De Fryske Marren (offisjeel Frysk; Nederlânsk: De Friese Meren) is in gemeente yn it suden fan Fryslân. It haadplak en grutste plak fan De Fryske Marren is De Jouwer. Oare gruttere plakken binne Balk, De Lemmer en Sint-Nyk. Ek de stêd Sleat heart by de gemeente, dy't in oerflak fan likernôch 560 km² hat (wêrfan 198 km² oan wetter). De Fryske Marren hat 51.938 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS).

De Fryske Marren

It gemeentehûs fan De Fryske Marren op 'e Jouwer.
flagge wapen

Wapen fan De Fryske Marren
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemaster Fred Veenstra (CDA)
sifers en geografy
haadplak De Jouwer
grutste plak De Jouwer
ynwennertal 51.938 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 142,5 / km²
oerflak 559,93 km²
● wêrfan lân 361,83 km²
● wêrfan wetter 198,1 km²
tal stêden 1
tal doarpen 50
ferkearsieren A6, A7, N354, N359, N924,
N927, N928
skiednis
oprjochte 2014
oant 1851 Gritenij Doanjewerstâl
Gritenij Gaasterlân
Gritenij Haskerlân
Grit. Himm. Aldefurd (diel)
Gritenij Lemsterlân
Gritenij Skoatterlân (diel)
Gemeente Sleat
Gritenij Utingeradiel (diel)
1851 – 1934 Gem. Doanjewerstâl
Gem. Gaasterlân
Gem. Haskerlân
Gem. Himm. Aldefurd (dl)
Gem. Lemsterlân
Gem. Skoatterlân (diel)
Gem. Sleat
Gem. Utingeradiel (diel)
1934 – 1984 Gem. Doanjewerstâl
Gem. Gaasterlân
Gem. Haskerlân
Gem. Himm. Aldefurd (dl)
Gem. Lemsterlân
Gem. Sleat
Gem. Utingeradiel (diel)
1984 – 2014 Gem. Gaasterlân-Sleat
Gem. Lemsterlân
Gem. Skarsterlân
Gem. Boarnsterhim (diel)
oar
netnûmer 0513, 0514, 0566
postkoade 8461–8544, 8556–8583
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.defriesemeren.nl

De Fryske Marren is ûntstien op 1 jannewaris 2014 troch in fúzje fan 'e eardere gemeenten Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân. Ek it doarp Terherne is op dyselde deis, by it opdoeken fan 'e gemeente Boarnsterhim, by De Fryske Marren kommen te hearren. De plakken Haskerdiken en Nijbrêge binne lykwols fan it eardere Skarsterlân oergien nei de gemeente It Hearrenfean.

 
Topografyske kaart fan gemeente De Fryske Marren.

De namme ferwiist nei de Fryske marren. De Nederlânske ferzje fan dizze namme, De Friese Meren, waard brûkt as wurknamme en ynearten ek as offisjele gemeentenamme. De gemeenterie hat it foech om 'e namme fan in gemeente te feroarjen, dat de wurknamme wie net definityf. Tagelyk mei de gemeenteriedsferkiezings is der in referindum holden. Bewenners mochten dêrby sels ek in namme yn tsjinje. Fan 'e ynwenners keas 42,4% foar de Nederlânske namme De Friese Meren, 41,6% foar de Fryske namme 'De Fryske Marren', 2,9% foar 'Marrelân' en 1,8% foar 'Sudergoa'.

Yn it koälysjeakkoard tusken FNP en CDA waard lykwols dochs besletten om foar de Fryske namme 'De Fryske Marren' te kiezen. De FNP wie by de gemeenteriedsferkiezings de grutste partij wurden en syn doel wie en kies foar in Fryske namme. Koälysjepartner CDA stimde dêrmei yn. De FNP ferdigenet syn stânpunt mei it argumint dat in mearderheid fan 'e befolking (53%) him yn it referindum útspriek foar in Fryske namme, wêrby't men de oare beide Fryske nammefoarstellen meirekkenet. Boppedat is de FNP de grutste partij wurden en stie dúdlik yn it partijprogram dat dy foar in Fryske namme wie.

De foarstelde nammeferoaring waard op 23 april 2014 troch de nij ynstelde gemeenterie bekrêftige mei 19 tsjin 12 stimmen en gie op 1 july 2015 yn. Der kaam wat opskuor tsjin de nammeferoaring. De benammen út ûndernimmers besteande stifting 'Vrienden van de Friese Meren'[1] fierden noch in efterhoedegefjocht tsjin wat neffens harren sizzen jildfergriemen wie, mar krigen har sin net.

Der binne 51 plakken yn de gemeente, wêrfan Sleat de iennichste stêd is.

Buorskippen yn De Fryske Marren
 
Langwar.
Marren en puollen yn De Fryske Marren
 
Tinkteken Jetze Veldstra, Ousterhaule.

De Fluezen, Goaiïngarypster Puollen, Grutte Brekken, De Holken, De Kûfurd, Langwarder Wielen, Aldhôf, Sleattemermar, Snitser Mar en Tsjûkemar hearre by de Fryske marren.

Kanalen en sleatten

bewurkje seksje

It besjen wurdich

bewurkje seksje

De gemeenteried fan De Fryske Marren bestiet út 31 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018:

partij ferkiezings 2018[2] ferkiezings 2022[3]
% sitten % sitten
CDA 23,8 8 18,8 6
FNP 20,0 7 20,5 7
VVD 12,7 4 11,0 4
PvdA 12,3 4 9,1 3
GrienLinks 8,5 2 8,0 2
D66 7,1 2 4,5 1
NCPN 6,3 2 4,9 1
KristenUny 5,6 1 4,1 1
BFM 3,7 1 5,5 2
KFM - - 9,5 3
FvD - - 4,1 1
ûnjildich & blanko 0,6 0,3
opkomst/totaal sitten 57,5% 31 57,7% 31

Gemeenteliet

bewurkje seksje

Yn septimber 2014 waard it gemeenteliet wrâldkundich makke. Skriuwer is Sieger Bijsterveld fan De Jouwer.

It is it lân dêr't ik grutsk op bin,
fan wetter bosk en greide.
It binn' ús eigen Fryske Marren,
it lân fan myn hert.
It is it plakje yn ús Fryslân,
it binn' De Fryske Marren!
It is it folk dêr't ik grutsk op bin,
de frjemden en de freonen,
bewenners fan De Fryske Marren,
it folk fan myn hert.
It binn' de minsken fan ús Fryslân,
en fan De Fryske Marren.
Bewenners fan De Fryske Marren,
it folk fan myn hert.
It is it plakje yn ús Fryslân,
it binn' De Fryske Marren.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. http://www.balkstercourant.nl/gemeentenieuws/19579/stichting-vrienden-van-de-friese-meren-in-actie-tegen-naamswijziging/
  2. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022, s. 27.
  3. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022, s. 27.

             Provinsje Fryslân
 
hjoeddeistige gemeenten

eardere gemeenten

Aenjewier (1851–1934)
Baarderadiel (1851–1984)
Barradiel (1851–1984)
It Bilt (1851–2018)
Boalsert (1455–2011)
Boarnsterhim (1984–2014)
Doanjewerstâl (1851–1984)
Dokkum (1298–1984)
Dongeradiel (1984–2019)
Drylts (1268–1984)

East-Dongeradiel (1851–1984)
Ferwerderadiel (1851–2019)
Frjentsjer (1374–1984)
(âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
(nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
Gaasterlân (1851–1984)
Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
Haskerlân (1851–1984)
Hylpen (1372–1984)
Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

Hinnaarderadiel (1851–1984)
Idaerderadiel (1851–1984)
Kollumerlân (1851–2019)
Lemsterlân (1851–2014)
Littenseradiel (1984–2018)
Ljouwerteradiel (1851–2018)
Menameradiel (1851–2018)
Nijefurd (1984–2011)
Raerderhim (1851–1984)
Skarsterlân (1984–2014)

Skoatterlân (1851–1934)
Sleat (1426–1984)
Snits (1292–2011)
Starum (1061–1984)
Utingeradiel (1851–1984)
Warkum (1399–1984)
West-Dongeradiel (1851–1984)
(âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
(nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
Wûnseradiel (1851–1984)


wizigje
 
De Fryske Marren
 
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
wizigje