De Ryster Feart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart foarme foar de gemeentlike weryndieling de grins tusken de eardere gemeentes Gaasterlân-Sleat en Nijefurd. De sleat rint fan Lyts Riis by de Ryster Bosk fan Riis nei it noardeasten. It wetter rint dan ûnder de N359 (Suderseewei) troch rjochting Koudum en makket dan daliks in bocht nei it noardwesten. Njonken de Suderseewei rint it wetter dan nei de Oardenwei en de Wâldbrêge út yn de Aldkarre as súdlik diel fan de Fluezen.

De famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg namen yn de 17e iuw it inisjatyf om in feart fan Riis nei Kolderwâlde te graven, de Schwartzenbergsleat. Sa krige it lângoed yn Riis ferbining mei De Fluezen. De sleat hie ferskate sydsleatten dy't dearûnen yn Riis. Ien dêrfan wie de Merdersleat. Dy gruttere sleat kaam troch de markes Rysterpoel, 't Wytwetter, de Merderpoel en de Kolk út by de Sudersee.

Letter waard de namme Schwartzenbergsleat feroare yn Ryster Feart. De namme Ryster Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Rijstervaart.

Keppeling om utens

bewurkje seksje