Achtkarspelen
Achtkarspelen | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() Winter op 'e romte by de Surhúster Mieden. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Achtkarspelen is in gemeente yn it easten fan Fryslân. Op 31 desimber 2018 hie dizze gemeente 27.896 ynwenners.[1]
PlakkenBewurkje
It haadplak is Bûtenpost en de oare plakken yn de gemeente binne: Boelensloane, Droegeham, Gerkeskleaster, de Harkema, Koatstertille, Stynsgea, Strobos, Surhústerfean, Surhuzum, Twizel en Twizelerheide.
SkiednisBewurkje
De namme Achtkarspelen wurdt foar it earst fermeld yn 1338 en ferwiist nei de acht oarspronklike karspels yn de gritenij, te witten: Stynsgea, Bûtenpost, Droegeham, De Koaten, Koartwâld, Lytsepost, Surhuzum en Twizel. Achtkarspelen naam lang in aparte plak yn Fryslân yn. Yn de Midsiuwen, oant 1559, hearde Achtkarspelen ta it bisdom Münster, wylst de rest fan Fryslân ûnderdiel wie fan it bisdom Utert.
De gritenij Achtkarspelen waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering fan de gemeentewet fan Thorbecke yn Nederlân.
EvenemintenBewurkje
It Konkoers Hippyk Bûtenpost is it grutste evenemint yn 'e gemeente en wurdt holden sûnt 1954. Yn 2018 fûn foar it earst de Feteranedei fan Achtkarspelen plak.
Sjoch ekBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|