1920
jier
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1915 | 1916 | 1917 | 1918 | 1919 | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1920 MCMXX |
Ab urbe condita | 2673 |
Armeenske kalinder | 1369 ԹՎ ՌՅԿԹ |
Etiopyske kalinder | 1912 – 1913 |
Hebriuwske kalinder | 5680 – 5681 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1975 – 1976 |
- Shaka Samvat | 1842 – 1843 |
- Kali Yuga | 5021 – 5022 |
Iraanske kalinder | 1298 – 1299 |
Islamityske kalinder | 1339 – 1339 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4616 – 4617 丙未 – 丁申 |
1920 is in skrikkeljier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1920.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1920-er jierren.
Foarfallen
bewurkje seksje- 10 jannewaris - Earste gearkomste fan it Folkebûn yn Sjenêve.
- 23 jannewaris - Nederlân wiist de útlevering fan 'e Dútske keizer Willem II, sa't dat easke wurdt troch de Alliëarden, ôf.
- 26 jannewaris - Yn Dútslân wurdt by in oanslach minister fan Finânsjes Matthias Erzberger fermoarde. De dieder is de rjochtse âld-ofsier Oltwig von Hirschfeld, dy't Erzberger kwea-ôf naam dat er yn 1918 de Wapenstilstân fan Compiègne ûndertekene hie.
- 30 jannewaris - Yn Spaansk-Marokko brekt de Rifoarloch út as de Berberske befolking ûnder lieding fan Abd el-Krim yn opstân komt tsjin 'e Spaanske koloniale oerhearsking.
- 2 febrewaris - Estlân slút mei kommunistysk Ruslân it Fredesferdrach fan Dorpat, wêrby't de Estyske ûnôfhinklikheid troch it rezjym yn Moskou erkend wurdt.
- 7 febrewaris - Admiraal Aleksander Koltsjak, ien fan 'e wichtichste lieders fan 'e anty-kommunistyske Witen yn 'e Russyske Boargeroarloch, wurdt troch de Readen (de kommunisten) terjochtsteld.
- 10 febrewaris - By it Sleeswyksk Selsbeskikkingsreferindum sprekt yn 'e Dútske krite Noard-Sleeswyk in mearderheid fan 'e befolking him út foar oansluting by Denemark.
- 13 febrewaris - Switserlân wurdt lid fan it Folkebûn.
- 19 febrewaris - Nederlân wurdt lid fan it Folkebûn.
- 1 maart - Admiraal Miklós Horthy wurdt troch it Hongaarske parlemint foarearst oansteld as regint, mei't it lân sûnt de ferdriuwing fan it Hûs Habsburch in keninkryk sûnder kening is.
- 5 maart - Noarwegen wurdt lid fan it Folkebûn.
- 8 maart - Denemark en Kuba wurde lid fan it Folkebûn.
- 10 maart - Sweden wurdt lid fan it Folkebûn.
- 13 maart - Earste ferskining fan it stripfiguer Donald Duck, fan 'e Walt Disney Studios.
- 20 maart - Oprjochting fan fuotbalklub SC De Jouwer
- 30 maart - Grikelân wurdt lid fan it Folkebûn.
- 31 maart - De earste stien wurdt lein foar de bou fan 'e nije ULO yn Wommels, dy't him letter ûntjaan sil ta de Kristlike Skoalle foar MAFU "Nij Walpert".
- 17 maart - Yn Dútslân mislearret de Kapp-pûtsj, it besykjen ta steatsgreep fan 'e hege amtner Wolfgang Kapp.
- 6 april - Frânske troepen besette de Dútske stêd Frankfurt-am-Main, út protest tsjin wat it Frânske regear sjocht as de 'geregelde skeinings fan it Ferdrach fan Versailles' troch de Dútsers.
- 8 april - Portegal en Roemeenje wurde lid fan it Folkebûn.
- 20 april-12 septimber - De Olympyske Simmerspullen wurde holden yn Antwerpen, yn Belgje.
- 24 april - Yn it ramt fan 'e Fyfde Poalsk-Russyske Oarloch tsjogge Poalske troepen ûnder maarskalk Józef Piłsudski de grins mei de Oekraïne oer nei't fredesûnderhannelings mei it kommunistyske rezjym yn Moskou mislearre binne.
- 26 april - Op 'e Konferinsje fan San Remo ferdiele de Alliëarden ûnderinoar de koloanjes fan Dútslân en de net etnysk Turkske dielen fan it Osmaanske Ryk as saneamde mandaatgebieten.
- 27 april - De mei de binnenfallende Poalske troepen fan maarskalk Józef Piłsudski gearwurkjende Oekraynske nasjonalistyske foaroanman Symon Petljoera ropt de ûnôfhinklikheid út fan 'e Oekraynske Folksrepublyk.
- 28 april - De ferovering fan Azerbeidzjan troch it Reade Leger wurdt foltôge: ein fan 'e ûnôfhinklike Azerbeidzjaanske Demokratyske Republyk.
- 3 maaie - Begjin fan 'e Grutte Iraakske Revolúsje tsjin it Britske mandatêr bestjoer.
- 21 maaie - De Meksikaanske presidint Venustiano Carranza, dy't mei de nasjonale skatkiste útnaaid is út Meksiko-Stêd, wurdt yn 'e bergen fermoarde troch pleatslike guerriljastriders. Dêrmei komt nei tsien jier in ein oan 'e Meksikaanske Boargeroarloch.
- 4 juny - Yn it Grand Trianon, yn Versailles, wurdt tusken de Alliëarden en Hongarije de Frede fan Trianon sletten. Dêrby wurdt Hongarije werombrocht fan in (foaroarlochsk) grûngebiet fan 324.000 km² ta in grûngebiet fan noch mar 93.000 km². De rest wurdt opdield ûnder Roemeenje, Joegoslaavje, Tsjechoslowakije en Eastenryk.
- 8 july - It Feriene Keninkryk reorganisearret Britsk-East-Afrika ta de Keniakoloanje.
- 11 july - De Britske minister fan Bûtenlânske Saken, Lord Curzon, docht in útstel foar in grins tusken Poalen en Ruslân dy't basearre is op 'e taalgrins tusken it Poalsk oan 'e iene kant en it Wytrussysk en it Oekraynsk oan 'e oare kant. Dy grins komt bekend te stean as de Curzon-liny.
- 12 july - Litouwen slút frede mei kommunistysk Ruslân, wêrby't de Litouske ûnôfhinklikheid troch it rezjym yn Moskou erkend wurdt.
- 16 july - Op 'e Konferinsje fan Spa, yn Belgje, wurdt oerienstimming berikt oer de swierte fan 'e ferhelbetellings dy't Dútslân oan 'e Alliëarden dwaan moat.
- 16 july - Sina wurdt lid fan it Folkebûn.
- 20 july - SK It Hearrenfean wurdt oprjochte.
- 24 july - By it net alhiel sûnder yntimidaasje ferrûne Selsbeskikkingsreferindum yn 'e Eastkantons kiest de befolking fan 'e Dútske kriten Eupen en Malmédy foar oansluting by Belgje.
- 28 july - Poalen en Tsjechoslowakije slute in akkoart oer de omstriden grinskrite Teschen, dy't opdield wurdt.
- 10 augustus - Tusken de Alliëarden en it Osmaanske Ryk wurdt yn 'e Paryske foarstêd Sèvres de Frede fan Sèvres sletten. Dêrby ferliest it Osmaanske Ryk alle gebietsdielen dy't net etnysk Turksk binne, wêrûnder Syrje, Mesopotaamje, Palestina, de Hidjas, de Nêzjd, Noard-Jemen, West-Armeenje en Koerdistan.
- 10 augustus - De ûnôfhinklikheid fan it Keninkryk fan de Hidjas kriget ynternasjonale erkenning.
- 11 augustus - Letlân slút mei kommunistysk Ruslân it Fredesferdrach fan Riga, wêrby't de Letske ûnôfhinklikheid troch it rezjym yn Moskou erkend wurdt.
- 14 augustus - Tsjechoslowakije en Joegoslaavje slute in militêr bûnsgenoatskip.
- 16 augustus - Yn it ramt fan 'e Fyfde Poalsk-Russyske Oarloch bringe Poalske troepen it Russyske Reade Leger, dat al yn 'e foarstêden fan 'e Poalske haadstêd Warsjau stiet, yn 'e Slach om Warsjau in ferpletterjende nederlaach ta.
- 28 augustus - Troch de ratifikaasje troch alle 48 Amerikaanske steaten wurdt it Njoggentjinde Amendemint oan de Amerikaanske Grûnwet fan krêft, dat de ynfiering fan it frouljuskiesrjocht yn 'e Feriene Steaten regelet.
- 24 septimber - Tusken twa steaten sûnder ynternasjonale erkenning, de Republyk Turkije en de Demokratyske Republyk Armeenje, brekt de Turksk-Armeenske Oarloch út. Dit konflikt makket ûnderdiel út fan 'e gruttere Turkske Unôfhinklikheidsoarloch.
- 29 septimber - Belgje anneksearret formeel de saneamde Eastkantons Eupen en Malmédy.
- 7 oktober - Op Teakesyl wurdt troch keninginne Wilhelmina it Yr. D.F. Woudagemaal iepene.
- 10 oktober - Itaalje anneksearret de Eastenrykske krite Súd-Tiroal.
- 10 oktober - De Koeweitysk-Nêzjdyske Oarloch einiget mei de weromlûking fan 'e Nêzjdyske troepen út Koeweit.
- 14 oktober - Finlân slút mei kommunistysk Ruslân it Ferdrach fan Dorpat, wêrmei't in ein komt oan 'e Earste Finsk-Russyske Oarloch. Finlân jout syn oanspraken op eastlik Kareelje op, en Ruslân stiet in pear grinsdistrikten ôf mei dêropta yn it hege noarden de saneamde Petsamo-korridor, dy't Finlân in lyts stikje kustline oan 'e Barentssee jout.
- 11 novimber - Britske troepen ûnderdrukke de Grutte Iraakske Revolúsje. Lykwols komt der no in lânseigen regear foar it mandaatgebiet Irak.
- 12 novimber - Itaalje en Joegoslaavje slute it Ferdrach fan Rapallo. Itaalje jout syn oanspraken op it fêstelân fan Dalmaasje op en kriget de soevereiniteit oer de stêd Zadar (Italjaansk: Zara) en oer fjouwer Dalmatyske eilannen. Joegoslaavje waarboarget de rjochten fan 'e etnysk Italjaanske minderheid yn Dalmaasje.
- 15 novimber - De stêd Danzig (Poalsk: Gdańsk), oan 'e Eastsee, wurdt ûnôfhinklik ûnder tafersjoch fan it Folkebûn as de Frije Stêd Danzig.
- 15 novimber - De evakuaasje fan it Wite leger fan generaal Pjotr Wrangel fan de Krim nei Konstantinopel wurdt foltôge. Dêrmei komt yn Jeropeesk-Ruslân in ein oan 'e Russyske Boargeroarloch.
- desimber - Yn Britsk-Ynje kiest it Yndysk Nasjonaal Kongres Mahatma Gandhi ta lieder.
- 2 desimber - De Turksk-Armeenske Oarloch einiget yn in oertsjûgjende Turkske oerwinning.
- 4 desimber - De ferovering fan Armeenje troch it Reade Leger wurdt foltôge: ein fan 'e ûnôfhinklike Demokratyske Republyk Armeenje.
- 5 desimber - Yn it Gryksk monargyreferindum stimt in mearderheid fan 'e befolking foar it wer ynstellen fan 'e monargy. Dêrmei kin kening Konstantyn I út ballingskip weromkeare.
- 23 desimber - Mei de ûndertekening troch kening George V fan it Feriene Keninkryk fan 'e Home Rule Act wurdt de opdieling fan it eilân Ierlân yn Ierlân en Noard-Ierlân fan krêft. Beide gebieten krije selsbestjoer.
- 28 desimber - De Italjaanske marine makket mei in bombardemint in ein oan 'e besetting fan 'e Frijsteat Fiume (Rijeka) troch Italjaanske nasjonalisten ûnder lieding fan Gabriele d'Annunzio.
Berne
bewurkje seksje- jannewaris
- 2 - Isaac Asimov, Amerikaansk skriuwer en biogemikus († 1992)
- 6 - Hetty Blok, Nederlânsk aktrise en kabaretiêre († 2012)
- 13 - Abraham Willink, Frysk-Argentynsk entomolooch († 1998)
- 16 - Kor Ket, Frysk fioelist en dirigint († 1955)
- 20 - DeForest Kelley, Amerikaansk akteur († 1999)
- febrewaris
- 8 - Sverre Farstad, Noarsk reedrider († 1978)
- 18 - Cornelis Johannes van Houten, Nederlânsk astronoom († 2002)
- 20 - Frans Helfrich, Frysk keatser († 2010)
- 21 - Ebele Talstra, Nederlânsk politikus († 1987)
- 25 - Sun Myung Moon, Súdkoreaansk sektelieder († 2012)
- maart
- 11 - Nico Bloembergen, Nederlânsk-Amerikaansk natuerkundige en Nobelpriiswinner († 2017)
- 27 - Pier Prins, Frysk ûndernimmer († 2012)
- april
- 3 - John Demjanjuk, Oekraynsk oarlochsmisdiediger († 2012)
- 5 - Barend Biesheuvel, premier fan Nederlân († 2001)
- 6 - Meinte Walta, Frysk keunstskilder († 2002)
- 7 - Ravi Shankar, Yndiaask sitarfirtuoas († 2012)
- 15 - Richard von Weizsäcker, Dútsk politikus († 2015)
- 26 - Lieuwe Eringa, Frysk politikus († 2014)
- maaie
- 2 - Hayte Schootstra, Frysk rjochter († 1990)
- 4 - Hermann Schreiber, Eastenryksk skiedkundige en publisist († 2014)
- 9 - Luitzen Gauke Boelens, Frysk politikus († 1990)
- 9 - Richard Adams, Ingelsk skriuwer († 2016)
- 11 - Denver Pyle, Amerikaansk akteur († 1997)
- 18 - paus Jehannes Paulus II († 2005)
- 24 - Sake van der Ploeg, Frysk fakbûnslieder, politikus en boargemaster († 1985)
- juny
- 2 - Marcel Reich-Ranicki, Dútsk literatuerkritikus († 2013)
- 6 - Pieter Soepboer, Frysk politikus († 1998)
- 13 - Johan Mulder, Frysk politikus († 1990)
- 18 - Mario Beccaria, Italjaansk politikus († 2003)
- 20 - Pieter Gerbenzon, Frysk heechlearaar rjochtsskiednis († 2009)
- july
- 5 - Bokke Bok, Frysk stukadoar en hurdfytser († 1997)
- 5 - Maria Isakova, Russysk reedrydster († 2011)
- 9 - Herre Halbertsma, Nederlânsk skiedkundige en argeolooch († 1998)
- augustus
- 9 - Tormod Skagestad, Noarsk skriuwer en dichter († 1997)
- 7 - Klaas Koopmans, Frysk keunstskilder († 2006)
- 7 - Françoise Adret, Frânsk dûnseres en koreografe († 2018)
- 9 - Eddy de Jongh, Nederlânsk fotograaf († 2002)
- 16 - Charles Bukowski, Amerikaansk skriuwer en dichter († 1994)
- 16 - Johannes Swierstra, Frysk yngenieur en bestjoerder († 2004)
- 17 - Maureen O'Hara,Iersk aktrise († 2015)
- 20 - Daniel Dykstra, Amerikaansk politikus († 1999)
- 27 - Noor van de Wetering, Frysk politika († 2010)
- septimber
- 2 - Jakob Vellenga, Frysk politikus († 2012)
- 3 - Folkert de Roos, Nederlânsk heechlearaar ekonomy († 2000)
- 7 - Adriaan Anker, Nederlânsk politikus († 1991)
- 8 - Johan Sterenberg, Nederlânsk byldzjend keunstner († 2002)
- 19 - Bienze Westra, Frysk toanieloersetter en regisseur († 1982)
- 30 - Willem G. van Maanen, Nederlânsk skriuwer en sjoernalist († 2012)
- oktober
- 3 - Hessel Posthuma jr., Frysk politikus († 2003)
- novimber
- 1 - Eddy Evenhuis, Nederlânsk sjoernalist en dichter († 2002)
- 26 - Janwillem van den Berg, Frysk spraakwittenskipper en medysk fysiolooch († 1985)
- 27 - Abe Lenstra, Frysk fuotballer († 1985)
- 30 - Virginia Mayo, Amerikaansk aktrise († 2005)
- desimber
- 6 - Dave Brubeck, Amerikaansk jazzpianist en komponist († 2012)
- 24 - Harry de Groot, Nederlânsk muzikant († 2004)
- datum ûnbekend
- Helen Spalding, Ingelsk dichteresse († 1991)
Ferstoarn
bewurkje seksje- 11 july - Eugénie fan Montijo, keizerinne-gemalinne fan Frankryk (* 1826)
- 13 july - Jimke van Loon, Frysksinnich ûnderwizer (* 1855)
- 20 augustus - Anders Zorn, Sweedsk keunstner (* 1860)
- 24 septimber - Peter Carl Fabergé, Russysk juwelier (* 1846)
- 16 augustus - Lolke Siderius, Frysk boer en astronoom (* 1885)
- 8 novimber - Abraham Kuyper, Nederlânsk teolooch en politikus (* 1837)
- 1 desimber - Theo Molkenboer, Frysk keunstner (* 1871)
- 14 desimber - George Gipp, Amerikaansk spiler fan Amerikaansk fuotbal (* 1895)
- datum ûnbekend
- Oldig Boekhoff, Eastfrysk predikant en bibeloersetter (* 1861)
Literatuer
bewurkje seksje- prizen
- De Noarske skriuwer Knut Pedersen Hamsun wint de Nobelpriis foar de Literatuer
- romans
- Louis Couperus, Iskander: De Roman van Alexander den Groote
- Louis Couperus, Lucrezia
- novelles
- Stefan Zweig, Angst
- koarte ferhalen
- poëzij
- T.S. Eliot, Gerontion (oerset yn it Frysk as Gerontion)
- T.S. Eliot, The Hippopotamus (oerset yn it Frysk as De Hippopotamus)
- T.S. Eliot, The Sacred Wood
Byldzjende keunst
bewurkje seksje-
Fontein stedhûs Rotterdam (1920) Simon Miedema
-
'hynstekeuring yn Grins' (1920) Otto Eerelman
Jierren: | 1915 | 1916 | 1917 | 1918 | 1919 | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|