Jiskenhuzen
Jiskenhuzen | |
---|---|
![]() | |
gemeente | De Fryske Marren |
Gritenij | Doanjewerstâl |
Stimmen | 13 |
Ynwenners (2004) | 438 |
Huzen | {{{huzen}}} |
Koördinaten | 52° 55' NB, 5° 42' EL |
Netnûmer | 0513 |
Postkoade | 8523 |
Webstee | {{{webstee}}} |
Jiskenhuzen is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, west fan Sint Nyk. It doarp hat likernôch 438 ynwenners (2006).
De namme Jiskenhuzen is mooglik ôflaat fan in man mei de namme Idske, mooglik in famyljelid fan de Galama's.
TsjerkeBewurkje
Oant 1936 stie de herfoarme tsjerke fan Jiskenhuzen in ein bûten it doarp, midden tusken de kij en de greiden. It tsjerkje is yn 1936 ôfbrutsen fanwege de minne staat fan it gebou. Oait hawwe der wol mear gebouwen om hinne stien. Der wurdt sein dat der yn Jiskenhuzen in grutte brân west hat, dy’t in grut oantal gebouwen yn de jiske lein hat. Wêrûnder de huzen rûnom it tsjerkje. Yn de earste helte fan de foarrige iuw fûn de boer in soad stiennen en dakpannen yn de grûn.
De eardere herfoarme tsjerke is omboud ta sylskoalle
MienskipBewurkje
It doarpshûs hjit De Stjelp.
BefolkingBewurkje
FerieningsBewurkje
- CMV Crescendo - Fanfare-orkest
- Tegenwind - shantykoar
- Fuotbalferiening VVI
BerneBewurkje
- Thea Sybesma (1960), triatlete en duatlete, is berne yn Jiskenhuzen
- Egbert Douwes, grûnlizzer fan de kofjehannel "De witte os" dy't letter útgroeie soe ta it kofje- en teekonsern Douwe Egberts, is hjir berne.
StrjittenBewurkje
- Bramerstrjitte - G. Bramer wie fan 1868-1874 grifformeard dûmny yn Jiskenhuzen. hy rjochte de jongeling- en jonge fammeferiening op. Syn frou stifte in sneinsskoalle.
- De Greiden - stik lân foar fee
- De Ikkers - boulân of stik boulân tusken twa fuorgen.
- Dwersryd - Yn de 16 iuw wie hjir in ryd (wetter). Der is útsteld dat Holle Ryd in bettere namme west hie, nei de holle grûn dêr't eartiids it wetter op stie.
- It Boerein -
- Lytse Buorren - sydstrjitte fan de Buorren
- Lytse Mar - dyk nei it 'Lytse Marke' in oare namme foar Jiskenhúster Mar. It rekreaasjeterrein dêr hjit ek de Lytse Mar.
- Mastersein - útein fan it doarp dêr't it skoalmastershûs stie. De steatsskoalle is yn 1934 opheft. De measte bern gienen nei ien fan de beide skoallen (oprjochte 1891 en 1923) oan de Noed.
- Noed - dyk tusken Jiskenhuzen en Sint Nyk. Waard ek wol Doarpwyk of Poelwyk neamd. Noed is in stik lân dat ekstra noed freget omdat it sa sompich is.
- Stripedyk - nei de smelle stripe lân dat der neist lei.
- Troelstrawei - nei sosjalistysk foaroanman en Frysk skriuwer Piter Jelles Troelstra.
- Tsjerkewei - de grifformearde tsjerke dy't yn 1885-1886 boud waard en yn 1920 ferboud.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |