Skelde
De Skelde, ek wol Skol (Nederlânsk: Schelde), is in rivier dy't ûntspringt yn Noard-Frankryk en troch Henegouwen en Flaanderen oer Antwerpen nei de Noardsee streamt. Fan dy havenstêd ôf rint de Skelde nei it westen. Eartiids ferparte de rivier har yn twa tûken, de Easterskelde en Westerskelde; de Easterskelde wie tenearsten de wichtichste tûke.