Simke Kloosterman
Simke Kloosterman (Twizel, 25 novimber 1876 - Ljouwert 5 desimber 1938) wie in Frysk skriuwster en dichter. Simke Kloosterman wie iennich bern fan de Fryske dichter Jan Ritskes Kloosterman. Nei de Hofskoalle yn Ljouwert gie se nei in partikuliere skoalle yn Grins en in kostskoalle yn Wyk by Duerstede
Simke Kloosterman | ||
![]() | ||
![]() | ||
Simke Kloosterman as jongfaam | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | In Frysk famke | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 25 novimber 1876 | |
berteplak | Twizel | |
stoarn | 5 desimber 1938 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | ![]() | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | roman, poëzy, mearke | |
bekendste wurk(en) |
De Hoara's fen Hastings, De Fryske Petiele en hwet der op en yn leit |
Simke debutearre yn it Nederlânsk yn De Hollandsche Lelie, mar skreau neidat der yn 1898 wurk fan har opnommen wie yn Sljucht en Rjucht allinnich noch yn it Frysk. Yn earsten ek ûnder in skûlnamme, 'In Frysk famke'. Lyryske en aristokratyske ynstelling.
It hûs dêr't se altyd wenne, is neffens har testamint oergien nei in stifting dy't it Simke Kloostermanhûs yn stân hâldt. Dêr is in soad ynformaasje oer har libben en har wurk. Mei de Simke Kloosterman Rintocht yn Twizel wurdt ek omtinken jûn oan de skriuwster.
Yn Twizel wurdt om de trije jier de Simke Kloostermanpriis útrikt foar it bêste berne- en jeugdboek.
WurkBewurkje
RomansBewurkje
- De Hoara's fen Hastings (1921)
- It Jubeljier : 1793-1813 (1927)
- Hengist en Horsa (novelle) (1933) Sjoch ek: Hengist en Horsa en Keninkryk Kent
- Ut de gielgoerde (novellen) (1936)
- Ut de gielgoerde (novellen en oar proaza) (1944)
- Ut de gielgoerde (karlêzing) (1963)
DichtwurkBewurkje
- Ruth: In hân fol ieren (fersen en ferhalen) (1910)
- De wylde fûgel (1932)
- Lisck fen Eijsinga (ballade) (1941)
- Myn lân (karlêzing) (1982)
FerskaatBewurkje
- Twiljochtteltsjes (mearkes) (1928)
- Lyts Teltsjeboek for Fryske bern (1932-1933)
- Great Teltsjeboek for Fryske bern (mei T. Hellinga-Zwart) (1932)
- Beppe yn ’e fleur (1936)
- De Fryske Petiele en hwet der op en yn leit (1938), Itensierdersboek.
- Simke Kloosterman Spreuken (1962)
- De briefwiksel tusken Simke Kloosterman en Douwe Kalma (1976)
Keppelingen om utensBewurkje
- Janneke Spoelstra: Simke Kloosterman, in problematyske heldinne? Har skriuwen, proaza en de resepsje fan har proaza besjoen út gender- en queerteoretysk perspektyf (Grins 2012).
- simkekloosterman.frl
- Jelle van der Meulen: "Kloosterman, Simke"
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |