Ychtenbrêge
Ychtenbrêge | |
---|---|
![]() | |
gemeente | De Fryske Marren |
Gritenij | {{{gritenij}}} |
Stimmen | {{{stimmen}}} |
Ynwenners (2004) | 500 |
Huzen | {{{huzen}}} |
Koördinaten | 52° 52' NB, 5° 49' EL |
Netnûmer | 0514 |
Postkoade | 8539 |
Webstee | www.echtenerbrug.info |
Ychtenbrêge is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, earder Lemsterlân, oan de súdeastkant fan de Tsjûkemar. It doarp hat likernôch 500 ynwenners (2004).
Ychtenbrêge foarmet tegearre mei Dolsterhuzen oan de oare kant fan de Pier Christiaanbrêge, ien wenkearn. It doarp is opdield rekke trochdat oant 1984 de gemeentegrins mei Haskerlân troch de Pier Christiaanssleat rûn. Ychtenbrêge is nei De Lemmer it twadde doarp yn de gemeente dêr't toerisme in grutte rol spilet. De Pier Christiaansleat dy't troch de buorren en troch Dolsterhuzen rint is ek in toeristysk farwetter. Dy foarmet de ferbining tusken yn it suden de Kop fan Oerisel mei de Weerribben en nei it noarden jout it ferbining mei de Fryske marren.
Yn Ychtenbrêge en Dolsterhuzen binne ferskate jachthavens en campings. Yn Ychtenbrêge: Jachthaven de Meerkoet, De Merenpoort en Turfskip; yn Dolsterhuzen Oan 'e Tsjûkemar en de lisplakken fan Pleatslik Belang. Yn Dolsterhuzen steane ek twa hotels, hotel Tsjongerfallei yn it eardere molkfabryk en hotel "De Tsjûkemar" in pear kilometer bûten de buorren. Dêrneist binne by in soad pleatsen bûten it doarp ek miny-campings.
ItenBewurkje
Ychtenbrêge en Dolsterhuzen hawwe as ytgelegenheden:
- Kafee de Fryske Pub
- Ytkafee de Dikke Tút
- Hotel-restaurant Tsjongerfallei
- Snackbar Smuldorado
Op tongersdei en sneon is der in pizzawein foar it ôfheljen fan pizza's en geregeld komt der in fiskkream.
AktiviteitenBewurkje
De ûndernimmersferiening Ychtenbrêge e.o. organisearret alle jierren yn de simmermoannen de "Dolle Donderdagen". Op de tongersdeitejûnen wurdt dan wat op of om de brêge en it wetter organisearre, lykas sekslaan, kanoracen, live muzyk. By Ychtenbrêge is ek altyd in wedstryd fan it IFKS skûtsjesilen. Fierders binne der braderyen, muzyk op it wetter en muzyk yn de feesthal by De Merenpoort bv.
De jierlikse feestwike yn Ychtenbrêge is yn de twadde wike fan septimber. Dêr hawwe al in soad bekende Nederlânske bands stien: BZN, De Dijk, De Kast, Normaal, Pappa di Grazzi en Nick & Simon.
Iepenbier FerfierBewurkje
- Line 48: It Hearrenfean - Rottum - Sint Jansgea - Rotsterhaule - Reahel - Fjouwerhûs - Dolsterhuzen - Ychtenbrêge - Ychten - Eastersee - De Lemmer vv.
StrjittenBewurkje
Baggelaar, De Bûgel, De Kempenaerswei, De Petten, De Roede, De Splitting, De Feanskieding, Duimstrjitte, Hellingpaad, It Trek, Haadwei, Klynsmafeart, Koopmanwei, Kromme Warren, Krompaad, Suster Jacobsstrjitte, Turfkade, .