Ousterhaule
Ousterhaule | |
---|---|
![]() | |
gemeente | De Fryske Marren |
Gritenij | Doanjewerstâl |
Stimmen | 29 |
Ynwenners (2004) | 300 |
Huzen | {{{huzen}}} |
Koördinaten | 52° 56' NB, 5° 48' EL |
Netnûmer | 0513 |
Postkoade | 8513 |
Webstee | {{{webstee}}} |
Ousterhaule is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súd fan De Jouwer. It doarp hat likernôch 300 ynwenners (2004). De naam ferwiist nei ouwer en hichte ("haule"). It plak hiet foar de oarloch “Oosterhaule”.
Ut it oarspronklike âlde dorp (Oldeouwer) is it nije stifte, Ouwster-Nijega, en is ek de haule (hichte) fan de Ouwer bewenber makke: Ousterhaule. It foarmet mei Aldeouwer en Ouster-Nijegea it Ouster Trijegea, feitlik in trijelingdoarp. It blykt bygelyks út in mienskiplike basisskoalle "Trijegeaster Honk". Yn 1741 waard hjir troch de ynset fan de aadlike Vegelin de Trijegeasterpolder oanlein. De nijbouwyk hjit Wolsmastate.
TsjerkeBewurkje
It doarp hat in oarspronklik midsiuwsk tsjerkje, dat yn de 20e iuw ommitsele waard. De grutte houten geveltoer fan de Tsjerke fan Ousterhaule is beklaaid mei lead.
MienskipBewurkje
It doarp hat mei Ouwster-Nijega en Oldeouwer ien feriening foar Pleatslik Belang. Omdat de feriening yn 2010 hûndert jier bestie, en de skoalle 175 jier, waard in jubileumboek útjûn.
BefolkingBewurkje
FerieningenBewurkje
- Excelsior - muzyk
FerskaatBewurkje
- Sûnt 2003 sit yn Ousterhaule it Frysk Iepenbier Ferfier Museum.
StrjittenBewurkje
- Haulstersingel - boskpaad tusken de Haulsterwei en De Wâldfinnen (Hollandiastrjitte).
- Hearenwei - nei in net mei namme neamde feanbaas dy't de dyk oanlizze liet.
- J Veldstrawei - Jetze Veldstra (1886-1945) wie in boer yn Ousterhaule. Hy wie in yllegale wurker yn de Twadde Wrâldoarloch dy't yn 1945 stoar yn it strafkamp Neuengamme. Ousterhaule hat sûnt 1950 in stânbyld foar him. De wei rint lâns de klokkestoel.
- Marwei - dyk nei de Tsjûkemar.
- Stinsewei - dyk nei de stins fan Wolsma State.
- Wolsmastate - Wolsma State stie hjir ± 1550 stie. It hie it ienige kanon fan de omlizzende gritenijen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |