Gaasterlân-Sleat
Gaasterlân-Sleat (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Gaasterland-Sloten) is in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 novimber 2013 10.186 ynwenners,[1] en besloech in oerflak fan 209,34 km², wêrfan 114,1 km² wetter. De gemeente hie oan de súdkant in kust fan sânkliffen oan de Iselmar, en wie fierders foar in grut part boskgebiet. Troch de eardere gemeente rint de N359.
Gaasterlân-Sleat | |
---|---|
It âlde gemeentehûs fan Gaasterlân-Sleat yn Balk. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Gaasterlân-Sleat | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Balk |
grutste plak | Balk |
ynwennertal | 10.186 (2013) |
befolkingstichtens | 107,0 / km² |
oerflak | 209,34 km² |
● wêrfan lân | 95,24 km² |
● wêrfan wetter | 114,10 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 13 |
ferkearsieren | N359 |
skiednis | |
oprjochte | 1984 |
oant 1851 | Gritenij Gaasterlân Grit. Himm. Aldefurd (diel) Gemeente Sleat |
1851 – 1984 | Gem. Gaasterlân Gem. Himm. Aldefurd (dl) Gem. Sleat |
opheft | 2014 |
opgien yn | De Fryske Marren |
no part fan | De Fryske Marren |
oar | |
netnûmer | 0514 |
postkoade | 8556–8583 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.gaasterlan-sleat.nl |
Skiednis
bewurkje seksjeBy de gemeentlike weryndieling fan 1984 waarden oan de gemeenten Gaasterlân en Sleat mei in part fan 'e gemeente Himmelumer Aldefurd gearfoege. De nije gemeente brûkte yn 't earstoan de namme Gaasterlân, mar waard yn juny 1985 omneamd ta Gaasterlân-Sleat.
Op 1 jannewaris 2014 fúzjearre Gaasterlân-Sleat mei Lemsterlân en Skarsterlân, sadat de nije gemeente De Fryske Marren ûntstie.
Lânskip
bewurkje seksjeDe namme Gaasterlân komt fan de 'gaasten' (lykas 'geasten'), hege balstien- en sângrûnen, opskood troch Skandinavysk lâniis sa'n 135.000 jier ferlyn. Dizze gaasten lizze om it iepen polderlânskip fan de Fryske marren en de grutte wetterflakte fan de Iselmar en soargje foar in weagjend lânskip. Fan de heechlizzende punten ôf kin fier sjoen wurde oer lân en wetter. Fierders is der in soad bosk, wêrtroch't in geskikt rekreaasjelânskip ûntstie dat oars is as oare dielen fan Fryslân.
De rike histoarje falt ôf te lêzen oan de monumintale gebouwen mei hals- en trepkegevels yn Sleat en Balk. De buorren fan Balk is dan ek oanwiisd as beskerme doarpsgesicht en de tige âlde stedskearn fan Sleat is beskerme stedsgesicht. De festingwâlden en bolwurken bringe de tiid fan Sleat as ûnnimbere festing yn it ûnthâld.
Troch de Iselmar, Sleattemermar en De Fluezen binne der in soad jachthavens en kampings.
Plakken
bewurkje seksjeIt haadplak is Balk, en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldegea, Aldemardum, Bakhuzen, Ealahuzen, Harich, Kolderwâlde, Murns, Nijemardum, Riis, Rûgehuzen, Sleat, Sondel en Wikel.
Untwikkeling ynwennertal
bewurkje seksjeDe gemeente is 1 stêd en 13 doarpen ryk: Sleat mei 765 ynwenners (de lytste stêd fan Fryslân), Balk mei 3777 ynwenners (it bestjoerlik sintrum), Bakhuizen mei 1013 ynwenners, Ealahuzen mei 350 ynwenners, Harich mei 599 ynwenners, Kolderwâlde mei 68 ynwenners, Murns mei 113 ynwenners, Nijemardum mei 590 ynwenners, Aldegea mei 283 ynwenners, Aldemardum mei 1359 ynwenners, Riis mei 175 ynwenners, Rûgehuzen mei 126 ynwenners, Sondel mei 442 ynwenners en Wickel mei 690 ynwenners.(sifers 2009)
Sjoch ek
bewurkje seksje- Gaasterlân (krite)
- Gaasterlân (gemeente) (eardere gemeente oant 1984)
- List fan boargemasters fan Gaasterlân-Sleat
- Fryske doarpen
- Fryske gemeenten
- Fryske stêden
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
hjoeddeistige gemeenten | |
---|---|
eardere gemeenten | |
· · |