giet oer de Belgyske stêd. Foar oare betsjuttings, sjoch: Antwerpen (betsjuttingsside).
Gemeente Antwerpen yn provinsje Antwerpen
Stêdhûs
Us leaffrou katedraal
Kastiel oan de igge fan de Skelde

Skiednis bewurkje seksje

De skiednis fan Antwerpen giet werom nei de tredde iuw nei Kristus. Neidat de Salyske Franken it gebiet feroverje op de Friezen, stiften hja yn de omkriten fan Antwerpen it doarp Merksum. Yn de 7e iuw begûn it kerstenjen. De stêd wurdt yn de oarkonden foar it earst neamd yn 726. Yn 836 ferniele Wytsingen de stêd. Yn 1291 krige Antwerpen stedsrjochten. Yn 1863 krige Antwerpen de funksje fan havenstâd yn de nije steat Belgje, dat in ekonomyske groei ta gefolch hie. Yn de Earste Wrâldkriich wie Antwerpen fan 1914 oant en mei 1918 troch de Dútsers beset. Yn 1920 waarden de Olympyske Simmerspullen holden yn Antwerpen.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard Belgje krekt as yn de Earste Wrâldkriich brûkt om dêrwei Frankryk te feroverjen. Antwerp waard maaie 1940 beset troch de Wehrmacht en yn septimber 1944 befrijd troch de Ingelsken. Antwerpen wie oan 'e ein fan de kriich in wichtige haven foar de Alliearden om har soldaten op it Jeropeeske fêstelân fan wapens en rantsoen te foarsjen. Dêrom waard Antwerpen, lykas Londen, it doel fan Dútske V1 en V2 raketten (7 oktober 1944 oant 30 maart 1945). It wie ek it doel fan it Ardennenoffensyf (desimber 1944 oant febrewaris 1945). De stêd hie mear skea fan de V1 en V2 raketten as de haven, sa'n 3700 oant 7000 ynwenners fan Antwerpen binne dearekke troch de raketoanfallen. Nettsjinsteande de skea fan de raketoanfallen bleau it histoarysk stêdsbyld foar it grutste part bestean.

Antwerpen wie Kulturele Haadstêd fan Jeropa yn 1993.

Distrikten bewurkje seksje

 
Distrikten

Antwerpen hat njoggen distrikten:

  1. Antwerpen (distrikt)
  2. Berchem
  3. Berendrecht-Zandvliet-Lillo
  4. Borgerhout
  5. Deurne
  6. Ekeren
  7. Hoboken
  8. Merksem
  9. Wilrijk

Ynwennertal bewurkje seksje

Nijsgjirrichheden bewurkje seksje

  • Rubensmuseum, hûs en wurkplak fan de keunstner Rubens
  • Plantin-Moretus museum
  • Us leaffrouwe katedraal, mei de toer fan 123m de heechste domtsjerke yn de Benelúks
  • Eartiidsk paleis fan de keninklike famylje
  • Antwerpen hat it foarste Belgyske museum spesjaal foar patat oan de Groenplaats 12.

Keppeling om utens bewurkje seksje

  Commons: Antwerpen – foto, fideo en harktriemmen