Haadmenu iepenje

In novelle is in frijwat koart proazaferhaal. It wurd novelle is ôflaat fan it Latynske novus (nij) en it Italjaanske novella (nijtsje).

OarsprongBewurkje

De term novellas waard foar it earst brûkt yn de 14e iuw om de proazaferhalen yn de Decamerone fan Giovanni Boccaccio mei oan te tsjutten. In 17e iuwsk foarbyld binne de Novelas ejemplares fan Miguel de Cervantes.

Moderne betsjuttingBewurkje

Tsjintwurdich wurdt mei de term novelle in proazaferhaal oantsjut dat wat grutte oanbelanget tusken de roman en it koart ferhaal yn sit. De langte is meastal tusken de 20.000 en 40.000 wurden, mar dêr is net elkenien it oer iens. In novelle hat in ienfâldige struktuer en in lyts tal persoanaazjes. Meast giet de novelle oer in bysûnder barren, lit it de haadpersoanen op in beskiedend momint yn har libben sjen.

Foarbylden fan novellesBewurkje

Foarbylden fan wrâldferneamde novelles binne De Kreutzersonate fan Lev Tolstoj (1889), Die Verwandlung (De Stalferwikseling) fan Franz Kafka (1915) en The Old Man and the Sea (De âlde man en de see) fan Ernest Hemingway (1951). In modern foarbyld út it Nederlânsk taalgebied is De grote wereld fan Arthur Japin (it boekewikepresint fan 2006).

Foarbylden út it Frysk taalgebietBewurkje

Under oaren:

Foarbylden yn it Ingelsk taalgebietBewurkje

Ferneamde novellen: