Oarloch of kriich is in wapene striid tusken folken of steaten. As etnyske of religieuze groepen binnen deselde steat mei inoar in wapene striid fiere is sprake fan in boargeroarloch. Men sprekt fan in wrâldoarloch as in mearderheid fan de grutste en sterkste lannen oer de hiele wrâld by de oarloch belutsen is. Oarloggen tusken steaten ûnderling binne tsjintwurdich seldsum.

Weromtocht út Moskou nei de Fjildtocht fan Napoleon nei Ruslân.
Paratroepen lanje by Operaasje Market Garden (septimber 1944)

Foar oarloch oer stiet frede, in tastân wêryn alle folken en naasjes elkoars bestean respektearje en sels wurdearje. Tusken oarloch en frede besteane in soad tuskenfoarmen, lykas de Kâlde Kriich of de wapenstilstân. Fan begjin ôf oan is oarloch fiere al bûn oan wetten en regleminten, al binne dy yn de rin fan de tiid wol feroare. Der is benammen in soad neitocht oer de rjochtfeardiging fan in oarloch. Sûnt 1945 is neffens it ynternasjonaal rjocht it sûnder mis fieren fan in oarloch gjin rjochtfeardich middel mear foar it oplossen fan konflikten. Pas as alle diplomatike middels brûkt binne kin besluten wurde ta de ynset fan wapene middels.

Nettsjinsteande alle ynternasjonale wetjouwing, wurde noch alle dagen in soad konflikten mei wapens útfjochte, sûnder dat alle diplomatike middels hielendal brûkt binne. Om de definysje 'oarloch' te omsilen wurdt almeast eufemistysk sprutsen fan 'in wapene konflikt'.