Sniksweach

Sniksweach
Himrik fan Sniksweach
gemeente De Fryske Marren
Gritenij Haskerlân
Stimmen 19
Ynwenners (2004) 60
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 58' NB, 5° 47' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8505
Webstee {{{webstee}}}

Sniksweach is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, noard fan de Jouwer oan de dyk nei Terherne. It doarp hat likernôch 60 ynwenners (2004). De namme is te ferklearjen troch snik: punt en sweach:leechlizzende greide, greide yn puntfoarm dus. It wie greide fan de Eagmaripers; yn de 14e iuw wurdt it gebiet dan ek wol Ackomrypraswagh neamd.

Mei Nijehaske, Aldehaske, Haskerhoarne en Westermar makke it diel út fan iet âlde gebiet Hasker Fiifgea, en is it ien fan de âldere delsettingen fan de eardere gemeente Haskerlân. De gritenijkaart fan Schotanus (1718) biedt it betiidste byld fan Sniksweach. De Swaag Manne Vaart, letter de Sniksweachster Feart neamd, rûn súdwestlik by in lyts oantal pleatsen lâns en joech likegoed nei it noarden as nei it suden, ûntslutingen oer it wetter.Efter de bebouwing rûn in paad wêr’t de tsjerke mei tsjerkhou oan lei. Op it begraafplak stiet ek ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân út 1896 dy't noch brûkt wurdt by begraffenissen. Eigener is de gemeente Skarsterlân.

FerskaatBewurkje

  • Besuden Sniksweach lizze noch petgatten as oerbliuwsel fan de turfgraverij.
  • Oant de santiger jierren fan de 20e iuw stie yn Sniksweach ter hichte fan de red nei De Graverij in gersdrûgerij.
  • Yn Sniksweach is in camping, De Zwagemer.
  • Yn De Graverij is in Earrebarredoarp
  • Doe't de alliearden yn de Twadde Wrâldoarloch de slûzen by Terherne bombardearden rekke ien fleantúch oansketten. It smiet syn bommen ôf by de Graverij mar stoarte del by Follegea. Ien fan de bommen ûntplofte net mar siet in hiel ein de grûn yn. Ein fan de simmer 2009 sil besocht wurde dizze bom út de grûn te heljen en ûnskealik te meitsjen.

BefolkingBewurkje

StrjittenBewurkje

  • Graverij - nei de tusrfôfgravingen dêr't de petgatten troch ûntstien binne.
  • Langedyk - wetterskieding Eagmarypster Polder en it bûtlân. De earste dtyk fan De Jouwer nei Terkaple hie in soad bochten. De nije dyk is rjochter en liket sa langer.
  • Ljouwerterdyk - wei fan De Jouwer nei Ljouwert, rint no bûten it doarp om.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente De Fryske Marren
 
Haadplak: De Jouwer    Stêd: Sleat

Doarpen en útbuorrens: AldeouwerAldehaskeAldegeaAldemardumBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDolsterhuzenDikenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel

Buorskippen: BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part) • SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich