Aldemardum

Aldemardum
Himrik fan Aldemardum
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente De Friese Meren vlag.svg De Fryske Marren
Ynwenners (2021) 1.380 (2021)[1]
Koördinaten 52° 51' NB 5° 31'EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8567
Webstee oudemirdum.nl

Aldemardum is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren. It doarp leit yn it suden fan de gemeente oan de Iselmar. Oant 2014 hearde it doarp by de gemeente Gaasterlân-Sleat. It doarp hat likernôch 1.330 ynwenners. It doarp is by toeristen fral bekend om it Aldemardumer Klif.

PKN-tsjerke 'De Fontein'

SkiednisBewurkje

De namme Aldemardum wurdt foar it earst neamd yn 1329, mar de earste delsettingen bestienen al foar 850. Eartiids feroare de namme fan ‘Meretha’, yn ‘Merthen’, ‘Maerdum’, ‘Merthum’ en ‘Mirdum’ nei ‘Aldemardum’.

Troch de âlde doarpskearn mei in brink docht Aldemardum wat Drintsk oan. Dy âlde, let-midsiuwske, doarpskearn bestiet út De Brink, de tsjerke (in ryksmonumint) en de Alde Buorren. Yn de 19e iuw waard de doarpskearn útwreide mei de Jan Schotanuswei en de Tsjerkestrjitte, beide mei in pear âlde pleatsen en huzen oan beide kanten fan de dyk. Midden yn it doarp Aldemardum stiet ek doarpshûs "'t Klif".

 
Loftwachttoer

GeaBewurkje

Aldemardum leit yn Gaasterlân, wêr’t yn 2007 sa’n 20 dasseburchten yn te finen binne. Der binne ferskate 'dassetunneltjes' oanlein om it bist te beskermjen tsjin it ferkear. De das is ek de maskotte fan it besikerssintrum "Mar en Klif".

GebouwenBewurkje

  • "De Fontein": de protestantske tsjerke út 1790 mei brânskildere glês út 1790 fan Ype Staak
  • De "Boskerk" út 1933 is in tsjerke fan de Grifformearde Gemeenten. It is simmerdeis ien fan de drokst besochte tsjerken fan Gaasterlân mei sneins bytiden wol fjouwer tsjinsten. In grut part fan it tsjerkefolk binne toeristen, dy't op de kristlike kamping "De Verborgen Hoek" yn Harich fakânsje hawwe.[2]
  • Loftwachttoer - De toer waard yn 1953 op de heechste heuvel fan Gaasterlân boud as útsjochpost foar it Korps Loftwachttsjinst.

RiniastateBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Riniastate (Aldemardum).
 
Riniastate yn 2009

De Riniastate leit eastlik fan Aldemardum oan de Star Numanwei. It hûs is yn 1843 foar Geertruida Wilhelmina Godarda Johanna Rinia van Nauta (widdo Drieling) yn neoklassisistyske styl boud neffens in ûntwerp fan de Ljouwerter stedsarsjitekt Thomas Romein. It hat in moai ynterieur.

StiennenrûteBewurkje

 
Swerfstien fan Aldemardum

De Stiennenrûte is in rûte mei swerfstiennen út Skandinaavje dy't yn de foarlêste iistiid, 140.000 jier lyn, yn Gaasterlân komd binne. Se lizze op in soad plakken, as grins, as monumint of samar foar de pronk. Der lizze in soad op de hiemen mar der sitte noch folle mear yn de grûn. By tweintich stiennen binne ynformaasjebuordsjes deslet.

De MergelbultBewurkje

By it Aldemardumer Klif, en deirekreaaasjeterrein "De Hege Gerzen" leit midden yn in stik lân in bysûndere heuvel. Op de heuvel steane hagedoarnen; de heuvel wurdt yn de folksmûle "De Mergelbult" neamd. Dy bult is oerbleaun fan de mergelwinning, dy't hjir om 1900 wie. Mergel is in mingsel fan klaai en kalk en kin as kalkdongstof brûkt wurde op lânbougrûn. It bysûndere heuveltsje is de stoartbult fan dizze graverij út ± 1900.

MienskipBewurkje

It doarpskrantsje hjit "It Pompeblêd"

TsjerkenBewurkje

FerieningsBewurkje

BefolkingsferrinBewurkje

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2007 2021
Ynwenners 1.013 882 862 842 928 1.330 1.380

FerskaatBewurkje

  • Der bestiet ek in DVD oer Aldemardum. Dêrop binne in soad ynwenners út de njoggentiger jierren te sjen. De DVD is makke by it 75-jierrich bestean fan Pleatslik Belang yn 1996. Ek bylden fan it doarp en omkriten binne derop te sjen.
  • It Aldemardumer Klif is ek de muoite wurdich. It besikerssintrum Mar en Klif jout ynformaasje oer it gea, de omjouwing en de kultuer fan it gebiet.
  • De Hege Gerzen - In populêre lokaasje foar strânleafhawwers en surfers.

Strjitten yn AldemardumBewurkje

Alle strjitten yn Aldemardum.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente De Fryske Marren
 
Haadplak: De Jouwer    Stêd: Sleat

Doarpen en útbuorrens: AldeouwerAldehaskeAldegeaAldemardumBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDolsterhuzenDikenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel

Buorskippen: BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part) • SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich