Petrustsjerke (Twizel)

De Petrustsjerke is de tsjerke fan 'e Herfoarme gemeente fan Twizel yn 'e PKN-tsjerke.

Petrustsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Twizel
adres Tsjerkebuorren 15
koördinaten 53° 14' N 6° 06' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN (Herf. gemeente)
patroanhillige Petrus
Arsjitektuer
boujier 1692
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 7054
Webside
Side Protestanske Gemeente Twizel
Kaart
Petrustsjerke (Fryslân)
Petrustsjerke
 
Tekening fan de tsjerke neffens Stellingwerf

De tsjintwurdige Petrustsjerke mei in trijesidich koer datearret út 1692 en ferfong eartiids in âlder gebou út de 13e iuw. De diels noch út dowestien besteande toer is âlder en 13e iuwsk. De toer is yn 1787 foar in part op 'e nij boud en krige doe yn stee fan in spits in sealtek.[1] Oan 'e eastlike kant fan 'e toer is te sjen dat it dak fan 'e tsjerke ea heger west hat. Om 'e kosten fan 'e ferwaarming leech te hâlden krige de noarlike muorre gjin ramen.

Yn 'e midsiuwen foel Twizel ûnder de parochy fan Stynsgea. Troch in beskriuwing oer abt Sierd fan Hallum út 1245 is it bekend dat de tsjerke yn 'e katolike tiid oan Petrus wijd wie.

De tsjerke stiet op in fjouwer oant fiif meter hege terp út de tiid fan foar it kristenjen en hat eartiids in plak west dêr't heidenske riten útfierd waarden. Ut dy tiid stamt in balstien by de opgong fan 'e terp mei in ynbeitele krús. It wie doedestiids wênst om heidenske plakken fan krusen te foarsjen om it kristenjen fêst te lizzen.[2]

Yn 'e tsjerke stiet in 18e iuwske preekstoel, dy't foar 1925 fan 'e súdlike muorre nei it koer fan 'e tsjerke ferhûze. Ek yn 1925 waard de glês-yn-leadramen yn art deco styl ynbrocht. De saneamde Kloostermanbank foaroan yn 'e tsjerke datearret út de 18e iuw. Yn 'e muorre fan it koer binne twa sarken ynmitsele; mear sarken lizze ûnder de flier.[3]

It ynterieur waard yn 2014 restaurearre.

It oargel op 'e westlike galerij fan de Petrustsjerke waard yn 1905 boud troch de Ljouwerter oargelfirma Bakker & Timmenga.[4]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Middeleeuwse Kerken, Peter Karstkarel ISBN 978 90 330 0558 9
  2. Frysk Deiblêd
  3. Frysk Deiblêd
  4. Orgelsite