The Doom that Came to Sarnath

The Doom that Came to Sarnath is in koart ferhaal fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer H.P. Lovecraft. De titel betsjut: "De Doem dy't Sarnath Oerkaam". It ferhaal, dat ûnderdiel útmakket fan Lovecraft syn Dream Cycle, kin sawol yndield wurde by horror as by it fantasysjenre. It fertelt hoe't fier yn 'e prehistoarje de fiktive stêd Sarnath stifte waard, in die dêr't fuort al syn eigen doem yn besletten lei. The Doom that Came to Sarnath waard skreaun yn 1919 en waard foar it earst publisearre yn juny 1920, yn it Skotske amateurfiksjetydskrift The Scot. It makke ek diel út fan 'e ferhalebondel The Doom that Came to Sarnath and Other Stories, dy't yn 1971 publisearre waard.

The Doom that Came to Sarnath
algemiene gegevens
auteur H.P. Lovecraft
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre horror / fantasy
skreaun 1919
1e publikaasje juny 1920, The Scot
bondel The Doom that Came to
   Sarnath and Other Stories
rige
rige Dream Cycle
● foarich diel The White Ship
● folgjend diel The Cats of Ulthar

Mear 10.000 jier lyn kolonisearre in folk fan feehoeders de iggen fan 'e meänderjende rivier de Ai, yn in lân dat Mnar hiet. Meitiid ûntstiene dêr de stêden Thraa, Ilarnek en Kadatheron. In diel fan 'e lju teach fierder nei it hert fan Mnar, dêr't in grutte mar lei mei grienich wetter, dêr't gjin rivier yn, noch ien ta'n út streamde. Mei't se dêr grutte ôfsettings fan weardefolle metalen ûntdieken, setten se har oan 'e igge fan dy mar nei wenjen, en stiften dêr de stêd Sarnath.

De kolonisten libben dêr lykwols net allinne, want oan 'e marsigge stie al in stêd, it oerâlde Ib, boud fan grize stien. Dat plak waard bewenne troch in apart slach folk, mei in hûdskleur like grien as de wetters fan 'e mar, en mei útpuoljende eagen, grutte ôfhingjende lippen en nuvere earen. Hja hiene gjin stim, en der waard sein dat se yn in fier ferline nei de Ierde ôfsakke wiene fan 'e moanne. Dy lju ferearen in wûndere god: Bokrug, de Grutte Wetterhagedis.

Harren ôfwearzige lichemsfoarm makke dat de minsken fan Sarnath de bewenners fan Ib haten, en doe't se ûntdieken dat de wêzens sêft wiene en gjin ferwar hiene tsjin wapens as in spear, in pylk of sels in smiten stien, begûnen se har ek te ferachtsjen. Op in dei net lang nei de stifting fan Sarnath teagen de krigers fan dy stêd nei Ib ta en rûgen dêr alle bewenners út, fan 'e âldste oant en mei de jongste ta, en goaiden neitiid de liken yn 'e mar. Se ferwoastgen de stêd en smieten alle ôfgodsbylden de liken efternei, útsein ien.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dat wie in mânsk, seegrien byld mei de likenis fan Bokrug, de Grutte Wetterhagedis. Se namen it mei werom nei Sarnath, dêr't se it yn harren timpel pleatsten as symboal foar de oerwinning fan 'e nije goaden op 'e âlde en foar harren eigen útrûging fan 'e bewenners fan Ib. De earstfolgjende nacht ferdwûn it lykwols spoarleas ûnder mysterieuze omstannichheden, en Taran-Ish, de hegepreester fan Sarnath, waard dea op 'e timpelflier oantroffen as wied er stoarn fan in ûnfoarstelbere eangst. Ear't er stoar, hied er lykwols ien wurd op it alter kwattele: "DOEM".

Neitiid woeks Sarnath stadichoan bot ta yn rykdom en ynfloed troch hannel, en letter ek troch oarloch. It waard it mulpunt fan in ûnbidich ryk dat net inkeld hiel Mnar, mar ek in grut tal omlizzende lannen omfette. It folk fergeat wat der bard wie, en de keningen krekt-en-gelyk. Inkeld de hegepreesters en âlde wiven ûntholden it lot fan Taran-Ish en syn warskôging. Elts jier waard op 'e dei fan 'e ferwoastging fan Ib in grut feest holden yn Sarnath om 'e útrûging fan 'e walchlike wêzens te fieren. It wie op dy tiid fan it jier dat it wetter fan 'e mar heger stige as op alle oare dagen. Yn 't eartstoan hiene de hegepreesters it net op dy fiering stean, mar doe't der lange jierren neat barde, fersloppe ek harren wachens. Tsien iuwen giene foarby.

Tûzen jier nei syn stifting wie Sarnath op it hichtepunt fan syn macht. Foar de tûzenste fiering fan 'e ferwoastging fan Ib waard sa'n grut feest holden dat de tariedings al tsien jier tefoaren úteinsetten. Foarsten fan fazalsteaten en oare pommeranten kamen fan hein en fier nei Sarnath, dêr't dy deis feestfierd waard as nea earder, wylst kening Nargis-Hei en syn hegerein yn syn paleis baaiden yn dekadinsje. Doe't de nacht fallen wie, waard de hegepreester Gnai-Kah lykwols skaden gewaar dy't fan 'e moanne lieken del te silen op it wetter fan 'e mar. In grienige dize foarme him boppe de mar, dy't in sinister waas oer de stêd loek. De grize rotspjuts Akurion, dy't oars heech boppe de wetters fan 'e mar útstiek, strûpte derûnder.

Koart foar de midsnacht barsten de brûnzene poarten fan Sarnath iepen en streamden bewenners en besikers, gekmakke fan eangst, ta de stêd út yn in stream dy't de flakte oerdiek. Guon fan harren seine letter dat se troch de finsters fan it keninklik paleis net de kening en syn hofhâlding, mar in kliber nuvere grienhûdige wêzens sjoen hiene, mei útpuoljende eagen en ôfhingjende lippen. It ferhaal oer wat der bard wie, gie as diggelfjoer troch de lannen, en nimmen kaam mear te Sarnath dat ferflokt achte waard, noch sochten se by de stêd noch nei weardefolle metalen.

Lange jierren giene foarby ear't immen sa dryst wie om nei stêd en mar werom te kearen, en doe wiene it aventoerslju fan omfierrens, foar wa't it ferhaal oer de doem fan Sarnath inkeld in ferhaal wie. By de mar troffen hja neat oan fan dejingen dy't dy nachts net ûntsnappe kinnen hiene, noch fan 'e stêd sels of fan 'e minen. Fan it plak dêr't miljoenen minsken wenne hiene en dêr't tuorren suver oant yn 'e himel rikt hiene, wie no inkeld in sompige marsigge oer. Mar heal begroeven yn 'e dridze ûntdieken se in nijsgjirrich seegrien stiennen ôfgodsbyld yn 'e likenis fan Bokrug. Dat brochten se nei Ilarnek, dêr't it in eareplak krige yn 'e timpel. En de bewenners fan it lân Mnar swarden har âlde goaden ôf en oanbeaen tenei inkeld noch Bokrug, de Grutte Wetterhagedis.

H.P. Lovecraft hie, koarte tiid foar't er The Doom that Came to Sarnath skreau, it wurk fan 'e Ierske auteur Lord Dunsany ûntdutsen, en dy syn ynfloed is yn it ferhaal dúdlik werom te sjen. Dêrby giet it sawol om 'e algemiene sfear as om beskate eleminten. It dúdlikste foarbyld is de troan fan 'e kening fan Sarnath, dy't Lovecraft beskriuwt as snien út ien stik ivoar, "hoewol't nimmen libbet dy't wit wêr't sa'n grut stik wei komme kinne soe." Dat is in ûnsubtile ferwizing nei de poarte "snien út ien grut stik ivoar" yn it ferhaal Idle Days on the Yann, fan Dunsany.

Hoewol't Sarnath in histoaryske stêd yn noardeastlik Yndia is (it plak dêr't de Boeda foar it earst syn folgelingen ûnderwiisd hawwe soe), sei Lovecraft dat hy miende dat de namme in betinksel fan himsels wie. Yn elts gefal hat it Sarnath út it ferhaal neat te krijen mei Sarnath yn Yndia.

Bannen mei oare wurken

bewurkje seksje

The Doom that Came to Sarnath hat bannen mei ferskate oare wurken fan H.P. Lovecraft. Sa seit it titelpersonaazje yn syn ferhaal The Quest of Iranon op in stuit: "Ik […] haw myn eagen stoarje litten oer de sompe dêr't Sarnath ienris lei." As de ferteller út it ferhaal The Nameless City de ruïnes fan 'e Nammeleaze Stêd út 'e titel sjocht, seit er dat er "tocht oan Sarnath dat doemd wie, dat lei yn it lân Mnar doe't de minskheid noch jong wie, en oan Ib dat houd wie út grize stien ear't de minskheid bestie." Yn 'e novelle At the Mountains of Madness wurdt de stêd fan 'e Aldere Wêzens omskreaun as "in reuzestêd fan itselde slach as sokke flústere foarminsklike godslasterings as Valusia, R'lyeh, Ib yn it lân Mnar en de Nammeleaze Stêd fan 'e Arabyske Woastyn."

Yn 'e wurken fan Lin Carter, dy't fuortborduere op it wurk fan Lovecraft, steane de yn The Doom that Came to Sarnath nammeleaze bewenners fan Ib bekend as de Thuum'ha.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.