Diken
Himrik fan Diken
gemeente De Fryske Marren
Gritenij Doanjewerstâl
Stimmen 32
Ynwenners (2004) 70
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 56' NB, 5° 42' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8528
Webstee {{{webstee}}}

Diken is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, oan de eastkant fan De Kûfurd. It doarp hat likernôch 70 ynwenners (2004). It leit west fan Langwar en eastlik fan De Kûfurd. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Diken diel út fan de eardere gemeente Doanjawerstal. It doarpke is oarspronklik in boerestreek oan de eastkant fan De Kûfurd, mei in stik of wat opfearten en liket oerflakkich besjoen in útbuorren fan Langwar. Alde kaarten litte lykwols sjen dat de histoarje fan it âlde streekdoarpke ‘binnen de diken’ wol wat yngewikkelder west hawwe moat. ‘Inde Dycken’ (1664), in heale iuw letter ‘De Dyken’ neamd en no dus Diken, hie har eigen himrik, dy 't neffens W.T. van der Leij rûn oant de westkant fan De Kûfurd. Dat wiist op de ûntginningsskiednis en in relaasje mei Smelbrêge tichtby Wâldsein. De Kûfurd wie trouwens wol sa ûndjip dat fee en feedriuwers der trochhinne wâdzje koenen. No farre in soad boaten fan De Lemmer oer De Kûfurd nei de Fryske marren. De bebouwing oan de westkant fan De Kûfurd krige nei de oarloch in nije doarpsnamme: Koufurderrige.

Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân.

MienskipBewurkje

 
Klokkestoel

Bekende ynwennersBewurkje

  • Ed Nijpels - kommissaris fan de keninginne fan Fryslân.

BefolkingBewurkje

Sjoch ekBewurkje

 
Plakken yn de gemeente De Fryske Marren
 
Haadplak: De Jouwer    Stêd: Sleat

Doarpen en útbuorrens: AldeouwerAldehaskeAldegeaAldemardumBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDolsterhuzenDikenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel

Buorskippen: BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part) • SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich