Twizel
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Achtkarspelen | ||||
Ynwennertal (2020) | 1092 | ||||
Webstee | www.twijzel.nl |
Twizel is in doarp yn de gemeente Achtkarspelen, súdwest fan Bûtenpost. It doarp hat likernôch 1.092 ynwenners (1 jannewaris 2020). De namme komt fan "Optwizel" dat "wiksel", of "by de twasprong" betsjut. Optwizel is noch in strjitnamme yn it doarp.
Simke KloostermanBewurkje
Bekende ynwenster wie de Fryske skriuwster Simke Kloosterman. It hûs dêr't se altyd wenne is neffens har testamint oergien nei in stifting dy't it Simke Kloostermanhûs yn stân hâldt. Hjir is in soad ynformaasje oer har libben en har wurk.
Yn Twizel wurdt elk jier de Simke Kloostermanpriis útrikt. Yn 1999 hat Twizel in wapen oannomd.
DoarpswapenBewurkje
Earder hjitte it doarp Optwizel, dat betsjut: by de twasprong. Yn it doarp rinne twa wegen út elkoar. De twasprong wurdt mei in gaffel werjûn. Swart om oan te jaan dat de net-ferhurde diken der troch de moude swart útseagen (notiids troch it asfalt.) De sângrûn dêr't it doarp op leit, wurdt oanjûn troch it gouden fjild. Op it hege diel, meastal oan wjerskanten fan de dyk, wie boulân, dêr't in soad rogge ferboud. Oan de eastkant waard fierwei de measte grûn as greide brûkt. Dizze situaasje wurdt troch de rogge-ier rjochts en de klaver links yn it skyld oanjûn. Yn it skyldhaad sit in bokweetkerl, as oantinken oan de pelmole en it ferbouwen fan boekweet. Yn it reade hertskyld stiet in ferwizing nei de bynamme fan de ynwenners fan Twizel: wezelingen.
MienskipBewurkje
Sintraal stiet doarpshûs De Bining. Hjir sitte ek pjutteboartersplak Date's Plakje, Pleatslik Belang en oare ferienings yn. SKW soarget foar in soad aktiviteiten yn Twizel. De Twirre is de doarpskrante fan it doarp. De Oanrin is de basisskoalle fan it doarp. De doarpsbiblioteek "De Klink" stiet neist de gymseal fan it doarp.
Ryksmonuminten TwizelBewurkje
- Sjoch: List fan ryksmonuminten yn de Nederlânsktalige Wikipedia.
TsjerkenBewurkje
- Petrustsjerke (PKN-gemeente)
- Rehobothtsjerke (Frije Grifformearde gemeente)
- Grifformearde Tsjerke (PKN-gemeente)
- De Regenboog (Grifformeard-frijmakke gemeente)
FerieningsBewurkje
- De Wikselpas - folksdûnsjen
- Laat ze maar schuiven - sjoelen
- Vriendenkring - toaniel
- SC Twizel - fuotbal
- KV Olympia - kuorbal
- Amateur tuinvereniging Twijzel- folkstún feriening
- Schaakclub Twijzel - skaken
- Nocht en Wille - follybal
BefolkingBewurkje
- 1955 - 1088
- 1960 - 1078
- 1965 - 1068
- 1970 - 1092
- 1973 - 1047
- 2004 - ±1030
- 2008 - ±1120
- 2014 - 1093
- 2020 - 1092
De Nederlânske akteur Peter Tuinman is hjir berne.
StrjittenBewurkje
- Beukerspaadsje -
- Boppelannen -
- Bosselân -
- De Haven -
- De Wedze -
- Dobbe -
- Egypte - buorskip Egypte
- Flaakskampke
- Jan Ritskesstrjitte - Jan Ritskes Kloosterman, boer en dichter
- Krikehoeke -
- Mounewei -
- Optwizel -
- Persieltsjelân -
- Piterpôlle -
- Simke Kloostermanstrjitte - Frysk skriuwster Simke Kloosterman
- Tsjerkebuorren -
- Tsjerkelân -
- Wedzebuorren - buorskip Wedzebuorren yn Twizel.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Haadplak: Bûtenpost | |
Doarpen en útbuorrens: Boelensloane • Droegeham • Gerkeskleaster • De Harkema • Koatstertille • Stynsgea • Strobos • Surhústerfean • Surhuzum • Twizel • Twizelerheide | |
Buorskippen: Blauforlaet • Blauhûs • Buwekleaster • Dykhuzen • Hamsherne • Koartwâld • De Koaten • Kûkherne (foar in part) • De Lêste Stoer • Lytsepost • Ophûs • Reahel • Reaskuorre • Surhuzumer Mieden |